‘Yn 1962 wie it dien mei de Nederlânse oerhearsking op Nij-Guinea, tropysk eilân yn de Pacific. Dizze roman beskriuwt de lêste stûpen fan ús kolonialisme…’ Sa waard yn 1963 Met stille trom (Wat stiller wat better) oankundige, it boek dat F. Springer skreau nei syn weromkommen út Nij-Guinea, dêr’t er fjouwer jier as bestjoersamtner wurke hie. Flak foar publikaasje luts er it manuskript werom, om’t er yn it boek dochs it drama fan de oarspronklike Papoea-befolking miste.

Yn it jier fan syn ferstjerren hat Springer it manuskript bewurke en der in foarwurd by skreaun. Yn dy foarm ferskynde Met stille trom dochs noch, it mei wêze postúm. Springer debutearre yn 1962 mei Bericht uit Hollandia. Yn syn hast fyftichjierrige karrière publisearre er romans en ferhalen lykas Zaken overzee (1977), Bougainville (1981), Quissama (1985), Bandoeng-Bandung (1993) en Kandy (1998). Syn wurk waard bekroane mei de F. Bordewijkpriis en de Constantijn Huygenspriis.

Haadpersoan yn Wat stiller wat better -in sjoernaal, is de Nederlânske bestjoersamtner Leen Dekker dy ‘t sûnder mis likenis fertoant mei de skriuwer. Dekker folget yn syn distrikt in amtner op dy ‘t fuortstjoerd is nei ‘t er in Papoea mishannele hat. It ferhaal spilet him ôf op it momint dat der yn Nederlânsk Nij-Guinea ferset is tsjin it Nederlânske bestjoer en ek noch ûnderlinge rivaliteit tusken de Papoea-stammen. It hantsjefol plysjeminsken yn it distrikt kin dat allegear net oan en de situaasje wurdt foar it Nederlânske bestjoer ûnhâldber. Dêrneist spylje de ûnderlinge ferhâldingen tusken de Nederlanners in rol, lykas de leafde.

Jan Pieter Dykstra Hzn. (It Heidenskip, 1945 – Warkum, 2023) hat de Fryske oersetting fan Met stille trom yn ’e hjerst fan 2022 ynlevere foar korreksje. Begjin 2023 is er ferstoarn en letter yn datselde jier ferskynt dit boek dus postúm. It aparte is dat it oarspronklike boek ek postúm útjûn is. It bestjoer fan Utjouwerij DeRyp is der tige mei ynnommen dat dizze oersetting der no is. It jout oan hoe grut oft Jan Pieter Dykstra syn betsjutting wie foar de lytse útjouwerij. It jout ek ynspiraasje om mei faasje fierder te gean mei it útjaan fan nijsgjirrige boeken en dat yn ’e geast fan hoe’t Jan Pieter tocht oer de útjefte fan printsels.

Presintaasje

Bij de presentatie van Wat stiller wat better in It Heidenskip op zondag 24 september 2023 hield Jan Tom Schneider – een zoon van F. Springer – een toespraak ter gelegenheid van het in ontvangst nemen van het eerste exemplaar. Zijn toespraak is na te lezen op deze pagina.

Resinsje Friesch Dagblad

De oersetterswille spat fan de siden yn Jan Pieter Dykstra syn postúm ferskynde fertaling fan Met stille trom, oer F. Springer syn jierren as bestjoerder yn Nij-Guinea. Dat skreau Jan Ybema yn syn resinsje yn it Friesch Dagblad fan 11 novimber 2023. It hiele stik is hjir op de webside fan it Friesch Dagblad te lêzen.