Boekpresintaasje ‘It grutte swijen’ makket yndruk

geplaatst in: Geen categorie | 0

Op woansdeitejûn 4 maaie, oanslutend op de deadebetinking, waard yn De Klink yn Koudum it boek It grutte swijen presintearre. Net faak sil in boekpresintaasje sa stylfol west hawwe en de tige goed folle grutte seal fan it Koudumer doarpshûs wie dan ek ûnder de yndruk, mei troch de muzikale meiwurking fan fanfare Nij Libben en de teätrale ynfolling fan teätergroep Sult. It grutte swijen is skreaun troch Jan de Vries en Ytsje Hettinga en hat as ûndertitel ‘De moord op Piebe Hoekema en de gevolgen’. It earste eksimplaar fan it boek waard troch de skriuwers oanbean oan Oeki Hoekema.

“Kom vanavond met verhalen hoe de oorlog is verdwenen, en herhaal ze honderd malen: alle malen zal ik wenen.” Mei dizze rigels út it gedicht ‘Vrede’ fan Leo Vroman yntrodusearre Jelle van der Meulen fan Utjouwerij DeRyp it ferhaal dat mei it boek ferteld wurdt. Dat ferhaal begjint mei it deasjitten yn novimber 1944 fan de 22-jierrige Koudumer Piebe Hoekema. Hy waard by Norg, yn Drinte, deasketten troch de Dútsers. Syn suster Tet Hoekema wenne doe yn Apeldoorn en kaam nei Koudum werom om de famylje te stypjen.

Tet reizge fan Apeldoorn fia Steenwijk nei Koudum. Fan Steenwijk ôf waard se nei Koudum brocht – efterop de fyts – troch in wat mysterieuze jongfeint, Arend Klee, dy ‘t wenjen bleau yn it húshâlden fan de Hoekema’s yn Koudum. Hy waard begjin 1945 as ferrieder deasketten troch it ferset en is offisjeel as fermist opjûn. Boppedat die út it histoarysk ûndersyk fan Jan de Vries bliken dat der nei alle gedachten noch in twadde ferrieder by Koudum troch it ferset likwidearre is.

De Vries sei mei klam yn syn praatsje oer it histoarysk ûndersyk dat hy dêr dûbele gefoelens oer hat. Hy hat der jierren oer dien om de skiednis fan de winter fan 1944-1945 goed yn kaart te bringen, mar dat foel noch net ta, omdat mooglike belutsenen en harren neibesteanden dêr noch hieltyd oer swijen bleaune. En hy trochbrekt mei de publikaasje fan it boek einliks dat swijen.

Yn alle gefallen soe dit Koudumer oarlochsferhaal it útgongspunt wurde foar it stik dat teätergroep Sult spylje soe ta gelegenheid fan de 75-jierrige befrijing fan Koudum yn april 2020. Ytsje Hettinga skreau dat stik en sy keas net foar it neifertellen fan de skiednis. Se keas derfoar om trije monologen te skriuwen, fan trije froulju: Geeske Hoekema, de mem dy ‘t har soan Piebe kwytrekke, Tet Hoekema, de sus fan Piebe, en Berendina de Vries, de mem fan Arend Klee.

Troch alle koroanaperikels is it stik nea spile, mar by de boekpresintaasje liezen trije aktrises fan Sult (Ytsje Kramer, Ytsje Hettinga en Feikje Hovenga) fragminten foar út de ynkringende monologen fan de twa memmen dy ‘t yn de oarloch harren soannen kwytrekke binne en fan de sus dy ‘t der ûnbedoeld de oarsaak fan wie dat der in ferrieder nei Koudum kaam. Yn de monolooch fan mem Geeske Hoekema tinkt sy op in gegeven momint oan de fuotbaltalinten fan Piebe dy ‘t as talintfolle midfoar by Oeverzwaluwen spile:

Talintfolle midfoar hin
Tsjonge jonge wat in doelpunten al
Blikstiender Piebe sis ik dan
Wisten jo dat net fan ús Piebe…
Seit jo neat… Nee, sil wol net…

Oeki dan…Oeki Hoekema…
Ja dan ha wy it wol oer in generaasje letter fansels mar…
Oekie… de soan fan ús jongste soan Jan
Seit jo dát wat
De Hoekema’s ha altyd fuotballe, hin
Altyd fûl dertsjinoan…
Of yn ferset
By fuotbal
By oarloch
Altyd

Dizze passaazje út it boek wie der mei de reden foar dat it earste eksimplaar fan It grutte swijen oanbean waard oan de eks-proffuotballer Oeki Hoekema. Want it toanielstik is nea spile, mar it boek mei de histoaryske ynlieding fan Jan de Vries en de monologen fan Ytsje Hettinga is der wol kaam. Yn it boek steane ek inkelde foto’s út de tiid fan de oarloch en sels inkelde foto’s fan it toanielstik dat nea spile is.

Tusken de ferhalen dy ‘t op dizze boekpresintaasje nei foaren brocht waarden, spile Nij Libben in trijetal oangripende muzykstikken, wêrûnder it stik ‘Hoop’ fan Louis van Dijk yn in arranzjemint fan H. van der Heide. In net-Koudumer fertelde nei ôfrin fan de presintaasje dat se sa ferrast wie troch de waarme klank fan it orkest fan Nij Libben en oandien wie troch de keazen muzykstikken. En dat wie ek it gefoel fan de measte oanwêzigen by dizze presintaasje dy’t yndruk makke en dy ‘t in weardich slot foarme fan de Deadebetinking op 4 maaie 2022 yn Koudum.

Nei ôfrin koe it boek It grutte swijen fansels kocht wurde en gâns minsken makken dêr gebrûk fan en lieten it boek troch de beide auteurs sinjearje. It boek is fan 5 maaie ôf te keap by inkelde Fryske boekwinkels en fia inkelde websjops, wêrûnder dy fan Utjouwerij DeRyp.



N.B. Dizze boekpresintaasje is mooglik makke
troch in bydrage fan it Ondernemersfonds Súdwest-Fryslân.

programma boekpresintaasje It grutte swijen

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *