Presintaasje nije dichtbondels

geplaatst in: Geen categorie | 0

Op tiisdeitejûn 7 novimber by boekhannel Van der Velde yn Snits presintearje Utjouwerij DeRyp en dichter/oersetter Abe de Vries twa nije útjeften: Bloedprikke – de 11e dichtbondel van Abe de Vries en Do, lêste rebel! / Jij, laatste rebel! – in twatalige kar út it dichtwurk fan H.H. ter Balkt troch Abe de Vries. De presintaasje fan Bloedprikke! begjint om 19.45 oere (ynrin fan 19.30 oere ôf). Nei in lyts skoft mei kofje en musyk sil de presintaasje fan de bondel mei oersettingen fan de gedichten fan Ter Balkt om 20.35 útein sette.

Abe de Vries (1965, Winaam) jildt as ien fan de belangrykste Fryske dichters fan de 21e ieu. Yn syn nije 11e dichtbondel binne bloedprikke en poëzij skriuwe synonimen: beide kearen giet it om in pynlik útsykjen fan jins ferhâlding ta de wrâld.

‘Wat in taalmacht, wat in rykdom, wat in gefoel!’, skreau emearitus-heechlearaar Fryske taal en letterkunde Goffe Jensma oer de nije bondel. De dichter sil fersen foardrage. Skriuwster Friduwih Riemersma sil it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.

H.H. ter Balkt (1938-2015) wie de ‘boeredichter’ fan Nederlân. Abe de Vries sette 45 fan syn meast ierdske, hoekige, tsjinakseljende fersen oer yn skitterjend Frysk. De oersetter sil inkelde fersen twatalich foardrage. It earste eksimplaar is foar kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *