Ytsje Hettinga & Jan de Vries – It grutte swijen. De moord op Piebe Hoekema en de gevolgen
Op 17 november 1944 is de 22-jarige Piebe Hoekema uit Koudum doodgeschoten bij Norg door Duitse officieren. Zijn dood bracht een verrader in het dorp en ontmaskerde mogelijk een tweede, waarvan het lot duister is. Door jarenlang onderzoek en vele soms beladen gesprekken, heeft Jan de Vries in kaart gebracht wat er gebeurd kan zijn in Koudum in de winter van 1944-1945. Op grûn fan de befiningen fan Jan de Vries hat Ytsje Hettinga in toanielstik yn trije monologen skreaun foar Teatergroep SULT. Sa wurdt 75 jier nei de Twadde Wrâldoarloch dúdlik makke wat in drama as dit yn dizze famyljes teweechbrocht hat. Mar it soe ek gean kinne oer oare famyljes yn oare plakken, oer oare memmen en oare susters.   Mear ynformaasje oer It grutte swijen  
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Larysa Denysenko – Maia en har freonen
Fryske oersetting fan in Oekraynsk berneboek. It boek giet oer it famke Maia en har klasgenoaten en harren húshâldingen, dy’t allegearre ferskillend gearstald binne. De iene hat in heit en in mem, de oare twa memmen en wer in oar hat in styfmem of in donorheit. It sintrale tema is eins dat bern har oeral feilich fiele moatte. En dy feiligens is op ’t heden yn Oekraïne fier te sykjen, no’t famyljes flechtsje en útinoar falle. De opbringsten fan de ferkeap komme te’n goede oan UNICEF-Oekraïne, foar help oan bern dêr yn de oarloch.   Mear ynformaasje oer Maia en har freonen  
10.00 Toevoegen aan winkelwagen
Amanda Gorman – De hichte beklimme wy (The Hill We Climb) – útferkocht
De hichte beklimme wy is de Fryske oersetting fan The Hill We Climb, it spoken-word-fers dat Amanda Gorman foardroech by de ynauguraasje fan de nije Amerikaanske presidint Biden yn jannewaris 2021. De Fryske oersetting is fan Friduwih Riemersma, mei Michelle Samba as kulturele meilêzer.  Riemersma waard foar de oersetting frege de provinsje Fryslân. De hichte beklimme wy wurdt troch Utjouwerij DeRyp útjûn yn in twatalige lúkse útjefte mei in foaropwurd fan Oprah Winfrey en kultuerdeputearre Sietske Poepjes. N.B. Ek de twadde printinge is útferkocht. Mear ynformaasje
Lees meer
Erik Betten – Palimpsest
Palimpsest is it poëzydebút fan skriuwer/sjoernalist Erik Betten dyt earder yn it Nederlânsk non-fiksje en de thriller De prijs skreau. Yn de bondel stean Frysktalige fersen fan ien dy't it Frysk net as memmetaal meikrigen hat. Hoe thús fiel ik my thús, freget de 'ik' yn Palimpsest him hieltyd ôf: "Lit my mar prate yn talen sûnder lûd, / ferstienne karakters kapje / út friezen, kêsten út fersen kieze en / vice versa."   Mear ynformaasje oer Palimpsest
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Theo Jaasma – Kloris & Ko Trilogy 3
Dry jaar na ut ferskinen fan ‘Op hite koalen’ is der un boeiend ferfòlch op de avonturen fan de ondernimmende, mar nyt altiten even snuggere hearen Kloris & Ko. Tegare stunte se der wear flink op los yn ut dékor fan ut Sneek en wide omgeving fan de jaren dertech; de tiid dat je nòch met de stoomtram gingen en der op it water nòch gyn toerist te bekennen was. Theo Jaasma het der hard an werkt om der wear dry moaie ferhalen fan te maken: 'Hooch bezoek', 'Tegare met de bus' en 'Rust en rúmte'.   Mear ynformaasje oer Kloris & Ko 3
10.00 Toevoegen aan winkelwagen
Ytsje Hettinga – Hiemhûn en oare ferhalen
Hiemhûn is in bondel fan Ytsje Hettinga mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein.   Mear ynformaasje oer Hiemhûn en oare ferhalen
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Verkoop!
Oanbieding: 3 dichtbondels Abe de Vries
De trije dichtbondels fan Abe de Vries dy't by Utjouwerij DeRyp útkaam binne fan 2015 oant 2020 binne no foar in spotpriis te keap. It giet om de bondels Brek dyn klank (2015), Opskuorgebieten (2017) en Blaumelly (2020). Mei syn trijen kostje se no € 15,-
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Gosse Koopmans – Reflecties
Reflecties bevat een uitvoerige inleiding van Susan van den Berg over het werk van Gosse Koopmans en is rijk gevuld met foto’s van Koopmans’ kleurrijke schilderijen, krachtige tekeningen en imposante panorama’s. Het boek is prachtig vormgegeven door Johan Bouwhuis. With a summary in English by Piet Rozemeijer en mei in Fryske gearfetting fan Jan Pieter Dijkstra.   Meer informatie over Reflecties    
22.50 Toevoegen aan winkelwagen
Abe de Vries – Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom
Twatalige blomlêzing (Frysk-Nederlânsk) fan 45 gedichten út de tsien dichtbondels fan ien fan de belangrykste Fryske dichters yn de 21e iuw oant no ta. De Vries krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis.   Mear ynformaasje / meer informatie
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Mapje kaarten Marten Groenhof
8 dubbele kaarten (2x 4 afbeeldingen van schilderijen van Marten Groenhof) met enveloppen.   Meer informatie (en foto's van de afbeeldingen).
9.95 Toevoegen aan winkelwagen
Marten Groenhof – De Krúspôllen
By it tarieden fan de útjefte Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip kaam in nijsgjirrich sketsboekje fan Marten foar it ljocht mei sketsen / akwarellen oer de ûngetiid op de Krúspôlen yn de Fluessen. Ynearsten wienen wy fan doel om inkele sketsen yn it boek op te nimmen. Mar geandewei kamen wy ta de konklúzje dat hjir en dêr in tekening of akwarel yn it boek net rjocht dwaan soe oan de skientme fan dy wrâld sa’t hy dy dêr ûndergien hat. Dêrfandinne dat wy besletten ha om it sketsboek, mei de gedichtsjes fan Marten - fansels mei tastimming fan de famylje Groenhof - yn syn hiele hear en fear as in aparte útjefte yn it ljocht te jaan.   Mear ynformaasje oer De Krúspôllen
15.00 Toevoegen aan winkelwagen
Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip
Marten Groenhof (1925-1978) fan It Heidenskip wie boer, mar hat ek in hiel soad skildere. Hy wie autodidakt en hie in soad each foar de omjouwing fan It Heidenskip en foar alles wat der op it wetter siet dêr yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Hy hat it sels prestearre in eigen tsjotter te bouwen, dêr't er by wedstriden hiel goed mei út 'e wei koe. Yn it ramt fan de Toochdagen dy't DeRyp ein augustus 2020 organisearre, kamen der mear as 175 wurken fan Groenhof foar it ljocht. Al dizze wurken binne opnommen yn it Groenhof-stamboek en tagelyk ek profesjoneel op de foto set. In grut part fan dizze foto's stean yn it dit boek Marten Groenhof, boer/skilder yn it Heidenskip. Dêryn is ek in koarte libbensbeskriuwing fan Marten Groenhof opnommen en foto’s fan it atelier en de boerebehuzing dêr't Marten en de frou har hiele libben wenne hawwe.   Mear ynformaasje oer Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip  
20.00 Toevoegen aan winkelwagen