Ien jier Utjouwerij DeRyp

geplaatst in: Geen categorie | 0

Utjouwerij DeRyp bestiet no ien jier. Op 8 jannewaris 2020 waard de Stchting Útjouwerij DeRyp ynskreaun by de Kamer van Koophandel. Útjouwerij DeRyp is fuortkommen út de Gerben Rypma Stifting fan Blauhús, dy’t as doel hat om namme en wurk fan de skilder/dichter en boere-arbeider Gerben Rypma (1878 – 1963) heech te hâlden. Nei it útjaan fan in biografy oer Gerben Rypma hat dy stifting him ek dwaande holden mei it útjaan fan oare boeken. Dat útjouwerijpart fan de Gerben Rypma Stifting is begjin jannewaris 2020 fuortset troch Utjouwerij DeRyp.

Utjouwerij DeRyp leit him ta op it útjaan fan literatuer (proaza en poëzij), berneliteratuer, (regionale) skiednis, muzyk en byldzjende keunst. De foarkar giet út nei publikaasjes dy ’t yn it Frysk skreaun of nei it Frysk oerset binne, mar twatalige publikaasjes sille ek omtinken krije kinne. Om mei kreaze publikaasjes foar it ljocht te kommen wurket DeRyp gear mei grafyske ûntwerpers, benammen ek jong talint. Dat hat yn 2020 aardich fortuten dien!

Dit binne de boeken dy’t Utjouwerij DeRyp yn 2020 yn ‘e hannel brocht hat:

Eppie Dam – Tjilp! 25 vogelgedichten voor grote en kleine piepers. Met lino’s van Lienke Boot. Vertaald uit het Fries door de auteur. (juny 2020)
Skelte Siweris Braaksma – It Blauwe Hûs. Stripboek oer de skiednis fan Blauhûs (septimber 2020)
Eppie Dam – Omstreken. Gedichten (Frysk en Nederlânsk) bij skilderijen fan Johan Haanstra (oktober 2020)
Abe de Vries – Blaumelly. Gedichten (novimber 2020)
Waling Dykstra – Folksskriuwer. Proaza, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries. (novimber 2020)
Marten Groenhof. Boer/skilder yn It Heidenskip. Ofbyldingen fan skilderijen fan Marten Groenhof (1925-1978) mei in ynlieding oer syn libben en wurk. (desimber 2020)
Marten Groenhof – De Krúspôllen. Schetsboek. (desimber 2020)

Sjoch hjirûnder in filmke fan krap fjouwer minuten mei in ympresje fan dizze boeken:

It grutte swijen

Yn 2020 stie noch in publikaasje op ‘e rôle, te witten It grutte swijen. Dat boekje giet oer de moard op Piebe Hoekema fan Koudum troch Dútske offisieren yn 1944 en de gefolgen dêrfan yn Koudum. Jan de Vries hat nei jierrenlang ûndersyk yn kaart brocht wat der bard wêze kin yn Koudum yn de winter fan 1944-1945. Op grûn fan syn befiningen hat Ytsje Hettinga in toanielstik yn trije monologen skreaun foar Teatergroep SULT. It troch Jan de Vries rekonstruearre historyske ferhaal lykas de monologen fan Ytsje Hettinga wurde in dizze útjefte publisearre.

Troch de koroanakrisis is it toanielstik fan SULT net spile yn 2020. Hooplik bart dat wol yn 2021. Dan sil ek It grutte swijen as boekje ferskine.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *