Tsjêbbe Hettinga – Lân, loft en leafde yn ’e Klameare yn Warkum

geplaatst in: Geen categorie | 0

Lân, loft en leafde – in middei en jûn om Tsjêbbe Hettinga hinne

Tsien jier ferlyn ferstoar Tsjêbbe Hettinga, ien fan de grutste en meast foaroansteande nei-oarlochske Fryske dichters. Snein 26 novimber set stichting ‘Een brug slaan’ yn ’e Klameare yn Warkum in middei en jûn op priemmen dêr’t de persoan en it wurk fan Hettinga oan ’e oarder komme.

Publisist Bert Looper lit syn ljocht skine oer it tema lânskip yn Hettinga syn poëzy. Tryater-aktrise Eline de Vries draacht it gedicht ‘Oan ’e brek, in dei’ foar. Dichter Syds Wiersma komt op ’e tekst oer de ûntwikkeling fan Hettinga syn foardracht. Filmmakker Piter Hettinga lit in rige filmbylden oer syn heit sjen. Yn in rûntepetear komt kunde oan it wurd mei ferhalen en anekdoaten. Der is muzyk fan de jazzband Breed Freed, dêr’t Hettinga saksofoan yn spile, en fan perkusjonist en performer Basile Maneka.

De presintaasje fan it programma is yn hannen fan skriuwer en publisist Sietske Poepjes. Yn it skoft skoot it publyk mei-inoar om tafel foar sop mei in brochje.

Entree € 15,00 ( iten sit dêr by yn)

Plak, datum en tiid: De Klameare, 26 novimber, fan 16.00 oant 22.00 oere.
Kaartsjes bestelle kin fia dizze side.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *