Waling Dykstra krijt earste eksimplaar fan De Winskhoed fan Fortunatus

geplaatst in: Geen categorie | 0

Mar leafst fjouwer Waling Dykstra’s krigen op 2 juny 2023 út hannen fan Abe de Vries in earste eksimplaar fan De Winskhoed fan Fortunatus. Under dy titel ferskynde by Utjouwerij DeRyp dizze ferhalesyklus fan de njoggentjinde-iuwske Fryske skriuwer Waling Dykstra nei 170 jier foar it earst yn boekfoarm. Abe de Vries hat de ferhalen sammele, oerbrocht yn in hjoeddeiske Fryske stavering en hy skreau in nijsgjirrige ynlieding by de ferhalen. Ek soarge hy foar in Nederlânsktalige oersetting.

De lokaasje fan de boekpresintaasje wie it dekôr fan it iepenloftspul oer Waling Dykstra dat nije wike yn premjêre giet. Yn Spannum, dêr’t Waling Dykstra yn de bakkerij fan syn mem holp, mar wat oars woe as bakker wurde. Alie de Haan fertelde op de presintaasje it ferhaal fan hoe ‘t it idee fan it iepenloftspul oer Waling Dykstra yn Spannum ûntstien wie. De fjouwer Waling Dykstra’s wiene trije spilers fan it iepenloftspul dy’t de Fryske skriuwer op ferskate leeftiden spylje, én de lêste echte Waling Dykstra, famylje fan de skriuwer en foarsitter fan de Waling Dykstra Stifting.

Waling Dykstra (1821 -1914) wie de wichtichste realistyske Fryske skriuwer fan de njoggentjinde iuw. Syn iere ferhalesyklus ‘De Winskhoed van Fortunatus’ publisearre Dykstra ûnder de skûlnamme Japik Japiks yn de jiergongen 1851-1853 fan it tydskrift De Fryske Húsfreon. Yn de ferhalen lit er syn alter ego Japik Japiks ûnder it Fryske doarpsfolk op syk gean nei de ‘condition humaine’. Ungemurken harket Japiks de petearen ôf, hy rekkenet ôf mei de romantyk en jout as skriuwer krityk en advys foar in better, lokkiger libben.

Dat is, sa sei ek Goffe Jensma yn syn praatsje, ek foar lêzers fan no noch wichtich, om’t it in realistysk, libben en perfoarst net romantisearre byld jout fan it Fryske doarpslibben yn de njoggentjinde iuw. Dat koe it publyk ek hearre doe’t Abe de Vries it begjin foarlies fan it ferhaal ‘Yn it bidlerkertier’*:

Ik kaam ris yn de neibyheid fan in âld boufallich dykhûs, dat bûtendoar genôch sjen liet dat it net de went wie fan earlike krigele earmoed, mar fan in smoarge skoaiershúshâlding; de fodden en bellen op ’e line, sa giel as in term, en de fúlnisheap foar de doar, dêr’t by alles wat onhuerich wie, kofjetsjok en jiske, âlde skuon, swartbaarnde potdiggels, healferrotte stoelsmatten, lappen en flarden fan allerhande kleuren op gearbruid wienen, bewiisden my dat; want my tocht, in byinoarhâldend aard hie in hele bulte fan dat rêding, dat dêr nou ta ’n walch fan de foarbygonger lei, noch wol ta brânje brûkt. Dêrta wienen ynpleats de beammen fernield, dy’t om ’t hûs hinne stiene.

Foar it ‘bidlerswiif’ en har soan toant de ferteller gjin sympaty en dat hat er ek net foar oare swalkers op ‘e dyk. Mar likegoed skriuwt Japiks dat arbeiders gauris te min betelle wurde en dat boeren har personiel better behannelje moatte en net sa pronkje moatte mei harren rykdom. Ek fynt er it nuver dat earme lju net stimme meie. Progressive tinkbylden soest sizze kinne, mar oan de oare kant jout Japiks heech op fan it húslike libben, moat elk him foaral ta syn eigen stân bepale en mei syn eigen saken en húsgesin bemuoie, moatte wy begripe dat de hege hearen har bêst wol dogge mar no ienris net alles yn ’e maatskippij samar ferbetterje kinne.

Abe de Vries wiisde ek op it superieure taal – en stylgebrûk fan Waling Dykstra. Hy sitearre dêrby ek kollega-skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen dy ‘t sei: “Elke oare Fryske skriuwer dy’t syn stikken lies, fielde wol det hi wat oer him hie det hjarren ûntbriek, hwet sûnders, det yen sa mar net oanwaeit.” Ek lettere Fryske skriuwers hawwe heech opjûn oer it rike taalgebrûk fan Waling Dykstra.

Doe’t de praatsjes dien wiene, krigen de fjouwer Waling Dykstra’s de earste eksimplaren fan De Winskhoed fan Fortunatus. Nei ôfrin fan de boekpresintaasje koene ek de oare oanwêzigen – der wiene der in stik as fjirtich – it boek mei koarting keapje en dat waard grif dien.

*De hiele taspraak fan Abe de Vries is hjir te lêzen.

**Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it iepenloftspul Wat bisto leaflik!? oer Waling Dykstra yn Spannum.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *