It Blauwe Hûs, skreaun en tekene troch Skelte Siweris Braaksma, fertelt byldzjend oer de skiednis fan it doarp Blauhûs troch de iuwen hinne. It giet oer oerstreamingen, drûchlizzing en de oarloch; mar ek oer skoalle, tsjerke, karnaval en Merke. En dat de tiid yn Blauhûs net stil stien hat. Mear ynformaasje oer It Blauwe Hûs
Blikbuert is in oersetting fan John Steinbecks ferneamde roman Cannery Row (1941). It boek spilet him ôf yn de rook en it rûzige libben fan Monterey, Kalifornië. De titel komt fan it fabryk dêr’t sardines ynblikt wurde. Blikbuert beskriuwt in kleurrike mjuks fan gokkers, wielderige froulju, sûplappen, skarlunen, omstippers en keunstners dy’t mei elkoar besykje te oerlibjen en troch de tiid skarrelje. De oersetter fan dit boek, Jan Pieter Dijkstra fan Warkum, hat de sfear fan Steinbeck yn it Frysk poerbêst oernaam. Mear ynformaasje oer dit boek.
By it tarieden fan de útjefte Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip kaam in nijsgjirrich sketsboekje fan Marten foar it ljocht mei sketsen / akwarellen oer de ûngetiid op de Krúspôlen yn de Fluessen. Ynearsten wienen wy fan doel om inkele sketsen yn it boek op te nimmen. Mar geandewei kamen wy ta de konklúzje dat hjir en dêr in tekening of akwarel yn it boek net rjocht dwaan soe oan de skientme fan dy wrâld sa’t hy dy dêr ûndergien hat. Dêrfandinne dat wy besletten ha om it sketsboek, mei de gedichtsjes fan Marten - fansels mei tastimming fan de famylje Groenhof - yn syn hiele hear en fear as in aparte útjefte yn it ljocht te jaan. Mear ynformaasje oer De Krúspôllen
Marten Groenhof (1925-1978) fan It Heidenskip wie boer, mar hat ek in hiel soad skildere. Hy wie autodidakt en hie in soad each foar de omjouwing fan It Heidenskip en foar alles wat der op it wetter siet dêr yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Hy hat it sels prestearre in eigen tsjotter te bouwen, dêr't er by wedstriden hiel goed mei út 'e wei koe. Yn it ramt fan de Toochdagen dy't DeRyp ein augustus 2020 organisearre, kamen der mear as 175 wurken fan Groenhof foar it ljocht. Al dizze wurken binne opnommen yn it Groenhof-stamboek en tagelyk ek profesjoneel op de foto set. In grut part fan dizze foto's stean yn it dit boek Marten Groenhof, boer/skilder yn it Heidenskip. Dêryn is ek in koarte libbensbeskriuwing fan Marten Groenhof opnommen en foto’s fan it atelier en de boerebehuzing dêr't Marten en de frou har hiele libben wenne hawwe. Mear ynformaasje oer Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip