Resinsje Te pearde / Te peerde

geplaatst in: Geen categorie | 0

It Frysk literêr tydskrift Ensafh, jiergong 15 (2023), nûmer 6 begjint mei in besprek fan Te pearde / Te peerde, de twatalige blomlêzing fan gedichten fan Eeltsje Hettinga dy’t Utjouwerij DeRyp dit jier yn oparbeidzjen mei kultureel tydskrift de Moanne útjoech. De resinsint, Michel Dijkstra, einiget de earste alinea fan syn besprek mei: “Troch dizze blomlêzing is it Nederlânsktalige publyk no foar it earst by steat om him serieuzer yn Hettinga syn like swiedlûdige as yntinse wurk te ferdwjipjen.”

De resinsint slút oan by de ynterpretaazje fan Elske Schotanus yn de ynlieding fan de blomlêzing. dat Eeltsje Hettinga syn gedichten draaie om de noasje fan ferlies. Hy heaket noch wol in element ta troch te sizzen dat it ferlies net altyd negatyf útfalt yn Hettinga syn gedichten. Hy lit dat konkreet sjen by it gedicht ‘It klappen fan de dyk’ troch te wizen op it symboalistyske jargon dat Hettinga soms brûkt. Dêroch falt it ferlies gear mei de ferbining tusken de binnen- en de bûtenwrâld en falle alderhanne tsjinstellingen fuort. Boppedat liedt selsferlies ek ta de ûntdekking fan de oar en soarget op dy manier foar begearte en leafde.

“Hettinga syn dichtrigels binne ûnmiskenber mysterieus, mar net ûntagonklik”, seit Dijkstra en hy konkludearret: “Hettinga syn poëzy sprekt wol oer it skaad fan de dea, mar sit fol libben. It falt te hoopjen dat Hettinga en Schotanus noch faker de hannen gearslaan om twatalige bondels lykas te peerde te produsearjen. Om my te begjinnen mei Akten fan winter.

Ek wiist de resinsint in pear kear op de slagge Nederlânske oersettingen dy’t Elske Schotanus van Eeltsje Hettinga syn gedichten makke hat: “moai en klankryk oerset” seit er, en: “De earste strofe [fan it gedicht ‘Ta begearte fan gean’] lêst op ‘e nij prachtich yn Schotanus har oersetting dy’t healrym en rym op elegante wize hanthavenet”.

Michel Dijkstra – ‘Bring de see ta stim’. Yn: Ensafh, jiergong 15 (2023), nûmer 6, p. 5-8

N.B. De bondel Te pearde / Te peerde is útferkocht!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *