Terug naar Boeken

Marije Sennema – Paula en de weirekke spegel (yllustraasjes Tijana Lukovic)

19.95

Paula is útfanhûs by beppe op it eilân Amrum. Op in dei rekket se de gouden spegel fan beppe kwyt. It is net samar in spegel. Allinnich mei dizze pratende spegel kin se harsels skilderjen. En dat is krekt wat se wol: in selsportret meitsje as kado foar beppe. Sil se de spegel weromfine?

It boek is ynspirearre op de Dútske ekspresjonist Paula Modersohn-Becker (1876-1907), yn it bysûnder har selsportretten. Yn de simmer fan 1903 hâldt de keunstner in skoft ta op it Noardfryske eilân Amrum. Om’t sy op Amrum west hat en fanwegen de besibbens fan it Noardfrysk mei it Frysk sa’t wy dat yn Nederlân kenne, is derfoar keazen om it ferhaal op Amrum te situearjen en Frysktalich te meitsjen.

It boek ferskynt ek yn in Nederlânske ferzje en ek yn in ferzje yn it Dútsk en it Öömrang.

Categorie:

Extra informatie

Auteur

Marije Sennema

Illustraties

Tijana Lukovic

Formaat

24×30

Druk

1e druk

ISBN

978-90-834315-0-5

Pagina's

35

Taal

Frysk

Verschenen

20 jannewaris 2025