Mei tritich belangstellenden siet de seal van het hagelnije doarpshûs oan de Waling Dykstrastraat yn Froubuorren (‘MFC Froubuurt’) ‘fol’. Mear mochten der fanwegen de koroanamaatregels net yn op freedtemiddei 20 novimber om de presintaasje by te wenjen fan twa boeken, útjûn troch Utjouwerij DeRyp. Dat wiene Blaumelly, de tsiende dichtbondel fan Gysbert Japicxpriiswinner Abe de Vries en Folksskriuwer, in blomlêzing ferhalen fan de 19-iuwske skriuwer Waling Dykstra, besoarge en ynlaat troch dyselde Abe de Vries.
Sicco Rypma yntrodusearre as earste fan dizze middei Abe de Vries. Dy is ek dwaande mei in biografy fan Waling Dykstra en sa koe er fertelle oer de jeugdjierren fan Waling Dykstra yn Froubuorren. Dy hat oant syn achtste jier by syn pake en beppe yn Froubuorren wenne. “In protte freonen hat er net. Hy kin net goed keatse, hy kin net goed reedride, hy is wat in stive hark. Op it doarp tinke guon lju dat er net goed wiis is, want hy lêst in protte, no, dan wit je it wol.”
Net ûnbelangryk is ek dat Waling Dykstra yn syn earste jierren opgroeide yn in trijetalige omjouwing: thús en op strjitte Biltsk, minder faak it Frysk, en op skoalle en yn tsjerke it Nederlânsk. Letter yn Spannum kaam Waling Dykstra yn in twatalige omjouwing, mei in gruttere tsjinstelling tusken it Frysk fan de frijsinnige middenstân en it Nederlânsk fan de rike en faak ortodokse boeren.
Nei syn koarte lêzing* oerlange De Vries it earste eksimplaar fan de blomlêzing Folksskriuwer mei ferhalen en lêzingen fan Waling Dykstra oan heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma. Dy begûn syn praatsje mei in dialooch à la Waling Dykstra om in lyts priuwke te jaan fan dy syn styl. Ek joech er byldzjend in foarbyld fan hoe’t it der oan ta gyng by in Winterjounenocht yn in boppesealtsje fan in njoggentjinde-iuwsk kafee. Op sokke jûnen droech Dykstra syn ferhalen foar dy’t dus faak skreaun binne mei it doel om foar te lêzen.
Jensma joech yn syn lêzing ek ferskate arguminten wêrom’t de 19e-iuwske ferhalen fan Waling Dykstra ek noch foar minsken yn de 20e iuw nijsgjirrich binne. “Wat foar redenen kinne je betinke om it boek Folksskriuwer yn 2020 as Sinteklaaskadootsje oan famylje of freonen te jaan.” Behalven it libbene Frysk dat Waling Dykstra brûkt mei alderlei siswizen en útdrukkings bliuwt in wichtich aspekt in nostalgyske langstme nei it ferline, “nei in wrâld dy’t oars wie as uzes”. In wrâld dy’t stadiger wie en wêr’t de minsken noch tiid namen mei inoar te praten. Jensma helle as foarbyld oan it ferhaal dêr’t tolve froulju út in doarp op kreambesite gean by de frou fan de dûmny. Waling Dykstra nimt de tiid om de froulju te neamen: “Wibe skippers Teatske, Hobbe slachters Maaike, Gelske Swannepôle, smidske, masterske, dan Lutskemuoi, Lolke biisjagers Wytske, Beitske-bûntkoer, Jetske-bolrinster, swiete Martsen, Fokje de widdo fan Sipke-hûnegiseler en Sjouk-turfmjitster”.
De belangrykste reden lykwols om Waling Dykstra syn ferhalen no noch te lêzen, so sei Goffe Jensma is dat it yn syn ferhalen om minsken giet. “En omdat Dykstra fan minsken hâldt en geweldich moai fertelle kin.” En dat is neffens Jensma allegear goed te sjen yn de ferhalen dy’t Abe de Vries útkeazen hat foar dizze blomlêzing. “Dykstra wie gewoan in ekstreem goeie skriuwer”. Goffe Jensma betanke oan ‘e ein fan syn praatsje de útjouwer dy’t der in moai boek fan makke hat (“Jou it de minske mar mei Sinteklaas. Moai gedicht derby en klear!”), de redaksje fan de rige fan de Fryske Akademy dêr’t it boek yn ferskynd is en foaral Abe de Vries dy’t troch syn wurk wol útgroeid is ta ien fan de bêste kenners fan de Fryske literatuerskiednis**.
Nei it praatsje fan Goffe Jensma fertelde útjouwer Hille Faber dat Utjouwerij DeRyp fuortkaam is út de Gerben Rypma Stifing. Dêrom wie Sicco Rypma, de foarsitter fan dy stifting, der ek om de yntroduksje te dwaan fan dizze middei. Ek joech Hille Faber in lyts presintsje (de biografy fan Schubert) oan Abe de Vries dy’t dizze middei fansels sintraal stie. Want behalven it boek mei de ferhalen fan Waling Dykstra dy’t Abe de Vries útkies en fan in ynlieding fersoarge, waard ek Blaumelly presintearre, mei gedichten fan Abe de Vries.
De Vries skriuw syn earste Fryske gedichten yn 2001 en debutearre as Frysk dichter yn 2002 mei de bondel De weromkommer yn it ûnlân en krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel In waarm wek altyd. En no is er dus al ta oan syn tsiende dichtbondel. Dêrút lies er twa gedichten foar, om te begjinnen it gedicht ‘In ko ferkeapje yn ‘e stêd Ljouwert’. It giet oer in man dy’t fan in doarp nei de stêd Ljouwert giet om in ko te ferkeapjen, mar dat kinst lêze as in metafoar foar wat it betsjut om libjend yn in gruttere taal poëzij te meitsje yn in lytse taal en dat ek noch oan de man te bringen.
It twadde gedicht ‘It meitsjen fan in hynder’ giet fansels net (allinnich) letterlik oer it meitsje fan in hynder, mar (ek) oer it meitsjen fan in gedicht. It gedicht begjint mei de strofe:
Men kin myn wize master allinnich mar romje; hy hat foar my in nij hynder makke. Ik stie derby, en haw fan him de keunst ôfsjoen: nou kin ik it hyndermeitsjen sels
en it einiget mei:
Dy selsmakke hynders ferdwine.
Ik skilderje op doek, ik kleurje mei stift.
Wriuw óp dat skoft, kom mei sekundêre fieding.
Sá joust in hynder skonken, kwetsber op it wite flak.
Dêrnei krige de Fryske deputearre fan Kultuur Sytske Poepjes it earste eksimplaar, mei in prachtige hynstekop op it omkaft, skildere troch Johan Haanstra. “Us taal libbet”, sa begûn deputearre Sytske Poepjes har ferhaal. Yn har spontane en waarme praatsje makke se dúdlik dat se hjir net allinnich spriek as ‘deputearre fan de Twabaksmarkt’, mar ek as ‘Sytske út Makkum’. De taal libbet, sa sei se, om’t it skiednis hat – sjoch mar nei it boek mei de ferhalen fan Waling Dykstra – en om’t der eltse kear nei wurk mei makke wurdt, sjoch mar nei de gedichten fan Abe de Vries yn Blaumelly. En de taal leit ticht by ús hert en ús identiteit en jout hâldfêst yn dizze balstjurrige tiden. Sa binne ek de twa boeken dy’t op dizze middei presintearre binne, sa sei se, boeien dêr’t wy ús yn roerige tiden oan fêsthâlde kinne.
En sa wie it in besteklike middei, sa sei ek Sytske Poepjes. In noflik neipetear mei in drankje derby koe fansels net. Wat wol noch koe nei ôfrin wie it keapjen fan de beide boeken foar in skaplike priis en dêr waard ek moai gebrûk fan makke. Neist Blaumelly fan Abe de Vries en Folksskriuwer mei de ferhalen fan Waling Dykstra wie ek de ferline moanne ferskynde útjefte fan Utjouwerij DeRyp te keap: Omstreken, fersen fan Eppie Dam by skilderijen fan Fryske lânskippen fan Johan Haanstra.
* De hiele lêzing fan Abe de Vries stiet op syn weblog.
** De hiele lêzing fan Goffe Jensma stiet hjir.
Mear ynformaasje oer Blaumelly
Mear ynformaasje oer Waling Dykstra. Folksskriuwer
Geef een reactie