Ids de Roos skriuwt boek oer syn berteplak Skarl

geplaatst in: Geen categorie | 0

De skiednis faan Skarl, smoute femyljeferhalen, it buorkjen fan syn heit, de ferhâlding mei de foarname âld-Warnser menistefemyljes dy’t eigeners wiene fan de pleats, de enersjytransysje yn syn tiid, it folk dat oan ‘e doar kaam, de middenstân fan Warns, bijnammen yn it doarp. Allegjear waarnimmings fan de skriuwer opdien yn syn jonge jierren. It boek Ska(r)l (echte Skalders sprekke de r net út) Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke hat in grut ferskaat oan ûnderwerpen, en dizze letbloeier skriuwt it mei flotte pêne op.

Ids de Roos (1954) is doe’t er 18 wie offysjeel de hús út gien, mar hat Skarl en ek Warns noait helendal loslitte kinnen. De skiep dy’t er hâldt, krije noch altyd de nammen fan buertgenoaten fan doedestiids. In soad dingen steane him noch helder foar de geast: Skarl en Warns as boeredoarpen, de feekeapman, in skoalmaat dy’t wilsterflapper wurde moast, it ferhaal fan syn heit oer de koppige fiskerman Sjouke Bot.  Doarpstypes lykas kleanmakker Klaas Snider of turfskipper Jabik Minses wurde ta libben brocht yn de oerlevere ferhalen fan syn mem. Mar ek Ids syn eigen belevenissen op skoalle en yn de sixties en de konneksje mei Staveren komme oan ‘e oarder.

Foto’s stypje de tige lêsbare ferhalen, dy’t foar it grutste part earder al ferskynd binne yn de Warnser Poarte, de doarpskrante. De skriuwer brûkt net altiten it offisjele Frysk, mar lit de taal fan it gea klinke.
Skar(r)l. Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke wurdt presintearre op sneon 3 septimber om 14 ûre op de pleats fan de famylje Dykstra, Skarl nû. 5. Eltsenien is wolkom.

Ids de Roos schrijft boek over zijn geboorteplaats Skarl.

De geschiedenis vam Skarl, de smeuïge familieverhalen, zijn vader als boer, de verhouding tot de voorname oud-Warnser menistefamilies die eigenaar waren van hun boerderij, de energie- transitie in die tijd, de mensen die aan de deur kwamen, de Warnser middenstand, bijnamen van mensen in het dorp. Allemaal bevindingen van de schrijver uit zijn jeugd. Het boek Ska(r)l (echte Skalders spreken de r niet uit) Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke heeft een grote verscheidenheid aan onderwerpen. Ids de Roos beschrijft dat met een vlotte pen.

De leesbare verhalen worden levendig gemaakt door foto’s daterend uit de jaren zestig en zeventig. Interessant is ook het feit dat de schrijver aandacht besteedt aan de taal (het Gaasterlands) wat in deze regio gesproken werd en die soms danig af week van het elders in de Provincie gesproken Fries.

Veel van de verhalen verschenen gedeeltelijk eerder in de Warnser Poarte, de dorpskrant van Warns.
Skar(r)l. Ferhalen út myn lytse Súdwesthoeke wordt gepresenteerd op zaterdag 3 september om 14 uur op de boerderij van de familie Dykstra, Skerl nr 5. Iedereen is welkom.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *