Beschrijving
John Steinbeck (1902-1968) is ien fan de grutste Amerikaanske skriuwers fan de 20e iuw. Yn 1962 waard him de Nobelpriis foar Literatuer taskikt. Oer Mûzen en Mannen – publisearre yn 1937 as Of Mice and Men – wie oarspronklik skreaun as toanielstik. It boek fertelt hoe’t it needlot de freonskip fan twa manlju nei de barrebysjes helpt. Masterlik beskriuwt Steinbeck, mei in skerp each foar it dwaan en litten fan minsken, it paad fan de tragyk nei de ein fan de freonskip fan de beide mannen. Doe’t it boek yn 1937 útkaam, rekke Steinbeck as by wjerljochtslach wrâldferneamd. Jan Pieter Dykstra sette Of mice and men oer nei it Frysk. Yn 2019 ferskynde syn oersetting fan Steinbecks Cannery Row by útjouwerij DeRyp yn 2019 as Blikbuert.