Nije útjeften DeRyp 2020

geplaatst in: Geen categorie | 0

Nederlandse versie

Ek Utjouwerij DeRyp hat lêst hân fan de koroanaperikels. In tal publikaasjes is net trochgien – of yn alle gefallen opskood – bygelyks om’t in publikaasje ferbûn wie oan in teäterfoarstelling of in grutskalige presintaasje. Mar gelokkich is der al wat ferskynd en benammen: der stiet yn 2020 ek noch hiel wat op priemmen.

Opskood

Wat (noch) net trochgien is: it ferskinen fan It grutte swijen, trije toanielmonologen fan Ytsje Hettinga, foarôfgien troch in wiidweidige beskriuwing fan Jan de Vries fan de histoaryske eftergrûn fan it barren dat sintraal stiet yn de monologen: de moard yn jannewaris 1945 yn Koudum op in (ûnderstelde?) ferrieder. De teäterfoarstelling op lokaasje troch toanielgroep SULT gie yn april dit jier net troch, mar sil yn april 2021 te sjen wêze en dan sil ek it boekje ferskine. (lês fierder ûnder de plaatsjes)

Ek yn it earstoan op de lange baan skood: Kom en sjong, yn lietebondel fan Hindrik van der Meer. It is in seleksje fan lieten út it wurk fan Van der Meer, dy’t er gearstalde foar koaren en sjonggroepen. Mar om’t it sjongen mei koaren op dit stuit dochs wat dreech is, komt dizze bondel foarearst net út.

It goede nijs

Noch oant 31 oktober binne yn Museum Sloten de orizjinele linofiken te sjen, dy’t Lienke Boot makke by de fûgelgedichten fan Eppie Dam. De Fryske fersy fan de gedichten mei de ôfbyldingen fan de linofiken – Tsjilp! – kaam yn 2017 by DeRyp út en is noch hieltyd te keap. En dit jier ferskynde ek de Hollânske fersy: Tjilp!

En noch mear goed nijs: Eppie Dam sit net stil! Op 2 oktober wurdt yn Museum Belvédère Omstreken presintearre. Omstreken is in rynsk yllustrearre bondel fersen (yn sawol in Fryske as in Nederlânske fersy) fan Eppie Dam, skreaun by de abstrakte lânskippen fan Johan Haanstra, dy’t Haanstra skildere yn it tiidrek (sûnt 1976 ), dat er yn Fryslân, yn Warns wenne. – tekst fierder ûnder de printsjes

Ek dichter/essayist Abe de Vries sit net stil. Ein oktober sil ferskine Waling Dykstra Folksskiuwer, in blomlêzing út it proaza fan dizze njoggentjinde-iuwske skriuwer, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries. Boppedat ferskynt healwei novimber de 10e dichtbondel fan Abe de Vries – Blaumelly –  en sa as wy wend binne fan dizze dichter is it wer in bondel mei straffe poëzij.

Ek yn novimber wurdt presintearre Marten Groenhof – skilder / boer fan It Heidenskip. Nei in oprop yn de regionale parse krige útjouwerij DeRyp sa’n fyftich reaksjes fan partikulieren yn Fryslân (en fierder) dy’t ien of mear skilderijen fan Marten Groenhof yn besit hawwe. Ein augustus wurde sa’n tachtich skilderijen op ’e foto set. De foto’s wurde yn it boek opnommen. Jan Pieter Dykstra skriuwt in ynlieding oer it libben en wurk fan dizze fertsjinstlike amateur-skilder.

Oer al ús projekten sil tenei mear ynformaasje ferskine.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *