Yn it sfearfolle atelier fan Frisian Restorers yn Ljouwert presentearre Utjouwerij DeRyp op 1 oktober 2021 de earste Fryske dichtbondel fan Erik Betten: Palimpsest. In palimpsest is yn de argeology en boekwittenskip in stikje perkamint dat opnij brûkt is. De oarspronklike tekst waard fan it perkamint ôfskraapt sadat der in nije tekst op skreaun wurde koe. It titelfers fan dizze bondel begjint dan ek mei de rigels:

Ik ha dit earder skreaun, wer wiske,
skrast yn lagen.

Op in fraach oft it Frysk foar him oars skriuwt as it Nederlânsk, joech Betten as antwurd: “Ja, folslein oars. De beheining fan it brûken fan in tredde taal bringt tagelyk in fertraging dy’t my djipper yn it fers lûkt, nei in wurd- en klanknivo dat hiel ferrassende resultaten opsmyt. It skriuwen wurdt sa in geweldich aventoer.”

Yn it Friesch Dagblad stie yn de wike nei it ferskinen fan Palimpsest in ynterview fan Abe de Vries mei Erik Betten. It Frysk is net syn memmetaal, mar dy hat er eins ek net: “Mei in dôve heit en in healdôve mem, de ien út ’e Stellingwerven, de oar út Grins, en mei in jonkheid yn it Ljouwerter Aldlân krige er fan alles mei: gebeartetaal, Nederlânsk, Stedsfrysk, en letter, nei in kursus, ek geef Frysk.” Mei troch syn thússitewaasje hat er altyd tige niget hân oan taal. Doe’t er foar it friesch Dagblad begûn te skriuwen, hearde it Frysk der ek by en hat er in kursus Frysk dien.

Betten hie altyt al it gefoel dat er skriuwe woe: “Ik haw in oanstriid om dingen te fangen yn wurden.” Dat er de Fryske taal keas foar syn gedichten, komt ek om’t er it Frysk mei syn twa- en trijelûden moaier klinke fynt as it Nederlânsk. En hy moar der mear oer neitinke: “Yn it Frysk moat ik elke sin feroverje. Dat twingt ta fertraging, ta ekstra konsintraasje.” En oer de gedichten yn Palimpsest seit Betten: “Der sitte ferskate tema’s yn, dy’t ûnderling in relaasje oangean. Yn hast alle gedichten giet it oer kommunikaasje oan ’e iene, en ôfstân, stilte, oan ’e oare kant. Wêr hearst by, hoe wurdt dat bepaald, wat makket datst dysels sjochst as part fan in groep? It komt der op del: taal is yn prinsipe the next best thing , in better ynstrumint ha wy net om ús ferbûn te fielen mei de wrâld en de minsken om ús hinne.”

Guon gedichten út Palimpsest ha earder stien op ferskate plakken. Sa stie it titelgedicht ‘Palimpsest’ earder op de webside fan Frysk Dichterskollektyf Rixt. It gedicht ‘Aldlân’ stie al yn 2017 op de webside fan it literêr tiidskrift Fers 2 (3.10, 21 maaie 2017) en it gedicht ‘Núnderpaad’ op Fers2, nû. 5.17, 3 novimber 2019. De gedichten ‘Ut de hichte’ en ‘Fatum’ waarden dit jier publisearre op Fers 2 (nû. 7.3, 30 maaie 2021).

De foarmjouwing en it omslachûntwerp fan Palimpsest binne fan Ankemarije Dam út Eelde en it printwurk is fersoarge troch Grafische Groep Van der Eems yn Easterein. De bondel koe publisearre wurde tanksij subsydzje fan it Nederlands Letterenfonds, de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting.

Resinsje Friesch Dagblad

Op 15 novimber 2021 waard yn it Friesch Dagblad in resinsje fan Palimpsest publisearre troch Arjan Hut, de poëzyresinsint fan de krante. As yntro boppe it artikel stiet: “Sjoernalist en histoarikus Erik Betten (1976) bringt mei Palimpsest syn dichtersdebút út, en docht dat yn it Frysk. Hjir lit him in skriuwer sjen dy’t wit wat er docht en dy’t al gâns meters makke hat.” Yn de resinsje seit Hut ek: “Yn soepele halen beskriuwt de dichter hoe’t men himsels troch de tiid op ‘e nij útfynt, en deselde dingen oars, better of minder docht.”

Neffens Hut is Palimpsest “in bondel dy’t gauris in mankelyk, maatskippijkritysk en filosofysk karakter hat. Hut seit ek dat de gedichten fan Betten de toan oproppe fan de gedichten fan ‘Deiblêdkollega-dichter’ Abe de Vries “sa’t er de wurden skikt bytiden, of as er it rjochtlinige fan it moderne lânskip beskriuwt”. In grut kompliment foar de debútearjende dichter: fergelike wurden mei in Gysbert Japicxpriiswinner!

Yn ‘e beheining fan in kranteresinsje wit Arjan Hut de essinsje fan Palimspest fan Erik Betten moai gear te fetsjen,. Hy jout ek moaie en dúdlike foarbylden.

Resinsje Fers 2

Ein oktober 2021 kaam op it Fryske literêre ynternettydskrift Fers 2 in resinsje fan Palimpsest – “in sterk dichtdebút” – fan Friduwih Riemersma. De titel fan de resinsje is ek al prachtig: ‘Stimleas yn it auditoarium’. Lykas Arjan Hut yn syn kranteresinsje giet Riemersma ûnder oaren yn op de tematyk fan it ‘bern-fan-dôve-âlden’ dat benammen yn it earste diel fan de bondel ‘Alde tekens’ yn in syklus fan sân gedichten nei foaren komt. Sy kin yn de resinsje yn Fers 2 útsoarte dêr djipper op yngean en se wiist op de licht bittere toan dy’t as in reade trie troch de bondel rint. Dy toan fynt faaks mei as oarsaak de problemen dy’t ûnûntrinber ûntstien as in bern opgroeit mei dôve âlden.

Riemersma makket rake opmerkingen oer de styl fan de dichter yn dizze bondel. Sa sjochts hja it “ûnderoan dangelje litten fan ien, twa inkelde wurdsjes” yn in fers as in fêst stylelemint. Se wiist op byldspraak, symbolyk, ritme, rym en strof-yndieling en en passant op in moai pleonasme en in effektive isolearre pleatsing fan in wurdsje. Ek op it maatskippijkritysk en filosofysk karakter fan Palimpsest dêr’t Hut op wiist, giet Riemersma folle djipper yn. Dêrby mijt se it neamen en sitearjen fan ferneamde nammen as Einstein, Copernicus, Byron of Freud net. Dat leveret dan bygelyks opmerkingen op as: “Lucretius, Pope en Voltaire bewize genôch dat poëzy in drager fan filosofy wêze kin.”

Riemersma wiist ek op de romantyske tindins dyt yn Palimsest sit. Mar it is gjin platte, konservative romantyk dy’t werom longeret nei it ferline: “Mar efter dat konservatisme, ûntkennen fan ferantwurdlikens foar it minsklik wolwêzen troch of nettsjinsteande technologyske foarútgong, dy nostalgy nei de “ûntrochsichtichheid” fan tsjokke tabaksmookwolken, dêr stiet de koda: dy fielt him stimleas yn it auditoarium. Jo meitsje him net samar wiis dat er faaks fet hat op syn wrâld. Oangripend is syn klacht dat, wylst de minske om te oerlibjen oanwiisd is op kennis fan tiid, dy hielendal gjin waarnimmingssysteem foar gronologyske tiid hat, en it dwaan moat mei in fuortbringsel fan de geast, in gefoel fan ferglydzjen fan tydlike ûnderfiningen.”

Bestel Palimpsest fan Erik Betten