Blikbuert is de Fryske oersetting fan Cannery Row (1945) fan John Steinbeck, oerset troch Jan Pieter Dykstra fan Warkum. Blikbuert spilet him ôf yn de rook en it rûzige libben fan Monterey, Kalifornië. De titel komt fan it fabryk dêr’t sardines ynblikt wurde. It boek beskriuwt in kleurrike mjuks fan gokkers, wielderige froulju, sûplappen, skarlunen, omstippers en keunstners dy’t mei elkoar besykje te oerlibjen en troch de tiid skarrelje.

Lee Chong is de tûke eigner fan de goed ynrjochte en beklante winkel en boppedat eigner fan it pakhûs, it Skobberdebonkhonk, dat Mack en syn maten – in ploechje ûngeregelde hampelmannen – har hûs neame. Dora, in lôge fan in frommes, dirigearret mei de nedige wyn yn ‘e swipe har etablissemint ‘De Beareflagge’ en Doc is in hast net-te-bedjipjen boarne fan wiisheid. Yn Blikbuert tekenet Steinbeck mei in skerp each en in koartswillige pinne, in prachtich en poëtysk byld fan it libben yn de krite yn Kalifornië dêr’t hy fan 1930 oant 1941 wenne hat. Oersetter Dykstra hat dy sfear fan Steinbeck yn it Frysk poerbêst oernaam.

Mear oer Blikbuert:

Oankundiging presintaasje Blikbuert yn de Balkster Courant
Ynterfiew mei oersetter Jan Pieter Dykstra op Workum.nl
Foto’s fan de presintaasje fan Blikbuert op de Facebookpagina fan de Gerben Rypma Stifting
Friese literatuursite van Jelle van der Meulen: bespreking van Blikbuert: “Als het niet in het Fries vertaald zou zijn, zou ik er nooit aan begonnen zijn: een boek uit 1945 van de Amerikaanse schrijver John Steinbeck (1902-1968). Maar wat een feest is het om dit boek in het Fries te lezen.”

Earste side Blikbuert:

Werom nei bestelside Blikbuert of werom nei Produktside