Trije boeken yn ien moanne tiid

geplaatst in: Geen categorie | 0

Utjouwerij deRyp is der wakker grutsk op dat binnen ien moanne tiid trije, ek noch gehiel ûngelikense boeken fan dizze lytse újouwerij ferskynd binne. Begjin septimber wie dat de ferhalebondel Hiemhûn en oare ferhalen fan Ytsje Hettinga, ein septimber folge troch it tredde stripalbum Kloris & Ko fan Theo Jaasma, en begjin oktober wie dêr ek Palimpsest, in dichtbondel fan Erik Betten.

Hiemhûn en oare ferhalen is nei Lange fingers en tichte skuon út 2007 de twadde ferhalebondel fan Ytsje Hettinga dy’t ek gedichten en toanielstikken skriuwt. It binne koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein. De bondel waard op 3 septimber presintearre yn Koudum, it wenplak fan de skriuwster. Der folge al rillegau in ynterview yn de Leeuwarder Courant en yn it Friesch Dagblad waard sein dat Ytsje Hettinga hiel byldzjend en humoristysk skriuwt, en dat guon ferhalen grappich binne en oare ferhalen de lêzer by de strôt gripe. Mear ynformaasje oer Hiemhun en oare ferhalen.

Op 29 septimber ferskynde tt tredde stripalbum fan Kloris & Ko, de strip yn it Snekers fan Theo Jaasma. De presintaasje fan it album fûn plak by boekhannel Van der Velde yn Snits. “Tekenaar Theo Jaasma het der hard an werkt om der wear wat moais fan te maken”, stie yn it parseberjocht fan de presintaasje. It album befettet wer trije avonturen fan de ûndernimmende, mar net altiten like snoade hearen Kloris & Ko. Tegearre stunte se der wer flink op los yn it dékor fan it Sneek en wide omjouwing fan de jierren tritich; de tiid dast noch mei de stoomtram giest en der op it wetter noch gjin toerist te bekennen wie. De trije ferhalen binne ‘Hooch bezoek’, ‘Tegare met de bus’ en ‘Rust en rúmte’. Mear ynformaasje oer Kloris & Ko 3.

Palimpsest is it poëzydebút fan skriuwer/sjoernalist Erik Betten dy’t earder yn it Nederlânsk non-fiksje en de thriller De prijs skreau. Yn de bondel stean Frysktalige fersen fan ien dy’t it Frysk net as memmetaal meikrigen hat. Hoe thús fiel ik my thús, freget de ‘ik’ yn Palimpsest him hieltyd ôf: “Lit my mar prate yn talen sûnder lûd, / ferstienne karakters kapje / út friezen, kêsten út fersen kieze en / vice versa.” De bondel waard presintearre yn it atelier fan Frisian Restorers yn Ljouwert op 1 oktober 2021.

Yn it Friesch Dagblad stie yn de wike nei it ferskinen fan Palimpsest in ynterview fan Abe de Vries mei de dichter. It Frysk is net syn memmetaal, mar dy hat er eins ek net: “Mei in dôve heit en in healdôve mem, de ien út ’e Stellingwerven, de oar út Grins, en mei in jonkheid yn it Ljouwerter Aldlân krige er fan alles mei: gebeartetaal, Nederlânsk, Stedsfrysk, en letter, nei in kursus, ek geef Frysk.” Mei troch syn thússitewaasje hat er altyd tige niget hân oan taal. Doe’t er foar it Friesch Dagblad begûn te skriuwen, hearde it Frysk der ek by en hat er in kursus Frysk dien. Mear ynformaasje oer Palimpsest.

Nei de websjop fan Utjouwerij DeRyp

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *