Fryske útjouwers jouwe Oekraynsk printeboek út yn it Frysk

geplaatst in: Geen categorie | 0

Opbringsten Maia en har freonen foar UNICEF-Oekraïne

Under oanfiering fan Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp slaan de Fryske útjouwers de hannen gear en jouwe it Oekraynske printeboek Maya and her moms út yn it Frysk. De opbringsten fan de ferkeap komme te’n goede oan UNICEF-Oekraïne, foar help oan bern dêr yn de oarloch. Skriuwster Tialda Hoogeveen fersoarget de Fryske oersetting fan it boek. Sy makke Hille Faber attint op it inisjatyf, dat al troch mear lannen oppakt is. It boek ‘Maia en har freonen’ ferskynt yn april, mar kin no al besteld wurde by Boeken fan Fryslân foar € 10,-.

It berneboek Maia en har freonen sil belangeleas útbrocht wurde yn ferskate lannen, wêrûnder Ingelân, Dútslân, Poalen en Finlân, en no dus ek yn Fryslân. De auteur fan it boek, Larysa Denysenko, hat spesjaal foar dizze útjefte in nije ynlieding skreaun. Dat die se wylst sy mei har mem en har hûn skûlje moast foar in raketoanfal op Kiev. De yllustraasjes binne fan Masha Foya.

Maia en har freonen

It boek giet oer it famke Maia en har klasgenoaten en harren húshâldingen, dy’t allegearre ferskillend gearstald binne. De iene hat in heit en in mem, de oare twa memmen en wer in oar hat in styfmem of in donorheit. It sintrale tema is eins dat bern har oeral feilich fiele moatte. En dy feiligens is op ’t heden yn Oekraïne fier te sykjen, no’t famyljes flechtsje en útinoar falle.

Gearwurking

De provinsje Fryslân, drukkerij Van der Eems en ferskate fûnsen stypje it projekt fan de Fryske útjouwers. It boek ferskynt ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en kin besteld wurde fia ynfo@boekenfanfryslan.frl. Boeken fan Fryslân is der foar alle útjouwers yn Fryslân en set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek.

Friese uitgevers geven Oekraïens prentenboek uit in het Fries

Opbrengsten Maia en har freonen voor UNICEF-Oekraïne

Onder aanvoering van Hille Faber van Utjouwerij DeRyp slaan de Friese uitgevers de handen ineen en geven het Oekraïense prentenboek Maya and her moms uit in het Fries. De opbrengsten van de verkoop komen ten goede aan UNICEF-Oekraïne, voor hulp aan kinderen aldaar in de oorlog. Schrijfster Tialda Hoogeveen verzorgt de Friese vertaling van het boek. Zij maakte Hille Faber attent op het initiatief, dat al door meer landen is opgepakt. Het boek ‘Maia en har freonen’ verschijnt in april, maar is nu al te bestellen bij Boeken fan Fryslân voor € 10,-.

Het kinderboek Maia en har freonen zal belangeloos worden uitgebracht in verschillende landen,
waaronder Engeland, Duitsland, Polen en Finland, en nu dus ook in Fryslân. De auteur van het boek,
Larysa Denysenko, heeft speciaal voor deze uitgave een nieuwe inleiding geschreven. Dat deed ze
terwijl ze met haar moeder en haar hond moest schuilen voor een raketaanval op Kiev. De illustraties
zijn van Masha Foya.

Maia en har freonen

Het boek gaat over het meisje Maia en haar klasgenoten en hun gezinnen, die allemaal verschillend samengesteld zijn. De een heeft een vader en een moeder, de ander twee moeders en weer een ander heeft een stiefmoeder of een donorvader. Het centrale thema is eigenlijk dat kinderen zich overal veilig moeten voelen. En die veiligheid is op dit moment in Oekraïne ver te zoeken, nu families vluchten en uiteenvallen.

Samenwerking

De provincie Fryslân, drukkerij Van der Eems en verschillende fondsen ondersteunen het project van de Friese uitgevers. Het boek verschijnt onder de vlag van Boeken fan Fryslân en kan besteld worden via info@boekenfanfryslan.frl. Boeken fan Fryslân is er voor alle uitgevers in Fryslân en zet zich in voor de lees- en verkoopbevordering van het Friese boek.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *