Neist it boek Marten Groenhof, boer/skilder yn It Heidenskip en it sketsboek fan Groenhof De Krúspôllen binne der no ek prachtige kaarten te keap fan skilderijen fan Marten Groenhof. Utjouwerij DeRyp hat yn ‘e mande mei Warkums Erfskip in mapke meitsje litten fan acht kaarten mei fjouwer ferskillende ôfbyldings. It kartonnen mapke mei de acht kaarten kostet € 8.95. It mapke is te bestellen fia ús websjop en is te keap yn ferskate boekwinkels yn Fryslân.
Fansels sit der yn it mapke in kaart mei in ôfbylding fan in skilderij fan Brânburren (It Heidenskip), it doarpke dat Marten Groenhof mannich kear skildere hat. Brânburren is ek op de eftergrûn fan it skilderij fan de Hofmar te sjen. Fierders is der noch in ôfbylding fan de lytse skipswerf De Hoop fan Warkum en in ôfbylding fan in tsjalk by Heech.
Yn de Workumer krant Friso fan 20 april 2021 stiet in oankundiging fan it mapke mei kaarten én fan de útstalling fan it wurk fan Groenhof yn de simmer fan 2021 yn Warkum:
Geef een reactie