De Fryske dichter Abe de Vries (Winaam, 1965) begûn te skriuwen as Nederlânske sjoernalist. Hy skreau foar Trouw en Elsevier. By Elsevier wie er redakteur oant 2006. Doe waard er útjouwer by de Friese Pers Boekerij. Nei alderlei oernameperikelen gie De Vries dêr fuort en waard lang om let einredakteur by it Friesch Dagblad. Abe de Vries skreau en skriuwt resinsjes, kollums en essees oer Fryske literatuer en kultuer.

Syn earste dichtbondel De weromkommer yn it ûnlân ferskynde yn 2002. Foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004) krige De Vries de Gysbert Japicxpriis. Út it sjueryrapport: “It dichterskip fan Abe de Vries (…) stekt troch toan, tematyk en behearsking sa opfallend boppe it meanfjild fan ‘e hjoeddeiske Fryske poëzy út”. 

Brek dyn klank is fan 2015 en is de sânde dichtbondel fan de produktive De Vries. Dêryn jout de dichter net allinnich omtinken oan syn jeugdjierren, mar skôget er ek syn rol as heit. Yn it earstoan stie Brek dyn klank op de list fan de fiif nominearre dichtbondels foar de Gysbert Japicxpriis 2017, mar de skriuwer lûk de bondel werom om’t er it net iens wie mei it profinsiale literatuerbelied (sjoch Leeuwarder Courant 12 augustus 2017).

Oer Brek dyn klank

Eppie Dam seit oer Brek dyn klank: “Lêst as in kronyk, mei bylden út ’e skiednis, sketsen fan ús kultuer, taalfoto’s ticht by hûs, en oeral is de dichter oanwêzich. Syn fyzje op wrâld en bestean is net roaskleurich, mar klankrykdom en byldzjend fermogen litte dizze poëtise saga oan alle kanten strielje”.  

Goffe Jensma mient: “Yn it dichtwurk fan Abe de Vries, of krekter, yn syn sânde poëzybondel – Brek dyn klank – wjerklinkt de Fryske literatuer. It is in hiel persoanlike en ek kwetsbere bondel wurden. De dichter set himsels hjir del as ien dy’t earder werom- as foarútsjocht, dy’t (bygelyks yn ‘De see sjen’) de dea ûnder eagen sjocht, dy’t syn tekoarten beneamt.It past by de Fryske literatuer dat dit ferlies útmjitten en fêstlein wurdt yn de taal en de metaforyk fan in ferdwinend lân.”

Mear: Goffe Jensma – ‘Wjerklank fan skiednis: Oer Abe de Vries syn Brek dyn klank‘. Yn: Skanoskrift, studinteblêd fan Fryske Taal & Kultuer oan ‘e RUG, 18 mei 2018.

Resinsjes fan Brek dyn klank

Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant 22 mei 2015: “Dizze bondel lit in dichter sjen dy’t wizer wurden is, learjild betelle hat en wit fan wâl en skip.”

Arjan Hut yn it Friesch Dagblad 12-09-2015: “De dichter ken syn matearje en lit dat oer alle boegen sjen: yn it boartsjen mei ferskillende fersfoarmen, yn it brûken fan de rykdommen fan taal.”

Sigrid Kingma – ‘Stylboarterij op it heechste nivo’, op de webside De Moanne 14 juli 2017: “De taal is ryk, it boerejargon sipelet troch de rigels hinne en de boarterij mei wurdsoarten en homonymen daagje de lêzer út.  

Friese-literatuursite van Jelle van der Meulen: “Abe de Vries publiceerde in 2002 zijn eerste dichtbundel, kreeg in 2005 de Gysbert Japicxprijs voor zijn tweede bundel en heeft inmiddels een indrukwekkend en consistent oeuvre bij elkaar gedicht. Daar past Brek dyn klank helemaal in.”

Werom nei bestelside Brek dyn klank of werom nei Produktside