Omstreken is in ryk yllustrearre bondel mei 29 gedichten (yn in Fryske én Nederlânske fersy) dy’t Eppie Dam skreau by de abstrakte lânskippen fan Johan Haanstra (1914-1991), dy’t hy skildere yn de perioade dat er yn Warns, Fryslân wenne.

Eppie Dam seit oer de skilderijen: ‘De skilderijen wiene aventoerlik, útdaagjend en ferfrjemdzjend. It waard magy doe’t bliken die dat Haanstra syn ferfstikken topografise nammen meijûn hie, allegear werom te fieren nei de kaart fan Fryslân. Ik kaam titels tsjin as ‘Kollum’, ‘Tochmaland’, ‘Dongeradeel’, ‘De Mieden’, ‘Wijckel’, ja sels ‘Toppentwel’ – en as ik der al net wenne hie, dan krige ik der wol idee bij. It wie foar mij doe al dúdlik dat Haanstra noait op dy plakken west hat. Letter die bliken dat er se willekeurich – en sa te sjen mei grutte wille – út it tillefoanboek helle, mei de finger bij it register del.’

It wie foar de dichter Eppie Dam like aventoerlik en útdaagjend om by de skilderijen fan Haanstra gedichten te meitsje yn in Fryske én Nederlânske ferzje. Dam gie no ris ôf op de bylden, dan wer bliuw er hingjen oan de nammen en bytiden tsjinnen beide as ynspiraasje. Hoe’t Dam him ûnder oare ynspirearje lit troch wat er op in skilderij fan Haanstra sjocht, is te sjen yn it gedicht dat er makke by it skilderij ‘Abbega’ (olieverf op linnen, 60 x 60 cm) dat Haanstra yn 1982 makke: de twadde strofe fan it gedicht ‘de bocht bij abbegea’ dat Dam bij it skilderij makke giet sa:

fiif beammen gapje dy oan
bisto bij de bocht fan abbegea
de earste seit a
de twadde kryt b
de tredde seit ja
de fjirde och nee
(en de fyfde swijt gewoan)

Dam lit sjen dat er graach assosjearret en – sa’t we fan him wend binne – boartlik mei de taal omgiet. Bygelyks yn it gedicht ‘kûbaard’ dêr’t ek dúdlik yn te sjen is dat er him én troch it byld én troch de namme liede lit:

de dei docht wûnders oan kûbaard
mei acht kúb blauwen twa kúb grienen
in túbke sinne sûnder skaad
in himeldoek foar alle skroiemen
in likje read om fêst te mienen
der wurdt ek noch oer leafde praat

It boek is prachtig útjun op rom formaat (30 x 24) mei de skilderijen op ien blêdside (meastal de rjochterside) en de gedichten op de tsjinoerlizzende side. In inkelde kear koe dat net, om’t de gedichten dan te lang binne. De gedichten en it skilderij hawwe dan trije siden nedich. De skilderijen binne chronologysk yn fiif haadstikken indield. Foarmjouwer en opmakker Ankemarije Dam hat foar elk haadstik een skitterjend byld makke:

Efteryn it boek stean inkelde ‘Oantekeningen’. Dêryn wurde bygeliks inkelde nammen taljochte fan minsken oan wa’t de dichter guon gedichten opdroegen hat). Ek stiet efteryn it boek mear ynformaasje (yn it Nederlânsk) oer de skilder Johan Haanstra dy’t yn 1914 yn Oerisel berne is, yn 1976 ferhúze nei Fryslân (Warns). Haanstra fertelt sels oer de nije ûntwikkeling yn syn skilderwurk nei dy ferhuzing: “Er brak eindelijk een echt verdiende vrijheidsperiode aan en er kwam algauw een ommekeer in de werkontwikkeling. Niet in het minst door de sfeer van het wonen in Friesland!”

It boek slút ôf mei ‘Sprekende citaten’ fan in tsiental minsken oer it wurk fan Haanstra. Dêrûnder: “In zijn innerlijke landschappen komt het nooit tot overdadige uitbarstingen en evenmin tot clichés. De bevrijding ligt in een lyrische samenvoeging van vorm en kleur. De tinteling en zuiverheid ervan moet je voelen op de huid als wind en water en inademen als de Friese lucht.” (W.J. van der Beek)

Mutatis mutandis kin itselde sein wurde oer de Fryske en Nederlânske gedichten fan Eppie Dam dy’t yn 2017 de Gysbert Japicxpriis krige foar syn poëzy: In zijn gedichten komt het nooit tot overdadige uitbarstingen en evenmin tot clichés. De bevrijding ligt in een lyrische samenvoeging van vorm en taal. De tinteling en zuiverheid ervan moet je voelen op de huid als wind en water en inademen als de Friese lucht.

Resinsje FD

Op 29 april 2021 stie der yn it Friesch Dagblad in resinsje fan Omstreken. Resinsint Abe de Vreis wie wol te sprekken oer it boek:

De hiele resinsje is hjir te lêzen.

Presintaasje

Omstreken is op 2 oktober – koroanaproof mei 30 besikers – presintearre yn Museum Belvédère, dêr’t teffens in kabinet mei wurk fan Johan Haanstra iepene waard. Spesjaal nei oanlieding fan it ferskynen fan de gedichten fan Eppie Dam toant it museum yn it Haanstra-kabinet fan 3 oktober oant 13 desimber in seleksje fan Haanstra’s abstrakte lânskippen:

Fan jannewaris 2021 ôf is der in grutte tentoanstelling fan Haanstra te sjen yn Villa De Bank yn Ynskedee. De konservator hat yn Warns, by de widdo fan de skilder, mar leafst fyftich wurken útsocht.”

Leeuwarder Courant

Yn de Leeuwarder Courant fan 16 oktober stiet in paginagrut stik oer Omstreken, skreaun troch Elisabeth Post. Dy praatte ûnder oaren mei Ina Hogen Esch, de no 74-jierige widdo fan Haanstra yn Warns, dy’t tige bliid is mei de útjefte:

“Hogen Esch had overigens eerst wel haar twijfels of ze in zee wilde met de dichter. Veel werken van Haanstra zijn niet meer te achterhalen en foto’s van plaatjes uit een catalogus, dat zou de kwaliteit niet ten goede komen, dacht ze. ,,En als je het doet, dan moet het er wel mooi uit zien. Maar gelukkig kun je technisch tegenwoordig heel veel. Het boek is prachtig geworden”, zegt ze tevreden.

Ek de dichter, Eppie Dam, komt yn it artikel oan it wurd. Hy fertelt ûnder oare dat hy bêst senuweftig wêst hat (“Je presenteert toch het werk van iemand anders.”), mar dat alles letterlik goed fielt. Foar de foarmjouwing skeakele Dam syn dochter Ankemarije y: “Met haar heb ik twaalf keer achter het scherm gezeten voordat alles werkelijk op zijn plek viel. Zij kent mijn beperkingen, en zonder haar had ik het niet gered.”