Hjirûnder stiet mear ynformaasje oer Bloedprikke, de alfde dichtbondel fan Abe de Vries, ferskynd yn novimer 2023. Efterinoar is dat ynformaasje oer de presintaasje (mei de folsleine tekst fan de taspraak fan Friduwih Riemersma) en de resinsjes fan Elmar Kuiper (Friesch Dagblad) en Martsje de Jong (Omrop Fryslân ).

Presintaasje Bloedprikke

Goed tritich minsken wiene tiisdeitejûn 7 novimber oanwêzich yn boekhannel Van der Velde yn Snits foar de presintaasje fan de dichtbondel Bloedprikke fan Abe de Vries. Yn it twadde part fan de presintaasje waard ek noch in karlêzing út de gedichten fan H.H. ter Balkt mei Fryske oersettingen fan Abe de Vries presintearre. Jelle van der Meulen fan útjouwerij DeRyp wiisde op de útnûging foar dizze boekpresintaasje wêryn’t Abe de Vries ien fan de wichtichste Fryske dichters fan de 21e iuw neamd wurdt. Van der Meulen woe noch wol in stapke fierder gean troch De Vries de wichtigste Fryske dichter fan dizze iuw te neamen.

Nei ‘t Abe de Vries wat ferteld hie oer de opbou fan syn bondel Bloedprikke en inkelde gedichten út Bloedprikke foarlêzen hie, oerlange er it earste eksimplaar fan dizze bondel oan Friduwih Riemersma. Riemersma sei leaver net oer poëzy prate te wollen en him al hielendal net drok meitsje te wollen oer wa ‘t de bêste poëzy skriuwt. Nee, hja woe it hawwe oer konkrete gedichten en joech dêrnei moaie foarbylden fan hoe’tst in gedicht lêze kinst. Hjirûnder stiet it hiele taspraakje fan Friduwih Riemersma. In ferslach fan de dûbel-presintaasje fan Bloedprikke en fan Jij, laatste rebel / Do, lêste rebel stiet hjir.

Praatsje fan Friduwih Riemersma by de presintaasje fan Bloedprikke by boekhannel Van der Velde, Snits, 7 novimber 2023

Friduwih Riemersma oer gedichten út Bloedprikke

It is ornaris better om net oer poëzy te praten, as jo it út de wei gean kinne. ‘Is dizze poëzy net gewoan prachtich’, is in oardiel dêr’t jo net fier mei komme op ’e dyk. Want net elkenien ûnderfynt keunst op deselde manier. Priizgjen fan poëzy ûnderstelt in konsensus. Yn jo kulturele mienskip en jo mediabûl binne jo it allegearre iens dat poëzy om te gûlen wêze moat. Mar dat is net altyd en oeral sa. Foar Plato wie in gefoelsreaksje op poëzy eat fan in legere oarder. It gie om it berop op it ferstân. 

Ek wurdt poëzy te uzes sjoen as in wedstriid. Fryslân ken mear prizen as (literêre, berops-) dichters. Is Abe syn poëzy better as oare poëzy? Faaks al, mar dêr giet it net om. Wedstriden stelle smaak foar as objektyf hifkjen, en kommersjele belangen as in feest fan suverheid. Mar de list fan winners lit de bekrompenheid fan de prestiizjenetwurken sjen. It binne wite, kristlike, net-jonge, Frysk-nasjonalistyske manlju. In hiele lytse sjuery achtet tafallich it wurk fan ien fan har it moaist. Dy krijt dan in bats jild en syn útjouwer ferkeapet in pear bondels mear. 

Wa kiest wa foar hokker priis, giet net oer poëzy. Al hielendal net as dy poëzy part is fan in lytse literatuer. Lyts literêr wurk is skreaun yn ’e taal fan de kulturele en politike minderheid, of fan in lytse taalmienskip. De kwestsje is: moat dy lytsheid net altyd oerwûn wurde? Of moat de lytsheid just fuortholpen en oerdreaun, om sa de literêre mienskip oanien te snuorjen? Wy prate dan oer polityk, net oer keunst. 

Ek sosjale media binne dreech. It TikTok-fers, de nijste evolúsje fan poëzy, makket ús gefoel en tinkbylden ta ferhannelber guod. It set ús ynlikheid en idealen om yn in wedstriid. Mar ôfsjoen dêrfan, in bondel dy’t it ynternet oer giet, lit ús ús yntime relaasjes publisearje en feroaret ús foarkarren en emoasjes yn iepenbiere hannelingen. Is it gjin wûnder dat wy dichters de grins út it each ferlieze tusken soarch drage foar dejingen fan wa’t wy hâlde en ússels promoatsje foar putsjes en hânklappen en útspraken dwaan oer wearde en wierheid? 

Dus praat ik leaver net oer poëzy. Ynstee derfan praat ik oer in konkreet fers, sa’t it op papier stiet. Krekter sein oer trije fersen. Earst it fers ‘Sinneblom yn ’t fjild’, dat giet oer de libbenssyklus fan in sinneblom. De sprekker yn it fers sjocht de sinneblom krekt stean as it al hjerst is. ‘[I]k woe dat ik dy kend hie doe’tst … mei in pink in jong moskje oanhelje koest,’ seit er. De sprekker wol werom nei de maityd fan it libben. 

Dat is dûbeld ûnmooglik. Werom yn ’e tiid kin net. Mar likemin kinne jo in sinneblom ‘kennen leare’ yn in beskate groeifaze. Ik hie noch sinneblompitten, sa’n fergees pûdsje fan Albert Heijn, út 2021. Dy hiene grif al wat fan har krêft ferlern. Krektsagoed, ik siedde se yn maaie en ein juny wiene se al trije meter heech. Se skeaten mar troch. De syklus giet fierste hurd om te befiemjen hoe’t in faze is. Mar de sprekker jout ta: it fers is nei in foto fan de sinneblom. Hy hat de tiid stilset. 

Allyksa is in bloedproef net it echte bloed, mar in momintopname. Bloedprippe is in wittenskiplik ûndersyk fan in bloedmeunster, meastal foar de diagnoaze fan in sykte, bygelyks as der klachten binne, of om alkohol of doping op te spoaren. Bloedprippen is foar de diagnoaze út. Wy witte noch net wat der te rêden is, wy binne bang. Wy sitte yn noed oer ús freonen en famylje. De symptomen fernimme wy wol. Troch de bondel hinne binne dy: folsleine malêze. 

Fryslân is de pasjint. ‘[O]an ’e lânkant fan myn dyk … tjirget Harns him út ûnder de nije wethâlder.’ ‘[B]oeren, weinen, bisten ferdwine ûnder 880.000 kúp seesân delkypt fan hegerhân en 180.000 ton asfalt der oerhinne stoart.’ ‘It wetter achter de dyk is like leech as [ús] taal. In smoarde sprake, dy’t ûnnoflik weistoar.’ Dizze rousangen geane eins oer bloedferlies. Bloed stiet foar libbenskrêft of deagewoan: krêft. 

Wat wol de sprekker yn it fers te witten komme mei syn momintopname? Wat wol er útfine mei it stilsetten fan ’e tiid, troch in ôfbeakene proefke út de oerfloed fan feiten te nimmen? Hy sjocht dat de boer de sinneblom net rispe hat. In hânfol siedden, wat moatte jo dermei. Dat se lieten him stean. ‘As lêste … bliuwsto no op ’t let-oktoberfjild oer.’ Sadat, giet de sprekker fierder, no it hiele lân [de blom] syn lûd bewarje kin as in striidsinjaal. Hy sitearret hjir rigels fan de dichter Achmatova foar de dichter Majakovski. Sinneblom = held = dichter. 

Ek it fers ‘Yn ’e sweef’ hat it motyf fan it giet sa hurd foarby. De sweefmûne set alles yn beweging yn de ‘mainframe’, de sintrale kompjûter: de wolken, de plommen ‘glydzjend, springend’, de reiden ‘no bûgend mei de westewyn mei’. De westewyn is neffens de dichter Shelley de weinmenner dy’t de blêden ferfiere sil nei har lêste thús – it grêf. Dit binne fersen fan delgong en tebekskriljen foar de dagen dy’t komme. 

Mar opnij set de sprekker de tiid stil. ‘Dan wachtsje twa op bleate fuotten in tel yn ’t bermgers’. It spantsje tinkt oan lokkich wurden, ‘miskien yn Amearika.’ Mar yn dizze fersen rint it net goed ôf. Utnaaie nei Amearika of net, sy wit al, ‘yl ûnder hakken fêstplakt oan de asfaltbrobbels fan ’e dei … ûnwaar ûnderweis, dat it noait opnij itselde wurdt.’ Nea itselde as doe’t wy jong wiene. Wy fjochtsje noch wat in efterhoedegefjocht. 

Yn ‘De Stiennen Man’ is ‘myn fers’ in folksbeweging dy’t ‘[j]out … dêr’t ferlet fan is’. It fers besiket ‘en slach de maskers ôf fan de mânsken.’ It masker is in nijsgjirrige metafoar. Letter–like taal lit faak gjin byld nei op ús netflues. Wy kinne net oars as metafoaren brûke om ús wrâld te begripen. Wy ferwize nei in ûnbekend ding troch in deistich ding te neamen. Mar nei de covidpandemy ferwiist masker net langer nei in beskate rol spyljen, mar nei manipulaasje. Se gûchelje ús in rêd foar de eagen. Dat wêr is al it folk fan ’e folksopstân? No, ‘lêzers dy’t net mei har stean’ dy lêze it fers net mear. ‘Sa sil ek de Vrieske dichter allinne oerbliuwe.’ Dy ropt noch wat yn ’e woastenij.

Syn fersen ha ús kear op kear de symptomen úttsjut: de groanyske pine, de swakte. Net ien harket. No gean wy in nije faze yn. Dat is de faze fan de bloedproef, dy’t objektyf de tastân sjen lit. Dêr kin gjinien om hinne.

Elmar Kuiper (Friesch Dagblad) oer Bloedprikke

“Yn Bloedprikke, Abe de Vries syn alfde bondel, jûtst er de nulle yn it moarch fan ’e taal. Yn dizze bondel, wer prachtich útjûn troch útjouwerij DeRyp, sjocht er werom en sparret himsels net.” Sa begjint resinsint (en sels dichter) Elmar Kuiper syn resinsje oer de nijste dichtbondel fan Abe de Vries yn it Friesch Dagblad fan 8 desimber 2023. Kuiper lêst yn de bondel ûnder oare dat de dichter fan Bloedprikke in opdonder krigen hat en seit dat it breklik wêzen as mins syn gerak kriget yn ‘e fitaliteit fan taal. “Rymjende, foarmfêste fersen wikselet er ôf mei frije, praterige fersen.”

De resinsint freget him ek ôf wêrom De Vries neist 36 hagelnije fersen ek oersettingen opnommen hat út it wurk fan Anna Akhmatova en Iosip Brodsky en siket nei ferbannen. By Brodsky sjocht er dat bygelyks yn de tematyk fan it ferneatigjende effekt dat de tiid op de mins hat. By Akhmatova sit him it ferbân  ek bygelyks yn de driuwende kracht fan klank en ritme.

Neffens Elmar Kuiper jout Abe de Vries yn dizze alfde dichtbondel in soad priis fan himsels: “Hy docht belidenis, fan syn posysje as mins, as dichter. [. . .] Sa lit Bloedprikke him lêze as in oangripend, persoanlik testamint. De ik-figuer fynt rêst yn syn lot, al skrynt de pine [. . .].” Hy wiist ek op it earbetoan dat de beide soannen fan de dichter yn fersen krije en einiget syn resinsje mei:

As lêste boppeslach tilt er Waling Dykstra syn Haitskemuoi’s klachten yn de winter fan 1855 oer de tiid hinne: ‘Do minske: ’t giet dy goed / mei better, reader bloed.’ 

De hiele resinsje is te finen yn it Friesch Dagblad: klik hjir.

Martsje de Jong by Omrop Fryslân oer Bloedprikke

Martsje de Jong wie 25 novimber 2023 by Omrop Fryslân en sei moaie wurden oer de dichtbondel Bloedprikke fan Abe de Vries, útjûn troch Utjouwerij DeRyp. En DeRyp krige, krekt as utjouwerij Regaad, in plúmke fan De Jong foar de kreaze foarmjouwing fan harren útjeften.

Albertina Soepboer skreau yn de Leeuwarder Courant in loovjende resinsje fan Bloedprikke. Sjoch mear.