De skiednis faan Skarl, smoute femyljeferhalen, it buorkjen fan syn heit, de ferhâlding mei de foarname âld-Warnser menistefemyljes dy’t eigeners wiene fan de pleats, de enerzjytransysje yn syn tiid, it folk dat oan ‘e doar kaam, de middenstân fan Warns, bijnammen yn it doarp. Allegjear waarnimmings fan de skriuwer opdien yn syn jonge jierren. It boek Ska(r)l (echte Skalders sprekke de r net út) Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke hat in grut ferskaat oan ûnderwerpen, en dizze letbloeier skriuwt it mei flotte pêne op.

flaptekst

Ids de Roos (1954) is doe’t er 18 wie offysjeel de hús út gien, mar hat Skarl en ek Warns noait helendal loslitte kinnen. De skiep dy’t er hâldt, krije noch altyd de nammen fan buertgenoaten fan doedestiids. In soad dingen steane him noch helder foar de geast: Skarl en Warns as boeredoarpen, de feekeapman, in skoalmaat dy’t wilsterflapper wurde moast, it ferhaal fan syn heit oer de koppige fiskerman Sjouke Bot.  Doarpstypes lykas kleanmakker Klaas Snider of turfskipper Jabik Minses wurde ta libben brocht yn de oerlevere ferhalen fan syn mem. Mar ek Ids syn eigen belevenissen op skoalle en yn de sixties en de konneksje mei Staveren komme oan ‘e oarder.

Foto’s stypje de tige lêsbare ferhalen, dy’t foar it grutste part earder al ferskynd binne yn de Warnser Poarte, de doarpskrante. De skriuwer brûkt net altiten it offisjele Frysk, mar lit de taal fan it gea klinke. Dêr seit er sels oer:

It Frysk is bytiden in lêstige taal. Skriuwe se wol in r mar sprekke se dy letter net altyd út. As Skarl net op skrift stien hie, dan soe ik net iens witen ha dat dy letter der yn moat. Dy wurdt op Skarl sels en yn Warns net útsprutsen. Dêrom stiet de r yn de titel tusken heakjes, dy letter wol my as echte Skalder yn ’e útspraak net oan. En no we it der dochs oer ha: Warns wurdt yn ’e Súdwesthoeke útsprutsen as Wains, mei de n klank troch de noas.
It geef Frysk set ik yn dit boek soms oan ’e kant foar Súdwesthoekse farianten dêr’t ik fan fyn dat ik der net omhinne kin. Dus it wurdt hús (mei yn dit gefal in ue-klank as yn Fluessen) en net hûs, wite en net witte. In geef-Frysk wurd as Starum foar Staveren komt mij frjemd oan: gjin mins yn ’e Súdwesthoeke brûkt dat, op de Hylpers nei, mar dy sprekke it dan wer út as Stoarum. Fierder sizze wij net fan lju mar lie, en dat ha ’k hjir dan mar oanholden. En in skries is bij ús in skriis.

Op 2 septimber 2022 (ien dei foar de presintaasje) stie der in de Leeuwarder Courant in grut stik fan Sietse de Vries oer Ids de Roos en syn boek mei ferhalen oer Skarl.

In lyts part fan it boek giet oer de skiednis fan Skarl. Sa beskriuwt De Roos ûnder oare hoe’t yn en nei de beide lêste iistiden de kliffen en gloaiïngen fan Súdwestfryslân ûntstien binne. Mar ek hoe’t dy yn earder tiden – sûnder de geologyske kennis fan no – ferklearre waarden troch de (folks)wittenskip.
It grutste part bestiet út persoanlike oantinkens fan de skriuwer. Oer it boerewurk, oer wa’t der mei negoasje oan ’e doar kamen en oer de middenstanners dy’t fan moarns ier oant jûns let skrepten foar in stikje brea.
Sa fertelt er it ferhaal fan in bakkersjonge dy’t mei de bôlekoer op ’e transportfyts yn ’e wyn op nei in pleats in hiel ein achterôf trape en dêr, nei lang oanbeljen, te hearren krige fan de boerinne dat se brune koeke besteld hie, gjin wite. Der siet neat oars op as it hiele ein werom te fytsen en de reis foar in twadde kear oan te gean. ‘Want de service gyng fier, de saak woe de klant net kwyt, de konkurrinsje wie ommers grut’, skriuwt De Roos.
Fierder in soad anekdoates oer bynammen, grappen dy’t úthelle waarden en moaie sechjes. Bygelyks oer âlde Ka dy’t – nei’t har troch doarpsgenoate Gepke ferteld wie dat har broer sa goed damje koe en heech op de ranglist fan ’e damklup stie – as beskied joech: ‘Dat wol ’k wol leauwe, hy hat fan dy linige fingers.’
Mar De Roos skriuwt ek oer de kulturele revolúsje dy’t Skarl justjes letter oandie as oare plakken. ‘It soe de tiid wurde fan jonges mei lang hier, mei in pakje sjek yn de boarstbuse fan it skiere spikerjaske. Alle sneontejûnen live-muzyk yn ’e buert.’
Yn ’e buert dat wiene plakken as Warns, Koudum, Balk en Riis. Yn dat lêste plak seach er bands as Brainbox, Focus en Livin’ Blues, yn Skarsterbrêge Herman Brood.