Wolkom by Utjouwerij DeRyp

Útjouwerij DeRyp is in stifting dy’t fuortkommen is út de Gerben Rypma Stifting fan Blauhús, dy’t as doel hie om al de kreative eigenskippen fan de skilder/dichter en boere-arbeider Gerben Rypma boppe wetter te hâlden. Nei it útjaan fan in biografy oer Gerben Rypma troch Eeltsje Hettinga hat dy stifting him ek dwaande holden mei it útjaan fan oare boeken. Dat útjouwerijpart fan de Gerben Rypma Stifting is begjin jannewaris 2020 fuortset troch de nije stifting.

Utjouwerij DeRyp leit him ta op it útjaan fan literatuer (proaza en poëzij), berneliteratuer, (regionale) skiednis, muzyk en byldzjende keunst. De foarkar giet út nei publikaasjes dy ’t yn it Frysk skreaun of nei it Frysk oerset binne, mar twatalige publikaasjes sille ek omtinken krije kinne. Om mei kreaze publikaasjes foar it ljocht te kommen wurkje wy gear mei grafyske ûntwerpers. Benammen jong talint wolle wy de mooglikheid biede om bûten it eigen skaad stean te gean.

In âld folksferhaal yn in nij jaske

Elske Schotanus makke namme as suksesfol skriuwster fan Frysktalich proaza en ibbensbeskriuwingen fan keunstners as Pier Feddema. Mids augustus ferskynt de byldroman Twa skinken by Utjouwerij DeRyp.


Twa skinken is de bewurking fan in âld folksferhaal. Skriuwer en wittenskipper Ype Poortinga (1910-1985) sammele yn ’e jierren ’70 en ’80 een skat oan Fryske folksferhalen. Ien fan dy ferhalen is de sêge ‘Twa skinken’ út De held en de draak. Wat belibbet haadpersoan Ids as syn mem him op in winterske dei nei De Gerdyk stjoert om in boadskip te dwaan?


Twa skinken, graphic novel, 40 siden

Tekst en yllustraasjes Elske Schotanus

Utjouwerij DeRyp, € 15,95

Contact

Neem contact met ons op.

Gegevens

Postadres: Utjouwerij DeRyp p/a Seilmakkerij 3 8711 KJ Workum
Routebeschrijving