‘Toochdagen’ Marten Groenhof

geplaatst in: Geen categorie | 0

Op 28 en 29 augustus binne der yn it doarpshûs It Swaeigat fan It Heidenskip saneamde ‘ Toochdagen ’ fan it wurk fan de Heidenskipster skilder Marten Groenhof . Op dit stuit is útjouwerij DeRyp dwaande mei it ta stân bringen fan in boek oer Groenhof. De útjouwer pleatste in berjocht yn de pleatslike krante (de Friso), dêr’t yn frege waard nei minsken dy’t in wurk fan dizze skilder yn besit hawwe.

Dêr is boppe ferwachting op reagearre. Der binne in lytse hûndert wurken boppe wetter kommen. Op de ‘Toochdagen’ sille dizze wurkje profesjoneel op ‘e foto set wurde. Boppedat wurde de gegevens fan de skilderijen registrearre dat der wat mear sicht komt wêr’t de skilderijen bedarre binne en yn hokker steat se binne.

Op freed 28 augustus wurdt de middeis om twa oere begûn mei dy put. Op sneon is de start om 10 oere. Mochten der minsken binne dy ‘ t him mei in tekening , akwarel of oaljeferveskilderij fan Marten Groenhof oanmelde wolle, dan kin dat. Stjoer dan in mailtje nei utjouwerijderyp@gmail.com. It seit himsels dat minsken mei niget oan it wurk fan Marten Groenhof ek wolkom binne op 28 en 29 augustus yn doarpshûs It Swaeigat yn it Heidenskip.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *