Wim van der Veer Zolderschatten
Wim van der Veer Zolderschatten is een fraai boek met schilderijen van deze Leeuwarder schilder. De uitgave verschijnt naar aanleiding van de 85ste verjaardag van Wim van der Veer, met tekst van Dirk van Ginkel en heel veel foto’s.   Meer informatie over Zolderschatten    
20.00 Toevoegen aan winkelwagen
Klaas Ybema – Bern op ‘e romte
Klaas Ybema (1955), waarman te Workum, hat in Fryske ferhalebondel skreaun oer syn eigen bernejierren. It plak fan hanneling is ‘Pankoeken’, in buorskipke fan in pear pleatsen tusken Wytmarsum en Hichtum, mar oeral fier fan ôf. Hoe wie it doe yn ‘e sechstiger jierren om sa grut te wurden op dy ienlike pleats, dêr’t earst noch gjin stroom en wetterlieding wie? De ferhalen geane oer it libben op dy pleats fan in grifformearde húshâlding yn in ferpyldere mienskip. It boerewurk, de skoalle, de feestdagen, de fakânsjes, de deistige dingen. It kin net oars of hûnderten minsken fan deselde leeftiid dy’t sa grut wurden binne, sille dat werkenne. Foar oaren dy’t letter of ûnder oare omstannichheden opgroeiden giet in aparte wrâld iepen.   mear ynformaasje oer Bern op ‘e romte  
17.50 Toevoegen aan winkelwagen
H.H. ter Balkt – Jij, laatste rebel! / Do, lêste rebel! (Fryske oersetting Abe de Vries)
H.H. ter Balkt (1938-2015) wie de ‘boeredichter’ fan Nederlân. Abe de Vries makke in kar út syn poëzij wêrby't er keas foar in seleksje dy't benammen de bân fan de dichter mei it plattelânslibben sichtber makket. Yn Jij, laatste rebel! / Do, lêste rebel! stean no 45 fan Ter Balkts meast ierdske, hoekige, tsjinakseljende fersen yn skitterjend Frysk.   Mear ynformaasje oer Jij, laatste rebel / Do, lêste rebel    
17.50 Toevoegen aan winkelwagen
Abe de Vries – Bloedprikke
Abe de Vries (1965, Winaam) jildt as ien fan de belangrykste Fryske dichters fan de 21e ieu. Foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004) krige er yn 2005 al de prestisjeuze Gysbert Japicxpriis. Bloedprikke is syn 11e dichtbondel en yn dy bondel binne bloedprikke en poëzij skriuwe synonimen: beide kearen giet it om in pynlik útsykjen fan jins ferhâlding ta de wrâld. ‘Wat in taalmacht, wat in rykdom, wat in gefoel!’, skreau emearitus-heechlearaar Fryske taal en letterkunde Goffe Jensma oer Bloedprikke.   UTFERKOCHT   Mear ynformaasje oer Bloedprikke    
17.50 Lees meer
F. Springer – Wat stiller wat better (oers. J.P. Dykstra)
Haadpersoan yn Wat stiller wat better, ‘in sjoernaal’, is de Nederlânske bestjoersamtner Leen Dekker dy 't sûnder mis likenis fertoant mei de skriuwer. Dekker folget yn syn distrikt in amtner op dy 't fuortstjoerd is nei 't er in Papoea mishannele hat. It ferhaal spilet him ôf op it momint dat der yn Nederlânsk Nij-Guinea ferset is tsjin it Nederlânske bestjoer en ek noch ûnderlinge rivaliteit tusken de Papoea-stammen. It hantsjefol plysjeminsken yn it distrikt kin dat allegear net oan en de situaasje wurdt foar it Nederlânske bestjoer ûnhâldber. Dêrneist spylje de ûnderlinge ferhâldingen tusken de Nederlanners in rol, lykas de leafde.   Mear ynformaasje oer Wat stiller wat better.    
17.50 Toevoegen aan winkelwagen
Naar gelang het Noorden
Dit boekje bevat een interessant overzicht van en een kleine bloemlezing uit het werk van tien belangrijke Friese dichters in de 21e eeuw / Dit boekje jout in nijsgjirrich oersjoch fan en in lytse twatalige blomlêzing út it wurk fan tsien wichtige Fryske dichters fan de 21 iuw.
12.50 Toevoegen aan winkelwagen
Waling Dykstra – De winskhoed fan Fortunatus
Waling Dykstra (1821-1914) wie de belangrykste realistyske Fryske skriuwer fan de njoggentjinde iuw. Syn betide ferhalesyklus ‘De Winskhoed fan Fortunatus’ út de earste helte fan de fyftiger jierren wurdt mei dizze twatalige útjefte foar it earst yn boekfoarm publisearre. Dykstra lit syn alter ego Japik Japiks ûnder it Fryske doarpsfolk op syk gean nei de ‘condition humaine’. Ungemurken beharket er harren petearen, hy weeft ôf mei de romantyk en jout as skriuwer krityk en advys foar in better, lokkiger libben. Literatuuronderzoeker Abe de Vries brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk. Waling Dijkstra (1821-1914) was de belangrijkste realistische Friese schrijver van de negentiende eeuw. Zijn vroege verhalencyclus ‘De Wenshoed van Fortunatus’ uit de eerste helft van de jaren vijftig wordt met deze tweetalige uitgave voor het eerst in boekvorm gepubliceerd. Dijkstra laat zijn alter ego Japik Japiks onder het Friese dorpsvolk op zoek gaan naar de ‘condition humaine’. Ongemerkt luistert hij hun gesprekken af, hij rekent af met de romantiek en geeft als schrijver kritiek en advies voor een beter, gelukkiger leven. Literatuuronderzoeker Abe de Vries bracht de verhalen in een licht gemoderniseerde Friese spelling bij elkaar en verzorgde tevens de vertaling naar het Nederlands en een inleiding op het werk.   Mear ynformaasje oer De winskhoed fan Fortunatus  
19.95 Toevoegen aan winkelwagen
Eeltsje Hettinga – Te pearde/ Te peerde – útferkocht

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing Te pearde–Te peerde gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by.

  Meer informatie over Te pearde – Te peerde  
Lees meer
Kom en Sjong (lieten sammele en bewurke troch Hindrik van der Meer)

In sjongbondel, gearstald troch Hindrik van der Meer dêr’t er eigen en oarmans wurk yn opnaam mei sawol tekst as muzyknotaasje. 136 lieten, foar it grutste part mearstemmig, mar ek ienstimmige lieten mei akkoardoantsjutting, in stikmannich kanons en in pear … Vervolgd

20.00 Toevoegen aan winkelwagen
John Steinbeck – Oer mûzen en mannen (Fryske oersetting Jan Pieter Dykstra Hzn.)

John Steinbeck (1902-1968) is ien fan de grutste Amerikaanske skriuwers fan de 20e iuw. Yn 1962 waard him de Nobelpriis foar Literatuer taskikt. Oer Mûzen en Mannen – publisearre yn 1937 as Of Mice and Men – wie oarspronklik skreaun as toanielstik. … Vervolgd

17.50 Toevoegen aan winkelwagen
Klaas Werumeus Buning – No sa
Dit boek, geschreven door Sabine van den Berg en Jan Pieter Dykstra Hzn, geeft een beeld van het oeuvre van de in Pietersbierum wonende en werkende kunstenaar die oorspronkelijk uit Workum komt. Uiteraard is er veel beeldmateriaal te vinden in dit lijvige boekwerk.   Dit boek, skreaun troch Sabine van den Berg en Jan Pieter Dykstra Hzn., jout ynsjoch yn it tal wurken dat dizze yn Pietersbierum wenjende keunstskilder oant no ta makke hat. Fansels binne in protte fan syn wurken ôfprinte yn dit boek.   Mear ynformaasje oer Klaas Werumeus Buning - No sa
22.50 Toevoegen aan winkelwagen
Ids de Roos – Ska(r)l. Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke – útferkocht
Ids de Roos (1954) is berne yn Skarl, al sizze de minsken dêr Skal. Hy ferliet it doarpke doe 't er achtien wie, mar hat Skarl noait helendal loslitte kinnen. In soad dingen steane him noch helder foar de geast: de feekeapman, in skoalmaat dy’t wilsterflapper wurde moast, it ferhaal fan syn heit oer de koppige fiskerman Sjouke Bot en in soad doarpstypes lykas kleanmakker Klaas Snider of turfskipper Jabik Minses. De Roos bringt dat alles ta libben yn in tal ferhalen. Foto’s stypje de tige lêsbare ferhalen, dy’t foar it grutste part earder ferskynd binne yn de Warnser Poarte, de doarpskrante.   UTFERKOCHT   Mear ynformaasje oer Ska(r)l. Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke
Lees meer