Skiednisboek, dokumintêre, roman
Dizze sekuer opmakke famyljehistoarje hâldt it midden tusken in skiednisboek, in dokumintêre en in roman. De ferhalen oer de minsken, de tiid en it deistich boere- en katolike libben fan ‘e Postma’s fan De Tempel yn ‘e Sânfurdterryp binne mei in soad detail beskreaun. De foto’s, kaartsjes, nammen en plaknammen befredigje de nijsgjirrichheid boppedat en jouwe antwurd op hast alle mooglike fragen dy’t by de lêzer opkomme. Nea is de ynformaasje sa wiidweidich dat je de tried kwyt reitsje. Helpjend is ek dat ferdjipjende útstapkes regelmjittich as fuotnoat ûnderoan de side stean. En at je dochs noch mear earne oer witte wolle, dan jout Google útkomst. Ik haw gjin flater fine kind yn it boek, op wat setflaterkes nei (fuotnoat 5 oant ‘e mei 9 yn it haadstik ‘Obe’ binne foutyf nûmere). Oant safier de literêre resinsje.
De Postma’s binne in bysûnder gesin dat swier belêst is mei psychiatryske syktes (wêrûnder skizofreny). Dêrtroch rint er in hiel yndrukwekkende twadde ferhaalline troch dit boek. Dy fan it omgean mei ‘net goed wêze’ yn de 20e iuw. It yn ‘e adolessinsje ‘net goed wurde’ fan it iene nei it oare bern en ek it ‘by flagen net goed wêze’ fan mem Sjutsje, roppe fernuvering en meilibben op. Hoe koe it sa komme? En hoe rêden sy it mei mekoar yn dy sluten mienskip, dêr oan ‘e ein fan ‘e wrâld? Hjir krije je as lêzer byldzjend antwurd op.
Wichtich stik fakliteratuer
Fan alle gesinsleden wurdt it libbensferhaal yn in eigen haadstik beskreaun en as lêzer krije je sa in hieltyd better begryp fan hoe ‘t sy mei mekoar omgiene en hoe ‘t sy mekoar belibben. De prachtige sitaten en werinnerings fan minsken dy’t harren kend ha, drage hjir oan by. Wat nei it lêzen fan it boek noch lang fernúverjen bliuwt is hoe opfallend gewoan der omgien waard mei it ûngewoane gedrach fan de gesinsleden, ek binnen de mienskip. Dêr kinne wy hjoeddeis noch wol wat fan leare. Ôfslutend is dit it wichtichste stik fakliteratuer dat ik de ôfrûne tiid lêzen haw.
Anneke Hol-Steegstra
Klynysk psycholoog GGZ Friesland, Franeker
Goaitsen van der Vliet
Men kin wol minder boadskip krije…
Grada Otten-Postma
Bedankt Anneke voor je mooie en waardevolle recensie.
Anneke Hol
Graach dien!
Gerry Labordus
Sa bliid mei dit boek oer ús buorlju fan eartiids. Wêryn my in soad dúdlik wurden is.