Presintaasje De winskhoed fan Fortunatus

Mar leafst fjouwer Waling Dykstra’s krigen op 2 juny 2023 út hannen fan Abe de Vries in earste eksimplaar fan De Winskhoed fan Fortunatus. Under dy titel ferskynde by Utjouwerij DeRyp dizze ferhalesyklus fan de njoggentjinde-iuwske Fryske skriuwer Waling Dykstra nei 170 jier foar it earst yn boekfoarm. Abe de Vries hat de ferhalen sammele, oerbrocht yn in hjoeddeiske Fryske stavering en hy skreau in nijsgjirrige ynlieding by de ferhalen. Ek soarge hy foar in Nederlânsktalige oersetting.

De lokaasje fan de boekpresintaasje wie it dekôr fan it iepenloftspul oer Waling Dykstra dat op 8 juny yn premjêre gie. Yn Spannum, dêr’t Waling Dykstra yn de bakkerij fan syn mem holp, mar wat oars woe as bakker wurde. Alie de Haan fertelde op de presintaasje it ferhaal fan hoe ‘t it idee fan it iepenloftspul oer Waling Dykstra yn Spannum ûntstien wie. De fjouwer Waling Dykstra’s wiene trije spilers fan it iepenloftspul dy’t de Fryske skriuwer op ferskate leeftiden spylje, én de lêste echte Waling Dykstra, famylje fan de skriuwer en foarsitter fan de Waling Dykstra Stifting.

Waling Dykstra (1821 -1914) wie de wichtichste realistyske Fryske skriuwer fan de njoggentjinde iuw. Syn iere ferhalesyklus ‘De Winskhoed van Fortunatus’ publisearre Dykstra ûnder de skûlnamme Japik Japiks yn de jiergongen 1851-1853 fan it tydskrift De Fryske Húsfreon. Yn de ferhalen lit er syn alter ego Japik Japiks ûnder it Fryske doarpsfolk op syk gean nei de ‘condition humaine’. Ungemurken harket Japiks de petearen ôf, hy rekkenet ôf mei de romantyk en jout as skriuwer krityk en advys foar in better, lokkiger libben.

Dat is, sa sei ek Goffe Jensma yn syn praatsje, ek foar lêzers fan no noch wichtich, om’t it in realistysk, libben en perfoarst net romantisearre byld jout fan it Fryske doarpslibben yn de njoggentjinde iuw. Dat koe it publyk ek hearre doe’t Abe de Vries it begjin foarlies fan it ferhaal ‘Yn it bidlerkertier’:

Ik kaam ris yn de neibyheid fan in âld boufallich dykhûs, dat bûtendoar genôch sjen liet dat it net de went wie fan earlike krigele earmoed, mar fan in smoarge skoaiershúshâlding; de fodden en bellen op ’e line, sa giel as in term, en de fúlnisheap foar de doar, dêr’t by alles wat onhuerich wie, kofjetsjok en jiske, âlde skuon, swartbaarnde potdiggels, healferrotte stoelsmatten, lappen en flarden fan allerhande kleuren op gearbruid wienen, bewiisden my dat; want my tocht, in byinoarhâldend aard hie in hele bulte fan dat rêding, dat dêr nou ta ’n walch fan de foarbygonger lei, noch wol ta brânje brûkt. Dêrta wienen ynpleats de beammen fernield, dy’t om ’t hûs hinne stiene.

Foar it ‘bidlerswiif’ en har soan toant de ferteller gjin sympaty en dat hat er ek net foar oare swalkers op ‘e dyk. Mar likegoed skriuwt Japiks dat arbeiders gauris te min betelle wurde en dat boeren har personiel better behannelje moatte en net sa pronkje moatte mei harren rykdom. Ek fynt er it nuver dat earme lju net stimme meie. Progressive tinkbylden soest sizze kinne, mar oan de oare kant jout Japiks heech op fan it húslike libben, moat elk him foaral ta syn eigen stân bepale en mei syn eigen saken en húsgesin bemuoie, moatte wy begripe dat de hege hearen har bêst wol dogge mar no ienris net alles yn ’e maatskippij samar ferbetterje kinne.

Abe de Vries wiisde ek op it superieure taal – en stylgebrûk fan Waling Dykstra. Hy sitearre dêrby ek kollega-skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen dy ’t sei: “Elke oare Fryske skriuwer dy’t syn stikken lies, fielde wol det hi wat oer him hie det hjarren ûntbriek, hwet sûnders, det yen sa mar net oanwaeit.” Ek lettere Fryske skriuwers hawwe heech opjûn oer it rike taalgebrûk fan Waling Dykstra*.


Doe’t de praatsjes dien wiene, krigen de fjouwer Waling Dykstra’s de earste eksimplaren fan De Winskhoed fan Fortunatus. Nei ôfrin fan de boekpresintaasje koene ek de oare oanwêzigen – der wiene der in stik as fjirtich – it boek mei koarting keapje en dat waard grif dien.

*De hiele taspraak fan Abe de Vries is hjir te lêzen.

In wiidfiemjend stik oer ien fan de ferhalen út De winskhoed fan Fortunatus (‘De betsjoende dochter’) stiet hjir.

Resinsje fan Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant, 21-11-2023:

‘Hoe mear earmoed hoe mear hûnen’

De skriuwer fan de tretjin ferhalen út De Winskhoed fan Fortunatus beskikt oer in hoed dy’t him ticht by de minsken bringt sûnder dat se him yn ‘e rekken ha. Op dy wize beharket er allerhanne petearen, bygelyks tusken in boerinne en har faam oer it dragen fan in gouden earizer. ‘As in Friezinne dy’t op har eare stiet, har gouden earizer misse moat, dat falt har danige hurd; dat stiet by har omtrint nêst it ferliezen fan har ear.’

De skriuwer, dy’t him Japik Japiks neamt, kin troch de ferteltrúk fan de hoed ek yn in bidlerskertier komme, dêr’t bepraat wurdt hoe’t boerinnen foar de gek hâlde wurde mei from praat. ‘Ik tocht niis al, frou, doe’k it lân troch gyng, wat hat in minske al wat ontfongen! Sokke tierige greiden, sokke skoanne kij, sokke bêste stikken nôt!’

Waling Dijkstra (1821-1914) wie yn syn tiid de meast populêre skriuwer fan Fryslân. Twa jier nei syn ferstjerren krige er al in stânbyld. Mar syn rom is ferdwûn, lettere generaasjes seagen yn him allinnich in folksskriuwer. It stânbyld dat ea prominint foar de Beurs yn Ljouwert stie, fynt men no mei lijen werom yn de beamkes by de Noorderweg.

Mei in earste boekútjefte fan de Fortunatus-stikken (skreaun yn de jierren 1851-53) besiket Abe de Vries de reputaasje fan Dijkstra wer in positive triuw te jaan. Wat as earste opfalt is de byldzende skriuwstyl fan Dijkstra: ‘Dêrby seach ik dat, omtrint as in fjoerpylk dy’t snuorjend omheech giet, it bloed har út it hert nei de holle fleach.’
Mar om alles yn de tekst benei te kommen moat men wol in betúfte taalkundige wêze. Om bygelyks de fraach ‘Hast ek wat poeheid?’ te begripen hat de lêzer de Hollânske oersetting nedich. It bestjut: ‘Heeft het wat uitgehaald?’

Waling Dijkstra woe syn lêzers mei dizze ferhalen neffens Abe de Vries ‘krityk en advys foar in better, lokkiger libben’ jaan. Of soks ek foar in moderne lêzer jildt? Dijkstra is in earsten moralist. Bidlers is ‘ondogensk folk’, skriuwt er, dat der op út is ‘lju dy’t op in earlike manier har brea winne wat ôf te troggeljen’.

Hy pleitet foar hûnebelesting, sadat de earmen ‘needsake wurde om har oertollige kostgongers ôf te skypjen.’ De skriuwer hat it dochs al net op hûnen en earme minsken: ‘Hoe mear earmoed hoe mear hûnen.’ By dat moralisme heart ek it algeduerigen oanheljen fan rymkeskriuwers lykas Jacob Cats:

Een ander heeft altijd de schuld,
Geen mens en ziet zijn eigen bult.