Terug naar Producten

Marten Groenhof – De Krúspôllen

15.00

By it tarieden fan de útjefte Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip kaam in nijsgjirrich sketsboekje fan Marten foar it ljocht mei sketsen / akwarellen oer de ûngetiid op de Krúspôlen yn de Fluessen. Ynearsten wienen wy fan doel om inkele sketsen yn it boek op te nimmen. Mar geandewei kamen wy ta de konklúzje dat hjir en dêr in tekening of akwarel yn it boek net rjocht dwaan soe oan de skientme fan dy wrâld sa’t hy dy dêr ûndergien hat. Dêrfandinne dat wy besletten ha om it sketsboek, mei de gedichtsjes fan Marten – fansels mei tastimming fan de famylje Groenhof – yn syn hiele hear en fear as in aparte útjefte yn it ljocht te jaan.

 

Mear ynformaasje oer De Krúspôllen

Categorie:

Extra informatie

Auteur

Marten Groenhof

Druk

1e druk

Formaat

28 x 20 cm

Pagina's

23 siden