Jan Pieter Dijkstra en Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp wiene drok dwaande mei it tarieden fan de útjefte Martten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip doe’t se in nijsgjirrich sketsboekje fan Marten Groenhof tsjinkamen. Yn it sketsboek hat Marten Groenhof yn 19 tekeningen en akwarellen de ûngetiid werjûn op de Krúspôlen, trij lytse eilantsjes yn de Fluessen.

Ynearsten wie Utjouwerij fan doel om inkele sketsen yn it boek oer Marten Groenhof op te nimmen. Mar geandewei wie de konklúzje dat hjir en dêr in tekening of akwarel yn it boek net rjocht dwaan soe oan de skientme fan dy wrâld sa’t Marten Groenhof dy dêr ûndergien hat. Dêrfandinne is it sketsboek, mei de gedichtsjes fan Marten – fansels mei tastimming fan de famylje Groenhof – yn syn hiele hear en fear as in aparte útjefte yn it ljocht te jaan.

Yn in sels skreaune ynlieding seit Marten Groenhof yn 1970:

By alle 19 sketsen of akwarellen hat Marten Groenhof sels in lyts gedichtsje fan fjouwer rigels makke dêr’t hy de sitewaasje dy’t er sketst hat ek yn wurden beskriuwt. Hjirûnder de earste en de lêste skets yn it sketsboek fan Marten Groenhof:

De earste ôfbylding yn De Krúspôllen
De lêste ôfbylding fan De Krúspôllen