Sa’n goed tritich minsken wiene tiisdeitejûn 7 novimber nei boekhannel Van der Velde yn Snits tein foar de presintaasje fan twa Fryske dichtbondels, útjûn troch Utjouwerij DeRyp. Under de oanwêzigen leafst trije winners fan de Gysbert Japicxpriis. Dêrby fansels Abe de Vries dy ‘t ferantwurdlik is foar beide presintearre bondels: syn alfde Frysk dichtbondel, Bloedprikke, en in karlêzing fan gedichten fan de Nederlânske dichter H.H. ter Balkt mei Fryske oersettingen troch De Vries.
Jelle van der Meulen fan útjouwerij DeRyp sitearre in sin op de útnûging foar dizze boekpresintaasje: “Abe de Vries (Winaam, 1965) jildt as ien fan de belangrykste Fryske dichters fan de 21e iuw”. Van der Meulen woe noch wol in stap fierder gean troch De Vries de bêste Fryske dichter fan dizze iuw te neamen. Net om ‘e nocht krige er yn 2005 al foar syn twadde bondel In waarm wek altyd de Gysbert Japicxpriis. “En”, sa sei Van der Meulen, “it is no 2023 en we binne yntusken ta oant de alfde dichtbondel fan Abe de Vries: Bloedprikke.”
Nei ‘t Abe de Vries wat ferteld hie oer de opbou fan Bloedprikke en inkelde gedichten dêrút foarlêzen hie, oerlange er it earste eksimplaar fan dizze bondel oan Friduwih Riemersma. Dy sei leaver net oer poëzy prate te wollen en har al hielendal net drok meitsje te wollen oer wa ‘t de bêste poëzy skriuwt. Nee, hja woe it hawwe oer konkrete gedichten en joech dêrnei in hiel moai foarbyld fan hoe’tst gedichten lêze kinst troch yn it koarte bestek fan har taspraakje trije fersen út Bloedprikke neier te besjen.
Nei it skoft presintearre Utjouwerij DeRyp Jij, laatste rebel! / Do, lêste rebel!, in karlêzing fan 45 gedichten fan de Nederlânske dichter H.H. ter Balkt mei de Fryske oersetting fan Abe de Vries. Of miskien kin better sprutsen wurde fan de East-Nederlânske of Twintske dichter H.H. ter Balkt, sa sei Jelle van der Meulen, want it plattelân is mei klam oanwêzich yn syn gedichten. Dat is ek ien fan de aspekten dêr ‘t Abe de Vries syn kar fan de gedichten op basearre hat.
Emearitus-heechlearaar Goffe Jensma hold in praatsje dat er de titel jûn hie ‘Ik hie myn paad fûn’. It blykte dat syn paad nei de poëzy, nei ‘it ûnsisbere’ lykas hy dat neamde, begûn wie mei de dichtbondel Groenboek (1973) fan Habakuk II de Balker, it pseudonym dat H.H. ter Balk doetiids brûkte. Jensma wie bliid dat er de poëtyske stim dy’t hy fyftich jier ferlyn fûn hie fia de Nederlânske gedichten fan Ter Balkt no ek yn syn memmetaal, it Frysk, hearre koe, mei tank oan Abe de Vries. Ta beslút fan syn praatsje lies Jensma it gedicht ‘Eigen weg’ fan Ter Balkt, yn de oersetting fan De Vries: ‘Eigen dyk’.
Abe de Vries lies dêrnei noch in pear gedichten fan Ter Balkt foar, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk en hy joech Kommissaris fan de Kening Arno Brok it earste eksimplaar fan Jij, laatste rebel / Do, lêste rebel. De hear Brok priizge sawol de útjouwer as de oersetter foar it wurk om sokke útjeften mooglik te meitsjen. Want, sa sei er, it bliuwt belangryk om omtinken te jaan oan moaie poëzy, ek al is de dichter sels al ferstoarn. En troch dizze dichtbondel mei oersettingen wurdt net allinne de oandacht wer fêstige op de Nederlânske dichter H.H. ter Balkt, mar ek op de Fryske taal.
Nei ôfrin fan dizze poëzyjûn/boekpresintaasje koene de beide boeken fansels kocht wurde en dêr waard troch it oanwêzige publyk rom gebrûk fan makke.
Geef een reactie