Presintaasje Marten Groenhof, boer/skilder yn it Heidenskip

geplaatst in: Geen categorie | 1

Op 11 desimber presintearret útjouwerij DeRyp in boek oer Marten Groenhof (1925-1978) fan It Heidenskip, nammentlik Marten Groenhof, boer/skilder yn it Heidenskip. Marten Groenhof hat yn syn wurksume libben boer west, mar hat ek in hiel soad skildere. 

Groenhof wie autodidakt en hie in soad each foar de omjouwing fan It Heidenskip en foar alles wat der op it wetter siet dêr yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Hy hat it sels prestearre in eigen tsjotter te bouwen, dêr’t er by wedstriden hiel goed mei út ‘e wei koe.

Yn it ramt fan de Toochdagen dy’t DeRyp ein augustus organisearre, kamen der mear as 175 wurken fan Groenhof foar it ljocht. Al dizze wurken binne opnommen yn it Groenhof-stamboek en tagelyk ek profesjoneel op de foto set. In kar út dy foto’s is yn it nij te ferskinen boek ôfprinte. Yn it boek is ek in koarte libbensbeskriuwing fan Marten Groenhof opnommen en foto’s fan it atelier fan de skilder en de boerebehuzing dêr’t Marten en de frou har hiele libben wenne hawwe.

By it ‘sneupen’ yn de famyljeargiven is ek noch in hiel opmerklik sketsboekje foar it ljocht kommen dêr’t Groenhof troch middel fan tekeningen ferslach die fan it ûngetiidzjen op de Krúspôllen (eilantsje yn de Fluessen ) yn de jierren sechtich! Tige bysûnder dit sketsboekje, sa bysûnder, dat de útjouwer besletten hat om dat as ekstra útjefte by it boek oer Marten Groenhof út te jaan.

Mei oare wurden: de presintaasje op 11 desimber omfettet twa boeken en der sille dus ek twa earste eksimplaren útdield wurde. Ien oan Jannewietske de Vries ( boargemaster fan Súdwest-Fryslân) en de oare oan Hylke Speerstra (de skriuwer fan û.o. De Oerpolder). De presintaasje fynt yn ferbân mei de koroanamaatregels allinnich plak mei minsken dy’t in útnûging krigen ha. Fan 12 desimber ôf binne dizze twa boeken te keap by de boekhannel en op oare plakken yn Fryslân.

  1. Janke Bruinsma

    Wij hebben ook een schiderij van Marten Groenhof, het zelfde als in de krant stond nl een geladen Tjalk bij Heeg, hij wou nooit iets verkopen, maar heeft het wel voor ons gemaakt.omdat we dat zo mooi vonden.hij heeft met zijn broer ook een Tjotter gemaakt, mijn man was bezig met een Wyldsjitter zodoende kregen wij contakt met hun, byzondere mensen.
    Groet Janke Bruinsma.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *