Goffe Jensma: ‘Ik hie myn paad fûn’.

geplaatst in: Geen categorie | 0

Emearitus-heechlearaar Goffe Jensma hold in praatsje by de presintaasje fan Jij, laatste rebel! / Do, lêste rebel!, in karlêzing fan 45 gedichten fan de Nederlânske dichter H.H. ter Balkt mei de Fryske oersetting fan Abe de Vries, útjûn trtoch Utjouwerij DeRyp. Syn taspraak joech er de titel: ‘Ik hie myn paad fûn’. It blykte dat syn paad nei de poëzy, nei ‘it ûnsisbere’ lykas hy dat neamde,begûn wie mei de dichtbondel Groenboek (1973) fan Habakuk II de Balker, it pseudon ym dat H.H. ter Balk doetiids brûkte. Jensma wie bliid dat er de poëtyske stim dy’t hy fyftich jier ferlyn fûn hie fia de Nederlânske gedichten fan Ter Balkt no ek yn syn memmetaal, it Frysk, hearre koe, mei tank oan Abe de Vries. Ta beslút fan syn praatsje lies Jensma it gedicht ‘Eigen weg’ fan Ter Balkt foar, yn de oersetting fan De Vries: ‘Eigen dyk’.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *