Gosse Koopmans – Reflecties
Reflecties bevat een uitvoerige inleiding van Susan van den Berg over het werk van Gosse Koopmans en is rijk gevuld met foto’s van Koopmans’ kleurrijke schilderijen, krachtige tekeningen en imposante panorama’s. Het boek is prachtig vormgegeven door Johan Bouwhuis. With a summary in English by Piet Rozemeijer en mei in Fryske gearfetting fan Jan Pieter Dijkstra.   Meer informatie over Reflecties    
22.50 Toevoegen aan winkelwagen
Abe de Vries – Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom
Twatalige blomlêzing (Frysk-Nederlânsk) fan 45 gedichten út de tsien dichtbondels fan ien fan de belangrykste Fryske dichters yn de 21e iuw oant no ta. De Vries krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis.   Mear ynformaasje / meer informatie
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Mapje kaarten Marten Groenhof
8 dubbele kaarten (2x 4 afbeeldingen van schilderijen van Marten Groenhof) met enveloppen.   Meer informatie (en foto's van de afbeeldingen).
9.95 Toevoegen aan winkelwagen
Marten Groenhof – De Krúspôllen
By it tarieden fan de útjefte Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip kaam in nijsgjirrich sketsboekje fan Marten foar it ljocht mei sketsen / akwarellen oer de ûngetiid op de Krúspôlen yn de Fluessen. Ynearsten wienen wy fan doel om inkele sketsen yn it boek op te nimmen. Mar geandewei kamen wy ta de konklúzje dat hjir en dêr in tekening of akwarel yn it boek net rjocht dwaan soe oan de skientme fan dy wrâld sa’t hy dy dêr ûndergien hat. Dêrfandinne dat wy besletten ha om it sketsboek, mei de gedichtsjes fan Marten - fansels mei tastimming fan de famylje Groenhof - yn syn hiele hear en fear as in aparte útjefte yn it ljocht te jaan.   Mear ynformaasje oer De Krúspôllen
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip
Marten Groenhof (1925-1978) fan It Heidenskip wie boer, mar hat ek in hiel soad skildere. Hy wie autodidakt en hie in soad each foar de omjouwing fan It Heidenskip en foar alles wat der op it wetter siet dêr yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Hy hat it sels prestearre in eigen tsjotter te bouwen, dêr't er by wedstriden hiel goed mei út 'e wei koe. Yn it ramt fan de Toochdagen dy't DeRyp ein augustus 2020 organisearre, kamen der mear as 175 wurken fan Groenhof foar it ljocht. Al dizze wurken binne opnommen yn it Groenhof-stamboek en tagelyk ek profesjoneel op de foto set. In grut part fan dizze foto's stean yn it dit boek Marten Groenhof, boer/skilder yn it Heidenskip. Dêryn is ek in koarte libbensbeskriuwing fan Marten Groenhof opnommen en foto’s fan it atelier en de boerebehuzing dêr't Marten en de frou har hiele libben wenne hawwe.   Mear ynformaasje oer Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip  
20.00 Toevoegen aan winkelwagen
Waling Dykstra – Folksskriuwer
Proaza, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries. Folksskriuwer Waling Dykstra (1821-1914) is ien fan de belangryste Fryske ferhaleskriuwers fan de njoggentjinde iuw. Syn ferhalen gean oer it goede en tsjoede tinken en hanneljen fan gewoane minsken yn (noch altyd) werkenbere situaasjes. Hy hat der hûnderten skreaun foar tydskriften en sammelbondels. Tweintich fan syn koartere ferhalen binne hjir opnaam yn oanpaste stavering. Se hearre ta it bêste proaza dat yn it Frysk ferskynd is.   Mear ynformaasje oer Waling Dykstra - Folksskriuwer                                              Sjoch de oanbieding  
20.00 Toevoegen aan winkelwagen
Abe de Vries – Blaumelly
Blaumelly is de tsiende dichtbondel fan Abe de Vries dy’t foar in eardere bondel de Gysbert Japicxpriis 2005 krige. De bondel is foarmjûn troch Johan Bouwhuis mei in opfallend reade hynstekop op it hurde omslach, nei in skilderij fan Johan Haanstra. De gedichten fine har woartels gauris yn de direkte leefomjouwing en persoanlike sfear fan de dichter, mar geane oer universele thema’s. Foegje dêrby pakkende byldspraak, tûk stal jûne emoasjes en maatskiplike belutsenens en men kriget sterke fersen dy 't der ta dogge. Neist eigen gedichten hat Abe de Vries ek oersettingen opnommen fan gedichten fan û.o. Robert Frost en Iosip Brodsky. Mear ynformaasje oer Blaumelly                                           Sjoch de oanbieding  
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Eppie Dam – Omstreken – uitverkocht
Omstreken is een rijk geïllustreerde bundel gedichten (in zowel een Friese als een Nederlandse versie) die Eppie Dam schreef bij de abstracte landschappen van Johan Haanstra (1914-1991) die deze schilderde in de periode (vanaf 1976) dat hij In Friesland, in Warns woonde. Mear ynformaasje oer Omstreken N.B. Dit boek is uitverkocht
Lees meer
It Blauwe Hûs
It Blauwe Hûs, skreaun en tekene troch Skelte Siweris Braaksma, fertelt byldzjend oer de skiednis fan it doarp Blauhûs troch de iuwen hinne. It giet oer oerstreamingen, drûchlizzing en de oarloch; mar ek oer skoalle, tsjerke, karnaval en Merke. En dat de tiid yn Blauhûs net stil stien hat. Mear ynformaasje oer It Blauwe Hûs  
14.95 Toevoegen aan winkelwagen
Eppie Dam & Lienke Boot – Tjilp!
25 vogelgedichten van Eppie Dam voor grote en kleine piepers. Met lino's van Lienke Boot. Vertaald uit het Fries door de auteur. Meer informatie over Tjilp!  
16.95 Toevoegen aan winkelwagen
Marije Roorda- In spantou om ‘e tiid – útferkocht
Debútbondel fan Marije Roorda. De bondel befettet 31 gedichten, ferdield oer trije skiften: Troch see omseame, Stilsteand wetter en Opkommend tij. Yn har poëzy ûndersiket Roorda wichtige fasetten fan it bestean, lykas leafde en dea. Beskriuwingen fan it lânskip en it ferrinnen fan de tiid komme hieltyd werom.   Ferskynd yn juny 2017, 3e printinge desimber 2017. Útferkocht
Lees meer
tsjilp-eppie-dam-lienke-boot-utjouwerij-deryp
Tsjilp! – Eppie Dam en Lienke Boot – útferkocht
Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar grutte en lytse protters en presintearret 25 fûgelgedichten fan Eppie Dam mei lino’s fan Lienke Boot. No 3e printinge! Mear ynformaasje oer Tsjilp!
16.95 Lees meer