Terug naar Producten
Oanbieding: 3 dichtbondels Abe de Vries
€37.50 €15.00
De trije dichtbondels fan Abe de Vries dy’t by Utjouwerij DeRyp útkaam binne fan 2015 oant 2020 binne no foar in spotpriis te keap. It giet om de bondels Brek dyn klank (2015), Opskuorgebieten (2017) en Blaumelly (2020). Mei syn trijen kostje se no € 15,-
Categorie: Producten
Gerelateerde producten

Ytsje Hettinga & Jan de Vries – It grutte swijen. De moord op Piebe Hoekema en de gevolgen
Op 17 november 1944 is de 22-jarige Piebe Hoekema uit Koudum doodgeschoten bij Norg door Duitse officieren. Zijn dood bracht een verrader in het dorp en ontmaskerde mogelijk een tweede, waarvan het lot duister is. Door jarenlang onderzoek en vele soms beladen gesprekken, heeft Jan de Vries in kaart gebracht wat er gebeurd kan zijn in Koudum in de winter van 1944-1945. Op grûn fan de befiningen fan Jan de Vries hat Ytsje Hettinga in toanielstik yn trije monologen skreaun foar Teatergroep SULT. Sa wurdt 75 jier nei de Twadde Wrâldoarloch dúdlik makke wat in drama as dit yn dizze famyljes teweechbrocht hat. Mar it soe ek gean kinne oer oare famyljes yn oare plakken, oer oare memmen en oare susters. Mear ynformaasje oer It grutte swijen

Abe de Vries – Blaumelly
Blaumelly is de tsiende dichtbondel fan Abe de Vries dy’t foar in eardere bondel de Gysbert Japicxpriis 2005 krige. De bondel is foarmjûn troch Johan Bouwhuis mei in opfallend reade hynstekop op it hurde omslach, nei in skilderij fan Johan Haanstra. De gedichten fine har woartels gauris yn de direkte leefomjouwing en persoanlike sfear fan de dichter, mar geane oer universele thema’s. Foegje dêrby pakkende byldspraak, tûk stal jûne emoasjes en maatskiplike belutsenens en men kriget sterke fersen dy 't der ta dogge. Neist eigen gedichten hat Abe de Vries ek oersettingen opnommen fan gedichten fan û.o. Robert Frost en Iosip Brodsky. Mear ynformaasje oer Blaumelly Sjoch de oanbieding

It Blauwe Hûs
It Blauwe Hûs, skreaun en tekene troch Skelte Siweris Braaksma, fertelt byldzjend oer de skiednis fan it doarp Blauhûs troch de iuwen hinne. It giet oer oerstreamingen, drûchlizzing en de oarloch; mar ek oer skoalle, tsjerke, karnaval en Merke. En dat de tiid yn Blauhûs net stil stien hat. Mear ynformaasje oer It Blauwe Hûs

Klaas Werumeus Buning – No sa
Dit boek, geschreven door Sabine van den Berg en Jan Pieter Dykstra Hzn, geeft een beeld van het oeuvre van de in Pietersbierum wonende en werkende kunstenaar die oorspronkelijk uit Workum komt. Uiteraard is er veel beeldmateriaal te vinden in dit lijvige boekwerk. Dit boek, skreaun troch Sabine van den Berg en Jan Pieter Dykstra Hzn., jout
ynsjoch yn it tal wurken dat dizze yn Pietersbierum wenjende keunstskilder oant
no ta makke hat. Fansels binne in protte fan syn wurken ôfprinte yn dit boek. Mear ynformaasje oer Klaas Werumeus Buning - No sa