Informatie in het Nederlands hieronder

Yn 2001 is Abe de Vries op reizen nei East-Europa úteinset mei syn Frysk dichtsjen. No tweintich jier en tsien dichtbondels letter publisearret útjouwerij DeRyp in twatalige blomlêzing (Frysk-Nederlânsk) fan 45 gedichten út dy tsien bondels. De titel fan de bondel is Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom.

“In prachtige bondel: in ritmysk lûd fan wjerstânsfermogen en hoekhâlden”, sa seit Friduwih Riemersma fan dizze blomlêzing. Riemersma fersoarge ek in koarte ynlieding dêr’t se yn in pear bledsiden de poëtyske betsjutting fan Abe de Vries yn besiket te tsjutten. De Vries is ien fan de belangrykste Fryske dichters yn de 21e iuw oant no ta, sa net de belangrykste.

De presintaasje fan de blomlêzing soe op 17 july yn De Vermaning yn Warkum wêze. Spesjaal foar de gelegenheid soe soan Tim de Vries oerkomme út Wenen en op syn fioele spylje. Troch de koroanaperikelen is it optreden fan Tim én de presintaasje fan de blomlêzing net trochgean.

Mar de blomlêzing is der fansels wol, mei de kar dy’t útjouwer en dichter makke hawwe út de bondels dy’t Abe de Vries sûnt syn debútbondel De weromkommer yn it ûnlân (2002) yn it ljocht joech. Foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004) krige er yn 2005 de Gysbert Japicxpriis. Abe de Vries is ek in betûft fotograaf. By elk fan de tsien parten yn de blomlêzing stiet in foto dy’t hy sels makke hat.

Op septimber stie yn it Friesch Dagblad in tige positive resinsje troch resinsent Arjan Hut.

NL

In 2001 begon Abe de Vries op reizen naar Oost-Europa met het schrijven van Friese gedichten. Nu, twintig jaar en tien dichtbundels later, publiceert uitgeverij DeRyp een tweetalige bloemlezing (Fries-Nederlands) van 45 gedichten uit die tien bundels. De titel van de bundel is Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom.

‘Een prachtige bundel: een ritmisch geluid van weerstandsvermogen en standvastigheid’, aldus Friduwih Riemersma over deze keuze. Riemersma verzorgde ook een korte inleiding waarin ze in een paar bladzijden de poëtische betekenis van Abe de Vries probeert te duiden. De Vries is één van de belangrijkste Friese dichters in de 21e eeuw tot nu toe, zo niet de belangrijkste.

De presentatie van de bloemlezing zou op 17 juli in De Vermaning in Workum zijn. Speciaal voor de gelegenheid zou zoon Tim de Vries overkomen uit Wenen en enkele solovioolstukken spelen. Na het Conservatorium van Amsterdam trok Tim op 19-jarige leeftijd naar Wenen om verder te studeren bij professor Boris Kuschnir aan de Musik und Kunst Privatuniversität der Stadt Wien. Door de coronaperikelen kon het optreden van Tim én de presentatie van de keuze niet doorgaan.

Maar de bloemlezing is er natuurlijk wel, met de keuze die uitgever en dichter gemaakt hebben uit de bundels die Abe de Vries sinds zijn debuut De weromkommer in it ûnlân (2002) in het licht gaf. Voor zijn tweede bundel In waarm wek altyd (2004) kreeg hij in 2005 de Gysbert Japicxpriis. Abe de Vries is ook een vaardig fotograaf. Bij elk van de tien delen in de bloemlezing staat een foto die hij zelf heeft gemaakt.