Boekpresintaasje/Boekpresentatie: De 13 fan Obbe Sjutsje

geplaatst in: Geen categorie | 0

Nederlandse tekst hieronder

Op 12 maaie oansteande (Âlde Maaie) ferskynt by útjouwerij DeRyp te Warkum in boek dat him benammen ôfspilet yn en ûnder Blauhús, yn it bysûnder yn de boerestreek dy ‘t Sânfirderryp neamd wurdt.

It boek mei de titel ‘ De 13 fan Obbe Sjutsje ’ (De 13 van Obbes Sjutje) giet oer wat de beide auteurs yn harren ynlieding ‘gewoane minsken’ neame. In neiere beskôging fan ‘e ynhâld leart dat dy oantsjutting by lange nei de lading net dekt. It giet hjir om in goed útdjippe (sosjaal-histoaryske) skiednis fan in fenomeen, nammentlik psychiatryske problemen yn in boerehúshâlding, Roomsk-katolyk, op in frijwat ôfhandich plak op it plattelân fan Fryslân.

Om koart te wêzen: fan de grutte húshâlding – trettjin bern – waarden op syn minst seis fanwegen skizofreny yn in psychiatryske ynrjochting ûnderbrocht, in unyk mar tige tryst unikum. It boek beskriuwt dizze gefallen, binnen en bûten de troffen húshâlding. It sosjale aspekt, de impact derfan op gesinsleden, buorlju, kunde, doarpsbewenners en behannelers fan de pasjinten, en harren reaksjes dêrop, wurde beljochte. It boek kin sjoen wurde as in oant no folslein ûnderbeljocht bleaune skiednis oer it ‘net goed’ wêzen op it plattelân, sa ’t de auteurs it neame. It feit dat auteur Mechtilde Postma in dochter is fan de iennichste út de húshâlding dy ‘t troude, ferklearret har belutsenens en it keazen perspektyf.

Dêrnjonken jout it boek in yntym byld fan it Fryske boerelibben tusken likernôch 1850 -1980. Hoewol ‘t dêr wol meardere foarbylden fan te finen binne, is de kombinaasje mei it skizofreny-aspekt unyk. Om it ferhaal in beskate autentisiteit te jaan is derfoar keazen om it boek yn it Frysk ferskine te litten, wêrby ‘t de lêzer mei it pleatslike, soms ôfwikende idioom as paadwizer troch dy skiednis fierd wurdt.

Op 12 maaie tusken 16.00 en 18.00 oere sille auteur Goaitsen van der Vliet en útjouwer Hille Faber yn kafee ‘De Freonskip’ yn Blauhús oanwêzich wêze om it útkommen fan it boek te bekrêftigjen. Fansels binne hja ree om eventuele fragen oer de ynhâld en it ta stân kommen fan it boek te beäntwurdzjen. Belangstellenden binne fan herte wolkom.

Nederlandse tekst onder de foto

De 13 fan Obbe Sjutsje. De singeliere histoarje fan de Postma’s fan De Tempel yn ‘e Sânfurdterryp) door Mechtilde Postma & Goaitsen van der Vliet

Op 12 mei aanstaande (Âlde Maaie) verschijnt bij uitgeverij DeRyp te Workum een boek dat zich voornamelijk afspeelt in en onder Blauwhuis, in het bijzonder in de boerenstreek die Sandfirderrijp wordt genoemd.

Het boek met de titel ‘De 13 fan Obbe Sjutsje’ (De 13 van Obbes Sjutje) gaat over wat de beide auteurs in hun inleiding gewone mensen noemen. Een nadere beschouwing van de inhoud leert dat die aanduiding bij lange na de lading niet dekt. Het gaat hier om een goed uitgediepte (sociaal-historische) geschiedenis van een fenomeen, namelijk psychiatrische problemen in een boerengezin, Rooms-katholiek, op een nogal afgelegen plek op het platteland van Fryslân.  

Om kort te zijn: van het grote gezin – dertien kinderen – werden minstens zes wegens schizofrenie, een uniek maar zeer triest unicum, in een psychiatrische inrichting ondergebracht. Het boek beschrijft deze gevallen, binnen en buiten het getroffen gezin. Het sociale aspect, de impact ervan op gezinsleden, buren, kennissen, dorpsbewoners en behandelaars van de patiënten, en hun reacties hierop, worden belicht. Het boek kan worden gezien als een tot nu geheel onderbelicht gebleven geschiedenis over het ‘niet goed’ zijn op het platteland, zoals de auteurs het noemen. Het gegeven dat auteur Mechtilde Postma een dochter is van de enige uit het gezin die trouwde, verklaart haar betrokkenheid en het gekozen perspectief.

Hiernaast geeft het boek een intiem beeld van het Friese boerenleven tussen ca. 1850-1980. Hoewel daar wel meerdere voorbeelden van zijn te vinden, is de combinatie met het schizofrenie-aspect uniek. Om het verhaal een zekere authenticiteit te geven is ervoor gekozen om het boek in het Fries te doen verschijnen, waarbij de lezer met het plaatselijke, soms afwijkende idioom als leidraad door die geschiedenis wordt gevoerd.

Op 12 mei tussen 16.00 en 18.00 uur zullen auteur Goaitsen van der Vliet en uitgever Hille Faber in café ‘De Freonskip’ in Blauwhuis aanwezig zijn om het uitkomen van het boek te bekrachtigen. Natuurlijk zijn zij bereid eventuele vragen over de inhoud en totstandkoming van het boek te beantwoorden. Belangstellenden zijn van harte welkom.

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.