Boeken
Resultaat 1–12 van de 17 resultaten wordt getoondGesorteerd op nieuwste
Klaas Ybema – Bern op ‘e romte
Klaas Ybema (1955), waarman te Workum, hat in Fryske ferhalebondel skreaun oer syn eigen bernejierren. It plak fan hanneling is ‘Pankoeken’, in buorskipke fan in pear pleatsen tusken Wytmarsum en Hichtum, mar oeral fier fan ôf. Hoe wie it doe yn ‘e sechstiger jierren om sa grut te wurden op dy ienlike pleats, dêr’t earst noch gjin stroom en wetterlieding wie?
De ferhalen geane oer it libben op dy pleats fan in grifformearde húshâlding yn in ferpyldere mienskip. It boerewurk, de skoalle, de feestdagen, de fakânsjes, de deistige dingen. It kin net oars of hûnderten minsken fan deselde leeftiid dy’t sa grut wurden binne, sille dat werkenne. Foar oaren dy’t letter of ûnder oare omstannichheden opgroeiden giet in aparte wrâld iepen.
mear ynformaasje oer Bern op ‘e romte
Waling Dykstra – De winskhoed fan Fortunatus
Waling Dykstra (1821-1914) wie de belangrykste realistyske Fryske skriuwer fan de njoggentjinde iuw. Syn betide ferhalesyklus ‘De Winskhoed fan Fortunatus’ út de earste helte fan de fyftiger jierren wurdt mei dizze twatalige útjefte foar it earst yn boekfoarm publisearre. Dykstra lit syn alter ego Japik Japiks ûnder it Fryske doarpsfolk op syk gean nei de ‘condition humaine’. Ungemurken beharket er harren petearen, hy weeft ôf mei de romantyk en jout as skriuwer krityk en advys foar in better, lokkiger libben. Literatuuronderzoeker Abe de Vries brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk.
Waling Dijkstra (1821-1914) was de belangrijkste realistische Friese schrijver van de negentiende eeuw. Zijn vroege verhalencyclus ‘De Wenshoed van Fortunatus’ uit de eerste helft van de jaren vijftig wordt met deze tweetalige uitgave voor het eerst in boekvorm gepubliceerd. Dijkstra laat zijn alter ego Japik Japiks onder het Friese dorpsvolk op zoek gaan naar de ‘condition humaine’. Ongemerkt luistert hij hun gesprekken af, hij rekent af met de romantiek en geeft als schrijver kritiek en advies voor een beter, gelukkiger leven. Literatuuronderzoeker Abe de Vries bracht de verhalen in een licht gemoderniseerde Friese spelling bij elkaar en verzorgde tevens de vertaling naar het Nederlands en een inleiding op het werk.
Mear ynformaasje oer De winskhoed fan Fortunatus
Eeltsje Hettinga – Te pearde/ Te peerde – útferkocht
Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing Te pearde–Te peerde gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by.
Meer informatie over Te pearde – Te peerdeMarten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip
Marten Groenhof (1925-1978) fan It Heidenskip wie boer, mar hat ek in hiel soad skildere. Hy wie autodidakt en hie in soad each foar de omjouwing fan It Heidenskip en foar alles wat der op it wetter siet dêr yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Hy hat it sels prestearre in eigen tsjotter te bouwen, dêr't er by wedstriden hiel goed mei út 'e wei koe. Yn it ramt fan de Toochdagen dy't DeRyp ein augustus 2020 organisearre, kamen der mear as 175 wurken fan Groenhof foar it ljocht. Al dizze wurken binne opnommen yn it Groenhof-stamboek en tagelyk ek profesjoneel op de foto set. In grut part fan dizze foto's stean yn it dit boek Marten Groenhof, boer/skilder yn it Heidenskip. Dêryn is ek in koarte libbensbeskriuwing fan Marten Groenhof opnommen en foto’s fan it atelier en de boerebehuzing dêr't Marten en de frou har hiele libben wenne hawwe.
Mear ynformaasje oer Marten Groenhof, boer/skilder fan It Heidenskip
It Blauwe Hûs
It Blauwe Hûs, skreaun en tekene troch Skelte Siweris Braaksma, fertelt byldzjend oer de skiednis fan it doarp Blauhûs troch de iuwen hinne. It giet oer oerstreamingen, drûchlizzing en de oarloch; mar ek oer skoalle, tsjerke, karnaval en Merke. En dat de tiid yn Blauhûs net stil stien hat.
Mear ynformaasje oer It Blauwe Hûs
Eppie Dam & Lienke Boot – Tjilp!
25 vogelgedichten van Eppie Dam voor grote en kleine piepers. Met lino's van Lienke Boot. Vertaald uit het Fries door de auteur.
Meer informatie over Tjilp!
Tsjilp! – Eppie Dam en Lienke Boot
Fûgels litte har hearre. Se tsjotterje, tsjilpe, krasse en kweakje yn de gedichten fan dizze klinkende bondel. Fûgels litte har sjen. Stappend, hippend of fleanend, ja sels slûgjend toane se har foarmen en kleuren yn dit boek mei prachtige platen. Tsjilp! is foar grutte en lytse protters en presintearret 25 fûgelgedichten fan Eppie Dam mei lino’s fan Lienke Boot.
No 3e printinge!
Mear ynformaasje oer Tsjilp!
Opskuorgebieten
Opskuorgebieten is Abe de Vries syn antwurd op de krisis fan de Frysktalige kultuer: Lyryske, klassike, engazjearre en bitende poëzy oer it Fryslân fan hjoed.
Mear ynformaasje oer Opskuorgebieten Sjoch de oanbieding
Brek dyn klank
Sânde dichtbondel fan Abe de Vries mei gedichten oer syn bertedoarp, oer syn soan, oer wurden en kleuren en oer de deadebetinking.
Mear ynformaasje oer Brek dyn klank. Sjoch de oanbieding
Waling Dykstra – Duvelskeunstner
Duvelskeunstner is in blomlêzing gedichten fan de njoggentjinde-iuwske skriuwer Waling Dijkstra (1821-1914). Gearstalller Abe de Vries neamt Dijkstra's poëzij yn syn ynlieding 'de ûnbekendste bekende poëzij yn de Fryske literatuer'. Populêrder as Dykstra yn syn gloarjetiid wie, hat gjin Fryske skriuwer wer west, mar syn gedichten komme net foar yn de meast resinte algemiene poëzijblomlêzingen, of it moat in inkelde liettekst wêze. It foardiel is dat syn grut poëtysk oeuvre – it earste fers hjir datearret fan 1838, doe’t er 17 wie, it lêste fan 1912, doe’t er 90 wie – noch op ûntdekking wachtet. Dizze blomlêzing is de earste út inkeld syn gedichten.
Mear ynformaasje oer Duvelskeunstner
It libben fan Freark fan Hallum – útferkocht
Freark fan Hallum beskriuwt it libben fan earwearde pater Frederik van Hallum (1125-1175) de stichter en de earste abt fan it kleaster Mariëngaarde, de tún fan de Hillige Maria, sa’t er it kleaster neamde by de stichting yn 1163. Freark wie der abt fan 1163 oan’t 1175. Freark fan Hallum, oarspronklik yn it Latyn skreaun troch kanunnik Sibrandus Leo (1528-1583) is streekrjocht fan it Latyn oersetten yn it Frysk troch Klaas Bruinsma (1931-2018). Klaas Bruinsma hat mear as 30 titels oersetten út ferskate talen sa as it Gryksks, Latyn, Midflaamsk, Spaansk, mar ek Midnederlânsk nei it Frysk wêrûnder de trije trageedzjes fan Sofoklês wêrmei hy yn 1993 de Obe Postmapriis wûn. Yn 2007 ûntfong Bruinsma de Sulveren Anjer fan it lanlik Prins Bernardfonds.
Mear ynformaasje oer It libben fan Freark fan Hallum
Peter Hein – Rop my werom
Yn it boek Rop my werom oer Tsjêbbe Hettinga wurdt in byld sketst fan de earste stappen fan de jonge dichter yn syn berteplak Burchwert en yn syn bestean as dichter. It boek is in echt mienskipsprojekt wurden. Burchwerters en âld Burchwerters hawwe mei help fan inkele oaren de ynformaasje jûn dy’t de basis foarmet foar dizze publikaasje.
De skriuwer - Peter Hein - hat de ynterviews en oanlevere teksten ferwurke ta in lêsber gehiel en in relaasje lein mei it gedicht Lytse jonge dat Tsjêbbe oer it doarp Burchwert fan syn jonge jierren skreau.
De fotografe - Martina Ketelaar - hat dêrby har eigen ynterpretaasje fan it gedicht en de ferhalen yn bylden jûn.