Producten
Resultaat 25–36 van de 45 resultaten wordt getoondGesorteerd op nieuwste
Mapje kaarten Marten Groenhof
8 dubbele kaarten (2x 4 afbeeldingen van schilderijen van Marten Groenhof) met enveloppen.
Meer informatie (en foto's van de afbeeldingen).
Marten Groenhof – De Krúspôllen
By it tarieden fan de útjefte Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip kaam in nijsgjirrich sketsboekje fan Marten foar it ljocht mei sketsen / akwarellen oer de ûngetiid op de Krúspôlen yn de Fluessen. Ynearsten wienen wy fan doel om inkele sketsen yn it boek op te nimmen. Mar geandewei kamen wy ta de konklúzje dat hjir en dêr in tekening of akwarel yn it boek net rjocht dwaan soe oan de skientme fan dy wrâld sa’t hy dy dêr ûndergien hat. Dêrfandinne dat wy besletten ha om it sketsboek, mei de gedichtsjes fan Marten - fansels mei tastimming fan de famylje Groenhof - yn syn hiele hear en fear as in aparte útjefte yn it ljocht te jaan.
Mear ynformaasje oer De Krúspôllen
Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip
Marten Groenhof (1925-1978) fan It Heidenskip wie boer, mar hat ek in hiel soad skildere. Hy wie autodidakt en hie in soad each foar de omjouwing fan It Heidenskip en foar alles wat der op it wetter siet dêr yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Hy hat it sels prestearre in eigen tsjotter te bouwen, dêr't er by wedstriden hiel goed mei út 'e wei koe. Yn it ramt fan de Toochdagen dy't DeRyp ein augustus 2020 organisearre, kamen der mear as 175 wurken fan Groenhof foar it ljocht. Al dizze wurken binne opnommen yn it Groenhof-stamboek en tagelyk ek profesjoneel op de foto set. In grut part fan dizze foto's stean yn it dit boek Marten Groenhof, boer/skilder yn it Heidenskip. Dêryn is ek in koarte libbensbeskriuwing fan Marten Groenhof opnommen en foto’s fan it atelier en de boerebehuzing dêr't Marten en de frou har hiele libben wenne hawwe.
Mear ynformaasje oer Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip
Waling Dykstra – Folksskriuwer
Proaza, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries.
Folksskriuwer Waling Dykstra (1821-1914) is ien fan de belangryste Fryske ferhaleskriuwers fan de njoggentjinde iuw. Syn ferhalen gean oer it goede en tsjoede tinken en hanneljen fan gewoane minsken yn (noch altyd) werkenbere situaasjes. Hy hat der hûnderten skreaun foar tydskriften en sammelbondels. Tweintich fan syn koartere ferhalen binne hjir opnaam yn oanpaste stavering. Se hearre ta it bêste proaza dat yn it Frysk ferskynd is.
Mear ynformaasje oer Waling Dykstra - Folksskriuwer Sjoch de oanbieding
Abe de Vries – Blaumelly
Blaumelly is de tsiende dichtbondel fan Abe de Vries dy’t foar in eardere bondel de Gysbert Japicxpriis 2005 krige. De bondel is foarmjûn troch Johan Bouwhuis mei in opfallend reade hynstekop op it hurde omslach, nei in skilderij fan Johan Haanstra. De gedichten fine har woartels gauris yn de direkte leefomjouwing en persoanlike sfear fan de dichter, mar geane oer universele thema’s. Foegje dêrby pakkende byldspraak, tûk stal jûne emoasjes en maatskiplike belutsenens en men kriget sterke fersen dy 't der ta dogge. Neist eigen gedichten hat Abe de Vries ek oersettingen opnommen fan gedichten fan û.o. Robert Frost en Iosip Brodsky.
Mear ynformaasje oer Blaumelly Sjoch de oanbieding
Eppie Dam – Omstreken – uitverkocht
Omstreken is een rijk geïllustreerde bundel gedichten (in zowel een Friese als een Nederlandse versie) die Eppie Dam schreef bij de abstracte landschappen van Johan Haanstra (1914-1991) die deze schilderde in de periode (vanaf 1976) dat hij In Friesland, in Warns woonde.
Mear ynformaasje oer Omstreken
N.B. Dit boek is uitverkocht
It Blauwe Hûs
It Blauwe Hûs, skreaun en tekene troch Skelte Siweris Braaksma, fertelt byldzjend oer de skiednis fan it doarp Blauhûs troch de iuwen hinne. It giet oer oerstreamingen, drûchlizzing en de oarloch; mar ek oer skoalle, tsjerke, karnaval en Merke. En dat de tiid yn Blauhûs net stil stien hat.
Mear ynformaasje oer It Blauwe Hûs
Eppie Dam & Lienke Boot – Tjilp!
25 vogelgedichten van Eppie Dam voor grote en kleine piepers. Met lino's van Lienke Boot. Vertaald uit het Fries door de auteur.
Meer informatie over Tjilp!
Marije Roorda- In spantou om ‘e tiid – útferkocht
Debútbondel fan Marije Roorda. De bondel befettet 31 gedichten, ferdield oer trije skiften: Troch see omseame, Stilsteand wetter en Opkommend tij. Yn har poëzy ûndersiket Roorda wichtige fasetten fan it bestean, lykas leafde en dea. Beskriuwingen fan it lânskip en it ferrinnen fan de tiid komme hieltyd werom.
Ferskynd yn juny 2017, 3e printinge desimber 2017. Útferkocht
Tsjilp! – Eppie Dam en Lienke Boot
Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar grutte en lytse protters en presintearret 25 fûgelgedichten fan Eppie Dam mei lino’s fan Lienke Boot.
No 3e printinge!
Mear ynformaasje oer Tsjilp!
Opskuorgebieten
Opskuorgebieten is Abe de Vries syn antwurd op de krisis fan de Frysktalige kultuer: Lyryske, klassike, engazjearre en bitende poëzy oer it Fryslân fan hjoed.
Mear ynformaasje oer Opskuorgebieten Sjoch de oanbieding
Brek dyn klank
Sânde dichtbondel fan Abe de Vries mei gedichten oer syn bertedoarp, oer syn soan, oer wurden en kleuren en oer de deadebetinking.
Mear ynformaasje oer Brek dyn klank. Sjoch de oanbieding