Boekpresintaasje 8 juny 2024 yn Skettens

Op sneon 8 juny wie yn Skettens de boekpresintaasje fan it Fryske ferhaleboek Bern op ‘e romte fan Klaas Ybema, âld-ierdrykskundelearaar en waarman. It binne somtiden smoute ferhalen lykas haadstik 10 oer ‘Húsdieren en (oar) ûnrant’; de titel seit al in soad oer dat tige humoristyske ferhaal. Der steane mear fan sokke humoristyske ferhalen yn Bern op ‘e romte. Nim bygelyks it slot fan it ferhaal ‘Ite’ dat Klaas foarlies by de boekpresintaasje yn Skettens. Hiel smaaklik beskriuwt er dêryn it gekletter fan de leppels op ‘e buorden nei ‘t de ierappels mei sjú neatige binne. Dat boerd moast nammentlik goed skjin wêze om foar te kommen dat der sjúresten komme soene yn de yochert dy ‘t as neigesetsje op itselde boerd kaam as de ierappels.

Oare ferhalen binne soms wat beskôgjender fan aard, soms sels oandwaanlik, mar altyd libben beskreaun. En byinoar jouwe se yn gronologyske folchoarder it libben en de ûntwikkeling wer fan in wat dimmen jonkje op in pleats op it Fryske plattelân fier fan de bewenne wrâld. Gjin anonym plattelân, de pleats bestiet noch altyd en is oan te wizen: ‘Pankoeken’, earne tusken Wytmarsum en Hichtum. ‘Op Pankoeken’ hat lange tiid ek de wurktitel west fan it boek dat as titel krije soe: Bern op ‘e romte. Op in kaart fan it kadaster út 1960 foaryn it boek stiet ‘Pankoeken’ dan ek kreas oanjûn, lykas op in kadasterkaart út 2024 efteryn it boek.

Kadasterkaart 2024

Klaas Ybema wie trije yn 1958 en syn earste oantinkens gean, holpen troch in âldere broer en sus, werom oant dy tiid. Yn 1969 ferhuze de húshâlding Ybema van Pankoeken nei Skettens. Krekt dy perioade op Pankoeken te beskriuwen wie it doel fan de auteur. Ybema wist, doe’t útjouwer Hille Faber him by de boekpresintaasje frege om in ferfolch op dizze perioade te skriuwen, dan ek grif: sa’n ferfolch komt der net, want de tiid op Pankoeken wie sa spesjaal, dat neat oars dêroan tippe kin.

“Hoe wie it libben fan in jonkje yn in grifformearde húshâlding op in fiere pleats yn de sechstiger jierren?” Dat wie ien fan de fragen wêrop ‘t Klaas Ybema foar himsels it antwurd socht, doe ‘t er oan it skriuwen fan dizze ferhalen begûn. Oan syn neiste sibben liet er dy ferhalen wol lêze, mar mear wie net de bedoeling. Oant de komst fan pakesizzer Hester har oankundige, sa sei Klaas by de presintaasje. Doe begûn it ta him troch te kringen hoe bysûnder oft syn libben op dy pleats sa bûtenút west hie, eat wat oaren, lykas syn pakesizzer, noait begripe kinne soene. Of it moast sa wêze dat er dat dus goed fertelle soe.

En dat docht Klaas Ybema yn de 45 Fryske ferhalen dy ‘t yn de bondel Bern op ‘e romte bedarre binne. Nei lang hiftsjen en skiftsjen, skaven en skjirjen foaral ek, op folchoarder sette, slagget de auteur deryn om in hiel soad fasetten fan it libben fan de jonge Klaas op Pankoeken te beskriuwen. De ferhalen gean oer de pleats sels, it wurk op de pleats, húsdieren, winterwaar, oer de sneon en de snein, oer nei skoalle gean en feestdagen. Dat alles beskriuwt de auteur mei de wittenskip en it relativearringsfermogen fan de man dy ‘t er wurden is, mar tagelyk mei it gefoel fan it jonkje fan doe. En mei in kostlike miks fan humor en earnst.

Klaas Ybema lústeret nei Henk Dijkstra

Op de boekpresintaasje yn it tsjerkje fan Skettens wiene sa ‘n tachtich minsken ôfkaam. Dy harken net allinnich nei Klaas Ybema sels, mar ek nei in tapaslik praatsje fan Henk Dijkstra. Dijkstra wie fyftjin jier direkteur fan it Fries Landbouwmuseum, die ûnder oare ûndersyk nei regionale skiednis en is sels ek boeresoan. Yn syn praatsje wist Dijkstra hiel moai de persoanlike ferhalen fan Klaas Ybema op Pankoeken te pleatsen yn in breder ferbân fan grutte feroaringen op it mêd fan de lânbou.

Yn koart bestek sketste er bygelyks it lânboubelied fan lânbouminister Mansholt yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Om de itensproduktiviteit te ferheegjen sette Mansholt ûnder oare yn op skaalfergrutting en it brûken fan masines. Ybema beskriuwt yn haadstik 9 (‘Yn ‘e skuorre’) dan ek hoe ’t in âld hynder net ferfongen wurdt troch in nij hynder, mar troch in trekker. Ynearsten waard dy trekker – in blauwe Ford Dexta 2000 – noch dield mei in omke yn Allingawier, mar dat bliek net handich te wêzen, want “as it heawaar wie op Pankoeken skynde de sinne ek yn Allingawier, dat in jier letter waard der in gloednije twadde trekker oantúgd.”

It earste eksimplaar fan Bern ‘ op ‘e romte oerlange Klaas Ybema oan syn soan Jan, al makke Klaas wol dúdlik dat it eksimplaar eins bedoeld wie foar pakesizzer Hester. Dy lei, lyts as se wie, lykwols lekker te sliepen yn ‘e bernewein. En, sa sei Klaas, it wie dúdlik ek de bedoeling dat Jan de ferhalen út it boek foarlêzen soe oan dochter Hester sadree ‘t dy der âld genôch foar wêze soe. Jan Ybema ripostearre dêrop dat er der eins fan útgong dat pake de ferhalen sels wol foarlêze soe oan syn pakesizzer.

De muzyk op dizze boekpresintaasje waard fersoarge troch it frouljuskwartet Zarabanda. Dat kwartet spile doe’t de gasten de tsjerke yn kamen, tusken de ferskate ûnderdielen fan de presintaasje en ek wer doe ‘t de oanwêzigen de tsjerke ferlieten om kofje te drinken yn it doarpshûs fan Skettens. Dêr die bliken dat de animearre presintaasje de oanwêzigen dúdlik oanset hie ta it oanskaffen fan it boek. De útjouwer rekke op dizze middei hiel wat eksimplaren fan Bern op ‘e romte kwyt! De fraaie foarmjouwing troch Johan Bouwhuis en de ôfbylding fan de pleats op de foarkant, skildere troch sus Dussy Ybema, sil dêr ek grif oan bydroegen hawwe.

Wa ‘t trouwens Klaas Ybema sels foarlêze hearre wol, kin terjochte by de podcast ‘Bern op ‘e romte’. Dêryn lêst de auteur fiif fan de 45 ferhalen foar, nammentlik ‘Hoe’t it begûn’, ‘Wetter en ôffal’, ‘Yn ‘e skuorre’, ‘Húsdieren en (oar) ûnrant’ en ‘Ald en Nij’. Te belústerjen fia Spotify.


Fotoreportaazje fan de boekpresintaasje (foto’s Jan de Jager)

Fraachpetear yn Friesch Dagblad 10-6-2024

Ferslach fan de boekpresintaasje yn Workumer krant Friso

Boekpresintaasje Bern op ’e romte

Ofrûne sneontemiddei wie de boekpresintaasje fan Klaas Ybema syn nije boek “Bern op ’e romte” yn de tsjerke fan Skettens. It wie smûk sitten yn de tsjerke want bûten wie it kâld, der stie in kâlde wyn en der wiene driigjende loften. Neffens waarman Klaas Ybema wie it moai jierren sechstich waar, hiel tapaslik foar syn boek oer Pankoeken.By it binnen kommen wie der muzyk fan it kwartet Zarabanda (fjouwer froulju wêrûnder Klaas syn frou Wypkjen Dykstra). Tusken alle plechtichheden dy middeis soargen hja foar de muzikale bydrage foar dizze middei en der moat sein wurde: hja diene dat treflik.

Om goed trije oere koe Jelle van der Meulen fan Utjouwerij DeRyp in lytse 90 minsken (de tsjerke wie sa goed as fol) wolkom hjitte. It publyk bestie foar in part út famylje, âld buorlju, boekskriuwers, minsken út it ûnderwiis (kollega’s), fansels wiene der ek ynwenners fan Skettens en Wytmarsum,  boekstipers en stikelstekkers. Jelle van der Meulen makke dúdlik dat dit boek fan Ybema gjin ferhaaltsjeskriuwerij wie, mar hearde ta de literatuer. Hy sei ta dat er hjir op weromkomme soe,sadwaande wachtsje wy de nijste BREK mar moai ôf.

Doe wie Henk Dijkstra oan bar, nee net de Warkumer H.D. mar de âld direkteur fan it Frysk Lanbouwmuseum te Goutum. Dijkstra hat yn it koart ferslach dien oer de ûntwikkeling fan de lânbou yn de jierren 50/60, it tiidrek dêr’t Klaas Ybema syn boek oer giet. Wolno, dy feroaring hat yn dy 25 jier nea sa grut west as doe, it wie de tiid fan Mansholt. Dat wat dat oangiet is it boek “Bern op’e romte” fan ûnskatbere wearde om’t we yn dat boek op ’e drompel stean fan dy omslach yn de agraryske sektor.

Doe wie it wurd oan de skriuwer sels. Klaas Ybema fertelde dat er in earlik byld sketse woe fan it libben as bern op in pleats op de romte. “It is”, sa sei er, “sa’t ik it sels belibbe ha”. Doe lies er it hilaryske ferhaal ‘Ite’ foar. It die bliken dat Klaas in goed ferhaal op papier sette kin, mar syn foardracht is ek tige by tige!

Wy wiene ta oan de útrikking fan it earste boek en dat wie foar Klaas syn earste pakesizzer Hester. It boek waard oerlange oan soan Jan Ybema mei de opdracht om der út foar te lêzen. It antwurd fan soan Jan wie treflik: Pake soe der skylk ek sels moai út foarlêze kinne!! Dit wie in oangripend momint dizze middei.

Nei in protte tankwurden en it besykjen fan de útjouwer (Hille Faber) om Klaas te ferlieden ta nije útjeftes (fansels net sa mâl as bygelyks “De zeven zussen”) wie it ta oan rom sitte yn it doarpshús mei kofje en gebak. En dêr is tankber gebrûk fan makke!

Hille Faber