Presintaasje Jij, laatste rebel / Do, lêste rebel

Op 7 novimber waarden twa dichtbondels fan Utjouwerij DeRyp presintearre yn boekhannel Van der Velde yn Snits. Foar it skoft wie dat de dichtbondel Bloedprikke fan Abe de Vries. Nei it skoft presintearre Utjouwerij DeRyp Jij, laatste rebel! / Do, lêste rebel!, in karlêzing fan 45 gedichten fan de Nederlânske dichter H.H. ter Balkt mei de Fryske oersetting fan Abe de Vries. Of miskien kin better sprutsen wurde fan de East-Nederlânske of Twintske dichter H.H. ter Balkt, sa sei Jelle van der Meulen fan Utjouwerij DeRyp, want it plattelân is mei klam oanwêzich yn syn gedichten. Dat is ek ien fan de aspekten dêr ‘t Abe de Vries syn kar fan de gedichten op basearre hat.

Emearitus-heechlearaar Goffe Jensma hold in praatsje dat er de titel jûn hie ‘Ik hie myn paad fûn’. It blykte dat syn paad nei de poëzy, nei ‘it ûnsisbere’ lykas hy dat neamde, begûn wie mei de dichtbondel Groenboek (1973) fan Habakuk II de Balker, it pseudonym dat H.H. ter Balk doetiids brûkte. Jensma wie bliid dat er de poëtyske stim dy’t hy fyftich jier ferlyn fûn hie fia de Nederlânske gedichten fan Ter Balkt no ek yn syn memmetaal, it Frysk, hearre koe, mei tank oan Abe de Vries. Ta beslút fan syn praatsje lies Jensma it gedicht ‘Eigen weg’ fan Ter Balkt, yn de oersetting fan De Vries: ‘Eigen dyk’.

Abe de Vries lies dêrnei noch in pear gedichten fan Ter Balkt foar, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk en hy joech Kommissaris fan de Kening Arno Brok it earste eksimplaar fan Jij, laatste rebel / Do, lêste rebel. De hear Brok priizge sawol de útjouwer as de oersetter foar it wurk om sokke útjeften mooglik te meitsjen. Want, sa sei er, it bliuwt belangryk om omtinken te jaan oan moaie poëzy, ek al is de dichter sels al ferstoarn. En troch dizze dichtbondel mei oersettingen wurdt net allinne de oandacht wer fêstige op de Nederlânske dichter H.H. ter Balkt, mar ek op de Fryske taal.

De hiele taspraak fan Goffe Jensma is ek te lêzen op Frysistyk (Neerlandistiek.nl).