Op sneon 13 july 2024 begjint om 19.30 oere yn de Nijhúzumer Tsjerke in smûke kulturele jûn. It programma befettet twa ûnderdielen: Ferhalen & Lietsjes. Foar de ferhalen op dizze jûn soarget de Warkumer waarman Klaas Ybema. Koartlyn ferskynde fan him it boek Bern op ‘e romte. Yn dit boek beskriuwt Ybema syn earste intolve jier op ‘Pankoeken’ in twatal pleatsen tusken Hichtum en Wytmarsum.
Yn it boek steane 45 ferhalen dy ‘t alle fasetten fan it boerelibben út de sechtiger jierrene beskriuwe. It boek lit ek sjen hoe’t in skruten jonkje it opgroeien op in fiere pleats belibbet. Inkelde fan dizze ferhalen sil Klaas Ybema op dizze jûn de revu passearje litte. Muzyk is der fan Jelle van der Meulen, aktyf yn û.o. ‘Laaghangend Fruit’ en ‘Hoed en de Rand’. Hy sjongt sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk en sil op dizze jûn yn it Frysk lietsjes sjonge dy’t in ferhaal fertelle.
It programma yn it tsjerkje fan Nijhuzum begjint om 19.30 oere en duorret in lyts oere. It is oan te rieden dat jo jo opjouwe, want wy sitte echt yn it lytste tsjerkje fan Fryslân: info@nijhuizum.nl.
Geef een reactie