Producten
Resultaat 37–45 van de 45 resultaten wordt getoondGesorteerd op nieuwste
Waling Dykstra – Duvelskeunstner
Duvelskeunstner is in blomlêzing gedichten fan de njoggentjinde-iuwske skriuwer Waling Dijkstra (1821-1914). Gearstalller Abe de Vries neamt Dijkstra's poëzij yn syn ynlieding 'de ûnbekendste bekende poëzij yn de Fryske literatuer'. Populêrder as Dykstra yn syn gloarjetiid wie, hat gjin Fryske skriuwer wer west, mar syn gedichten komme net foar yn de meast resinte algemiene poëzijblomlêzingen, of it moat in inkelde liettekst wêze. It foardiel is dat syn grut poëtysk oeuvre – it earste fers hjir datearret fan 1838, doe’t er 17 wie, it lêste fan 1912, doe’t er 90 wie – noch op ûntdekking wachtet. Dizze blomlêzing is de earste út inkeld syn gedichten.
Mear ynformaasje oer Duvelskeunstner
It libben fan Freark fan Hallum – útferkocht
Freark fan Hallum beskriuwt it libben fan earwearde pater Frederik van Hallum (1125-1175) de stichter en de earste abt fan it kleaster Mariëngaarde, de tún fan de Hillige Maria, sa’t er it kleaster neamde by de stichting yn 1163. Freark wie der abt fan 1163 oan’t 1175. Freark fan Hallum, oarspronklik yn it Latyn skreaun troch kanunnik Sibrandus Leo (1528-1583) is streekrjocht fan it Latyn oersetten yn it Frysk troch Klaas Bruinsma (1931-2018). Klaas Bruinsma hat mear as 30 titels oersetten út ferskate talen sa as it Gryksks, Latyn, Midflaamsk, Spaansk, mar ek Midnederlânsk nei it Frysk wêrûnder de trije trageedzjes fan Sofoklês wêrmei hy yn 1993 de Obe Postmapriis wûn. Yn 2007 ûntfong Bruinsma de Sulveren Anjer fan it lanlik Prins Bernardfonds.
Mear ynformaasje oer It libben fan Freark fan Hallum
Peter Hein – Rop my werom
Yn it boek Rop my werom oer Tsjêbbe Hettinga wurdt in byld sketst fan de earste stappen fan de jonge dichter yn syn berteplak Burchwert en yn syn bestean as dichter. It boek is in echt mienskipsprojekt wurden. Burchwerters en âld Burchwerters hawwe mei help fan inkele oaren de ynformaasje jûn dy’t de basis foarmet foar dizze publikaasje.
De skriuwer - Peter Hein - hat de ynterviews en oanlevere teksten ferwurke ta in lêsber gehiel en in relaasje lein mei it gedicht Lytse jonge dat Tsjêbbe oer it doarp Burchwert fan syn jonge jierren skreau.
De fotografe - Martina Ketelaar - hat dêrby har eigen ynterpretaasje fan it gedicht en de ferhalen yn bylden jûn.
Elf steden 11 verhalen
Elk ferhaal wurdt yn it Nederlânsk, Frysk of Stedsk ferteld.
11 Ferhalen en 11 bypassende hânynkleure tekeningen
Mear ynformaasje oer Elf steden, 11 verhalen
Blikbuert – útferkocht
Blikbuert is in oersetting fan John Steinbecks ferneamde roman Cannery Row (1941). It boek spilet him ôf yn de rook en it rûzige libben fan Monterey, Kalifornië. De titel komt fan it fabryk dêr’t sardines ynblikt wurde. Blikbuert beskriuwt in kleurrike mjuks fan gokkers, wielderige froulju, sûplappen, skarlunen, omstippers en keunstners dy’t mei elkoar besykje te oerlibjen en troch de tiid skarrelje. De oersetter fan dit boek, Jan Pieter Dijkstra fan Warkum, hat de sfear fan Steinbeck yn it Frysk poerbêst oernaam.
Utferkocht
Mear ynformaasje oer dit boek.
De Trochreed – uitverkocht
Jan Bouwhuis (1920-2014) wenne de lêste jierren fan syn libben yn De Trochreed yn Boalsert. Hjir sette hy 100 ferhalen op papier. Mei humor en selsspot. ‘De Trochreed’ giet oer minsken op jierren dy’t tegearre de dagen slite. Moai en mâl oant de lêste dei.
Mear ynformaasje oer De Trochreed
N.B. Dit boek is uitverkocht
CD: Oan ‘e Brek in dei/Een dag aan de Brekken
Tsjêbbe Hettinga mei it lyryske gedicht ‘Oan de Brek in dei’ en The Doarmers mei trije fan Rypma syn gedichten op muzyk.
Gerben Rypma: De keunstner fan it dubele krús – útferkocht
GERBEN RYPMA DE KEUNSTNER FAN IT DUBELE KRUS’ is in rynsk yllustrearre boek fan 210 siden mei foto’s, skilderijen en sketsen fan Gerben Rypma. Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) skreau yn 2010 foar de Gerben Rypma Stifting syn proazadebút – biografyske skets, neamt er it sels – ‘Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús’. Deryn skilderet er mei de libbensrin fan Gerben Rypma (1878-1963) as reade trie in prachtich byld fan it Roomske Fryslân oan de ein fan de 19e ieu oant en mei likernôch healwei de 20e ieu.
De Tafel, Keunstkalinder
In jierdeikalinder mei tolve skilderijen fan Gerrit Terpstra en gedichten fan Eppie Dam.
Wat ha minsken by de tafel dien behalve ite? Plannen meitsje, plattegrûnen. Elkoar yn ‘e eagen sjen om wille fan in dream, in oare takomst tichterby.’ Gerrit Terpstra makke tolve skilderijen en Eppie Dam skriuw der gedichten by yn it Frysk en it Hollânsk. Fan dizze bysûndere skilderijen en gedichten is in prachtige jierdeikalinder makke.
Mear ynformaasje oer De Tafel