Terug naar Producten

Abe de Vries – Blaumelly

15.00

Blaumelly is de tsiende dichtbondel fan Abe de Vries dy’t foar in eardere bondel de Gysbert Japicxpriis 2005 krige. De bondel is foarmjûn troch Johan Bouwhuis mei in opfallend reade hynstekop op it hurde omslach, nei in skilderij fan Johan Haanstra. De gedichten fine har woartels gauris yn de direkte leefomjouwing en persoanlike sfear fan de dichter, mar geane oer universele thema’s. Foegje dêrby pakkende byldspraak, tûk stal jûne emoasjes en maatskiplike belutsenens en men kriget sterke fersen dy ‘t der ta dogge. Neist eigen gedichten hat Abe de Vries ek oersettingen opnommen fan gedichten fan û.o. Robert Frost en Iosip Brodsky.

Mear ynformaasje oer Blaumelly                                           Sjoch de oanbieding

 

Categorie:

Extra informatie

Auteur

Abe de Vries

Druk

1e druk

Formaat

16,5 x 24,5

ISBN

9789082946864

Pagina's

64 siden

Taal

Frysk

Verschenen

november 2020