Ferslach fan de presintaasje yn Blauhús
Yn opdracht fan de Gerben Rypma Stichting makke Eeltsje Hettinga yn 2012 in prachtich boek oer Gerben Rypma mei in biografy en in hiel soad yllustraasjes. It wie dan ek net nuver dat Sicco Rypma, de foarsitter fan de Gerben Rypma Stichting, de oanwêzigen yn kafee De Freonskip ferwolkomme by de presintaasje fan Te pearde – Te peerde, in twatalige blomlêzing fan de gedichten fan Eeltsje Hettinga. De presintaasje, op freedtemiddei 14 april 2023, wie tige slagge.
De ferskate praatsjes en foardrachten dy ’t mei sa ’n presintaasje mank geane, wiene nijsgjirrich genôch en gelokkich nearne te lang, dus de oanwêzigen, sa ’n fjirtich, fyftich man, koene nei ôfrin noch lekker ‘rom sitte’. De earste dy ‘t it wurd krige nei Sicco Rypma wie Steven de Winter, in freon fan de dichter. De Winter begûn yn it Frysk, dat er nei syn ferhuzing nei Fryslân by de Afûk leard hie, mar gie healwei syn taspraakje oer op it Nederlânsk om ‘t er, sa sei er humoristysk, him dochs in bytsje fielde as de Frânske presidint dy ‘t Nederlânsk besocht te praten.
Hy seach werom op syn earste moeting mei Eeltsje Hettinga, op in literêre gearkomste fan de Gerben Rypma Stichting. “Te pearde, derop ôf, dat is wat Eeltsje docht as skriuwer yn de literatuer, yn de polityk”, sa sei de Winter, dy ’t bliid wie mei de mannichte oan petearen dy ’t er letter mei Eeltsje fierd hie. En hy relativearre it ferhaal dat er ‘ôfstudearre’ wêze soe op in gedicht fan Hettinga. By de ôfsluting fan syn stúdzje Frysk by de Afûk hie De Winter in skripsje skreaun oer dy syn gedicht ‘Nacht oer Greonterp’.
Eeltsje Hettinga hie de Fryske dichter Syds Wiersma frege om in pear gedichten foar te dragen. Dy fielde him skatplichtich oan dichters as Hettinga en hy hie om foar te lêzen in ‘hynstegedicht’ útsocht út syn nijste bondel Skaadhûn (2022 ). It gie om it lêste part fan de syklus ‘Achterdyk’. Dy syklus skreau Wiersma nei oanlieding fan petearen mei Tsjerk Visser, de âldste noch libjende garnalefiskers fan it doarp Wierum, dy’t destiids op 92-jierrige leeftiid noch altyd mei syn soan fiske op de Waadsee. Yn it gedicht ferbyldet Wiersma de ferhalen en de taal fan de âlde fisker.
Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing Te pearde-Te peerde gear, soarge foar de Nederlânske oersettingen en skreau der in ynliedend essay by. Hoewol’t de tematyk yn de gedichten fan Eeltsje Hettinga op syn koartst gear te fetsjen is mei it wurd ‘ferlies’ hie se krekt besocht om ek de boartlike, eroatyske en fûle kant fan syn gedichten sjen te litten. Se demonstrearre dat troch de Nederlânske ferzje foar te lêzen fan it trije siden tellende gedicht ‘Lulle’. De Fryske ferzje liket troch it brûken fan ‘nuvere’ wurden en klankrykheid amper oer te setten, mar Schotanus blykte der dochs yn slagge te wêzen om dy klankrykheid nei it Nederlânsk oer te setten.
Dêrnei wie it de beurt oan Eeltsje Hettinga sels. Hy krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017 -2019 ). De provinsje Fryslân stelde him dêrby yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Hettinga gie koart yn op wat de sprekkers foar him sein hiene en op de gedichten dy ‘t er skreau as Dichter fan Fryslân. Hy lies in gedicht foar dat er yn dy hoedanichheid makke. It gedicht is ûnder oare basearre op ien fan de bynammen fan Poetin, ‘ bleke mot ’ en hat as lêste rigels:
Gjin geweld of it keart him tsjin himsels:
in bom dy’t útinoar spat, midden
yn it mom fan in man, bleek as in mot.
Hy droech ek de earste strofe foar fan it gedicht ‘Ta begearte fan gean’:
Te pearde, te pearde foar ’t reade famke Libanon
waans portret ik seach, stoned yn ȃld Avignon.
Hja sjongt de lieten fan dier en beamte, slacht
reinder út de rotsen fan onyx, in simmernacht
is har Gryks boud liifke, fjoer drage har eagen
en oerryp is de gielguorde fan har golle geast.
Hettinga sei derby dat it gedicht opdroegen is oan Reinder Rienk van der Leest (berne 1933 ), in Fryske skriuwer/dichter dy’t er noch hieltyd heechachte om de boartlikens fan syn taal. Ek lei er út wêrom’t de presintaasje plakfûn yn Blauhús. Yn dizze kriten hie er as jonge faak yn in boatsje fearn mei syn âldere broer Tsjêbbe. By moai waar lutsen se derop út en hiene dan in tas mei boeken, dichtbondels mei. Se liezen inoar gedichten foar fan Obe Postma, Herman Gorter of Habakuk II de Balker (H.H. ter Balkt ). Mar ek de dichter dy’t wenne yn dizze streek, Gerben Rypma, siet dertusken.
It (foar)lêzen fan dizze dichters sette net allinnich Tsjêbbe mar ek Eeltsje Hettinga oan ta it sels skriuwen fan gedichten. Earst yn it Nederlânsk, sa sei Eeltsje, mar al gau gie er oer op syn memmetaal. Dêrnei rikte Eeltsje Hettinga it earste eksimplaar fan Te pearde-Te peerde út oan syn suster Wytske. Dy wiisde it publyk nochris op it opfallende omslach fan de bondel. Dat omslach is foarmjûn troch Johan Bouwhuis, mar de ôfbylding mei de opfallende kleuren is makke troch Elske Schotanus. Foaral de earkes fan de ôfbylde hynstekop diene Wytske weromtinken oan de tiid dat se mei har broers en heit op in karre achter it hynder siet.
Foardat it oanwêzige publyk noch efkes lekker ‘rom sitte’ koe yn kafee De Freonskip of bûten op it terras, fertelde Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp oer in hynstekeuring út 1978 dêr’t de Hettinga’s ek hynders op keure lieten. Heit Hettinga wie der al betiid. De soannen soene helpe, mar kamen pas folle letter by de keuring oan. Dat siet in priis, in oranje lint, net yn it paad. En yn alle gefallen – sa sei Faber ta beslút – fertsjinnet de bondel Te pearde-Te peerde in oranje lint.
Sjoch hjir foar in foto-ympresje fan de presintaasje.
Op woansdei 19 april wie der yn Ljouwert in twadde presintaasje yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Dêr krige skriuwer en wittenskipper Pieter Breuker in soarte fan earste eksimplaar útrikt. In gastoptreden wie der fan dichter Arjan Hut. Understeande foto is makke by dizze presintaasje (mei fan links nei rjochts Arjan Hit, Pieter Breuker, Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus.
foto Sina Keuning
Meer foto’s (fan Natalia Balanina) fan de presintaasje yn Ljouwert dêr’t Te pearde -Te peerde ek as twadde edysje fan ‘de Moanne’ yn 2023 presintearre waard.
Reaksjes
Op beide presintaasjes krigen we al opteine reaksjes op it úterlik fan de blomlêzing fan de gedichten fan Eeltsje Hettinga Te pearde-Te peerde. We krigen ek dizze reaksje tastjoerd fan Lia van Aalsum, Friezinne om útens:
Ik helle juster de post út it lytse postfakje, seach, en rôp út: Oh, wat prachtig! Dat sloech op it idé, de foarmjowing en de ynhâld fan Te pearde. De skriuwer wie my fansels bekend. Wier hiel moai om al dizze redenen, en ek it twatalige. Ha der justerjûn al even (sêft lûdop) yn lêzen.
Tige tank en alle goeds.
Michel Dijkstra – ‘Bring de see ta stim’. Yn: Ensafh, jiergong 15 (2023), nûmer 6, p. 5-8
It Frysk literêr tydskrift Ensafh, jiergong 15 (2023), nûmer 6 begjint mei in besprek fan Te pearde / Te peerde. De resinsint, Michel Dijkstra, einiget de earste alinea fan syn besprek mei: “Troch dizze blomlêzing is it Nederlânsktalige publyk no foar it earst by steat om him serieuzer yn Hettinga syn like swiedlûdige as yntinse wurk te ferdwjipjen.”
De resinsint slút oan by de ynterpretaazje fan Elske Schotanus yn de ynlieding fan de blomlêzing. dat Eeltsje Hettinga syn gedichten draaie om de noasje fan ferlies. Hy heaket noch wol in element ta troch te sizzen dat it ferlies net altyd negatyf útfalt yn Hettinga syn gedichten. Hy lit dat konkreet sjen by it gedicht ‘It klappen fan de dyk’ troch te wizen op it symboalistyske jargon dat Hettinga soms brûkt. Dêroch falt it ferlies gear mei de ferbining tusken de binnen- en de bûtenwrâld en falle alderhanne tsjinstellingen fuort. Boppedat liedt selsferlies ek ta de ûntdekking fan de oar en soarget op dy manier foar begearte en leafde.
“Hettinga syn dichtrigels binne ûnmiskenber mysterieus, mar net ûntagonklik”, seit Dijkstra en hy konkludearret: “Hettinga syn poëzy sprekt wol oer it skaad fan de dea, mar sit fol libben. It falt te hoopjen dat Hettinga en Schotanus noch faker de hannen gearslaan om twatalige bondels lykas te peerde te produsearjen. Om my te begjinnen mei Akten fan winter.
Ek wiist de resinsint in pear kear op de slagge Nederlânske oersettingen dy’t Elske Schotanus van Eeltsje Hettinga syn gedichten makke hat: “moai en klankryk oerset” seit er, en: “De earste strofe [fan it gedicht ‘Ta begearte fan gean’] lêst op ‘e nij prachtich yn Schotanus har oersetting dy’t healrym en rym op elegante wize hanthavenet”.