Producten
Resultaat 1–12 van de 50 resultaten wordt getoondGesorteerd op nieuwste

Abe de Vries – Njoggen dagen yn it gers
Abe de Vries (1965, Winaam) krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004). Hy wie redaksjelid fan de literêre tydskriften Kistwurk, Farsk en Fers2 en is kultuerrredakteur, kollumskriuwer en poëzijresinsint by it Friesch Dagblad. Dêrneist is er sûnt 2010 haadredakteur fan syn literêre blog Seedyksterfeartfisk.
Njoggen dagen yn it gers is syn tolfde dichtbondel. ‘Untdek it Noarden’ is hjir it biedwurd. Op syn speurtocht slacht de dichter himsels allesbehalve oer. Yntrospeksje en kultuerkrityk geane hân yn hân yn in talich aventoer dat de lêzer meifiert nei de úthoeken fan Fryslân, mar ek nei Spitsbergen, Kalifornië, Oekrayne, Normandië en de Pfalz.
Lykas al syn foargongers bestiet Njoggen dagen yn it gers út nije fersen en al âlder, bewurke materiaal, hieltyd skreaun as transformaasjes fan eigen ûnderfiningen yn talige aventoerkes. En lykas yn syn eardere bondels toant de dichter lef. Hy sparret neat en nimmen, ek himsels net: “Ik hie oan it skriuwen fan poëzij altyd freeslik de skurft”, sa begjint it twadde gedicht yn dizze nije bondel.

De vogels van Heerkens
In De vogels van Heerkens staan tien fragmenten uit de Aves Frisicae (1788) van Gerard Nicolaas Heerkens (1726-1801), vertaald uit het Latijn in het Nederlands, Fries en Gronings door Niels Bakker, Goffe Jensma en Klaas Pieterman, met tekeningen van Siebrand Doornkamp, gedrukt en ingekleurd door Frisian Restorers & Colorists.
Op basis van de Latijnse brontekst is per vogel een beeldende selectie gemaakt van acht versregels. Deze zijn uit het Latijn vertaald in de drie talen van ‘Frisia’: het Fries, Gronings en Nederlands. De vertalers zijn ieder op eigen wijze omgegaan met het Latijn: waar de een het ritme van het Latijnse metrum nagebootst heeft, koos de ander voor het weergeven van de kleur en klank van Heerkens’ verzen. Het levert drie zeer verschillende vertalingen op, die alle gebruik maken van de schoonheid en ruimte die hun taal biedt.
Door Heerkens zijn de vogels enkel in tekst neergezet, in deze uitgave kreeg iedere vogel zijn eigen afbeelding. Inspiratie hiervoor vormden de platen van G.L. Leclerc de Buffon (1707-1788), die in zijn beroemde werk over vogels verwijst naar Heerkens’ vogelpoëzie en met wie Heerkens persoonlijk contact onderhield. Met pentekeningen zijn de vogels in wisselende noordelijke omgevingen geplaatst met knipogen naar Heerkens’ voorliefde voor de Klassieke Oudheid.
Meer informatie over De vogels van Heerkens

Eeltsje Hettinga – Stikken
Yn Stikken skriuwt skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga oer it wurk fan in tal dichters dy’t foar syn eigen poëzy fan belang en betsjutting west hawwe. Dêrby komt it wurk fan Ingeborg Bachmann, Tsjêbbe Hettinga, Hessel Miedema, Obe Postma en Jan Jacob Slauerhoff op it aljemint. Fierders is Hettinga ûnder mear op ‘e tekst oer de bysûndere skiednis fan it Surinamenûmer fan it eardere Fryske literêre tydskrift De Tsjerne, de oersettingen en bewurkingen fan Sineeske poëzy yn de Fryske literatuer en de stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy.
Mear ynformaasje oer Stikken

Marije Sennema – Paula en de verdwenen spiegel (illustraties Tijana Lukovic)
Paula logeert bij beppe op het eiland Amrum. Op een dag raakt ze de gouden spiegel van beppe kwijt. Het is niet zomaar een spiegel. Alleen met deze pratende spiegel kan ze haarzelf schilderen. En dat is precies wat ze wil: een zelfportret maken als kado voor beppe. Zal ze de spiegel terugvinden?
Het boek verscheen tegelijkertijd in het Fries en in het Duits en het Öömrang. Het boek is geïnspireerd op de Duitse expressionistische schilderes Paula Modersohn-Becker (1876-1907), in het bijzonder op haar zelfportretten. In de zomer van 1903 was de kunstenaar enige tijd op het Noord-Friese eiland Amrum. Omdat zij in Amrum is geweest en vanwege de verwantschap van het Noord-Fries met het Fries zoals wij dat in Nederland kennen, is ervoor gekozen om het verhaal op Amrum te situeren en oorspronkelijk Friestalig te maken.

Marije Sennema – Paula en de weirekke spegel (yllustraasjes Tijana Lukovic)
Paula is útfanhûs by beppe op it eilân Amrum. Op in dei rekket se de gouden spegel fan beppe kwyt. It is net samar in spegel. Allinnich mei dizze pratende spegel kin se harsels skilderjen. En dat is krekt wat se wol: in selsportret meitsje as kado foar beppe. Sil se de spegel weromfine?
It boek is ynspirearre op de Dútske ekspresjonist Paula Modersohn-Becker (1876-1907), yn it bysûnder har selsportretten. Yn de simmer fan 1903 hâldt de keunstner in skoft ta op it Noardfryske eilân Amrum. Om’t sy op Amrum west hat en fanwegen de besibbens fan it Noardfrysk mei it Frysk sa’t wy dat yn Nederlân kenne, is derfoar keazen om it ferhaal op Amrum te situearjen en Frysktalich te meitsjen.
It boek ferskynt ek yn in Nederlânske ferzje en ek yn in ferzje yn it Dútsk en it Öömrang.

Catharina en Hilleke Lautenbach – De reis fan it famke
De reis fan it famke is in aventoerlik mearke dat in laits opropt én yn it moed taastet. Foar jong en âld en elkenien dy’t fragen hat oer it doel fan de syktocht yn it libben. In famke ferlit har swantsje en waarme eilân om te sykjen nei in suske. Op de rêch fan in walfisk doarmet se oer grutte seeën en stekt ûnderweis oan op ferskate eilannen. Se moetet frjemde minsken, lykas in man dy’t op reinwetter sit. De bisten dy’t se treft ha ek har nuveraardichheden, lykas in ûltsje dat gjin pykjes ha wol om’t se leaver in kniperke docht yn de waarme sinne. De moetings mei al dy bjusterbaarlike wêzens roppe nije fragen by it famke op: wat jout wearde oan it libben? Is in suske it antwurd? De susters Lautenbach ha tegearre dit orizjinele mearke skreaun en de ferrassende yllustraasjes makke.
Mear ynformaasje oer De reis fan it famke

Wim van der Veer Zolderschatten
Wim van der Veer Zolderschatten is een fraai boek met schilderijen van deze Leeuwarder schilder. De uitgave verschijnt naar aanleiding van de 85ste verjaardag van Wim van der Veer, met tekst van Dirk van Ginkel en heel veel foto’s.
Meer informatie over Zolderschatten

Klaas Ybema – Bern op ‘e romte
Klaas Ybema (1955), waarman te Workum, hat in Fryske ferhalebondel skreaun oer syn eigen bernejierren. It plak fan hanneling is ‘Pankoeken’, in buorskipke fan in pear pleatsen tusken Wytmarsum en Hichtum, mar oeral fier fan ôf. Hoe wie it doe yn ‘e sechstiger jierren om sa grut te wurden op dy ienlike pleats, dêr’t earst noch gjin stroom en wetterlieding wie?
De ferhalen geane oer it libben op dy pleats fan in grifformearde húshâlding yn in ferpyldere mienskip. It boerewurk, de skoalle, de feestdagen, de fakânsjes, de deistige dingen. It kin net oars of hûnderten minsken fan deselde leeftiid dy’t sa grut wurden binne, sille dat werkenne. Foar oaren dy’t letter of ûnder oare omstannichheden opgroeiden giet in aparte wrâld iepen.
mear ynformaasje oer Bern op ‘e romte

H.H. ter Balkt – Jij, laatste rebel! / Do, lêste rebel! (Fryske oersetting Abe de Vries)
H.H. ter Balkt (1938-2015) wie de ‘boeredichter’ fan Nederlân. Abe de Vries makke in kar út syn poëzij wêrby't er keas foar in seleksje dy't benammen de bân fan de dichter mei it plattelânslibben sichtber makket. Yn Jij, laatste rebel! / Do, lêste rebel! stean no 45 fan Ter Balkts meast ierdske, hoekige, tsjinakseljende fersen yn skitterjend Frysk.
Mear ynformaasje oer Jij, laatste rebel / Do, lêste rebel

Abe de Vries – Bloedprikke
Abe de Vries (1965, Winaam) jildt as ien fan de belangrykste Fryske dichters fan de 21e ieu. Foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004) krige er yn 2005 al de prestisjeuze Gysbert Japicxpriis. Bloedprikke is syn 11e dichtbondel en yn dy bondel binne bloedprikke en poëzij skriuwe synonimen: beide kearen giet it om in pynlik útsykjen fan jins ferhâlding ta de wrâld. ‘Wat in taalmacht, wat in rykdom, wat in gefoel!’, skreau emearitus-heechlearaar Fryske taal en letterkunde Goffe Jensma oer Bloedprikke.
Mear ynformaasje oer Bloedprikke

F. Springer – Wat stiller wat better (oers. J.P. Dykstra)
Haadpersoan yn Wat stiller wat better, ‘in sjoernaal’, is de Nederlânske bestjoersamtner Leen Dekker dy 't sûnder mis likenis fertoant mei de skriuwer. Dekker folget yn syn distrikt in amtner op dy 't fuortstjoerd is nei 't er in Papoea mishannele hat. It ferhaal spilet him ôf op it momint dat der yn Nederlânsk Nij-Guinea ferset is tsjin it Nederlânske bestjoer en ek noch ûnderlinge rivaliteit tusken de Papoea-stammen. It hantsjefol plysjeminsken yn it distrikt kin dat allegear net oan en de situaasje wurdt foar it Nederlânske bestjoer ûnhâldber. Dêrneist spylje de ûnderlinge ferhâldingen tusken de Nederlanners in rol, lykas de leafde.
Mear ynformaasje oer Wat stiller wat better.

Naar gelang het Noorden
Dit boekje bevat een interessant overzicht van en een kleine bloemlezing uit het werk van tien belangrijke Friese dichters in de 21e eeuw / Dit boekje jout in nijsgjirrich oersjoch fan en in lytse twatalige blomlêzing út it wurk fan tsien wichtige Fryske dichters fan de 21 iuw.