Yn de Leeuwarder Courant fan 29 febrewaris 2024 stie in loovjende resinsje fan Albertina Soepboer fan de dichtbondel Bloedrpikke fan Abe de Vries. De bondel, útjûn troch Utjouwerij DeRyp, waard op 7 novimber presintearre by boekhannel Van der Velde yn Snits.
Soepboer begjint har besprek mei twa fragen: “Hoe kinst wurklikheid werjaan as dy wurklikheid ôfbrokkelet?As de grinzen fan de wrâld yn oarloch ferglydzje of it libben sels net wis is?” Dêrnei seit hja dat Abe de Vries de antwurden op dy fragen tichtby himsels en oer de grins hinne siket. “Yn syn nije bondel Bloedprikke steane neist eigen gedichten, oersettings fan de Russyske dichters Anna Achmatova en Joseph Brodsky.” It besprek einiget dan ek mei in foto fan de dichter Joseph Brodsky, nei de oprop: “lês dy bondel“
Yn it ferfolch fan de resinsje skriuwt Albertina Soepboer:
Dy titel Bloedprikke is it tema fan it earste gedicht. Want op de dei dat dat gebeure sil, komt der fan alles nei boppen ta: ‘en de boeken telle moatst dy’tst net skreaun hast, / en do giest derút: / De blaumellys stean rjochtop yn ’e biten dy dei, / fan it weet bleau inkeld rûchte oer, / mar yn ‘e helte fan ‘e rêgen bedobbe leit noch it goud.’ It is it begjin fan heldere observaasjes oer tiid en wat wêzentlik is. Mei as hichtepunt in searje oer Ouwesylsterfeart: ‘In wreed tebinnenbringen: / de simmerkuier lâns jûntiids beplomme reiden / op nei de weetmûne.’
De Vries lit him sjen as barok dichter yn Dwerse Elegyen, gedichten oer tragyk en dea yn it heitelân. Yn oerdiedige en rake taal sketst er in dichter dy’t net foar in nij fillapark of de leeljeline skriuwt, mar: ‘Ik wol inkeld noch rinne / as banneling foar myn bern.’
Fan Koarnwert ôf, doarp fan Obe Postma, lit er bygelyks in boatsje sile mei de boerinne fan Surch as Kate op de Titanic. Neat is noch hillich en alles is yn ferfal.
Dy Dwerse Elegyen slute prachtich oan op oersettings fan Anna Achmatova.(1889-1966) Achmatova har libben wie nau ferbûn mei alle feroarings yn Ruslân yn de foarige iuw. Dat rekke ek har leafsten:
Praat net oer it noarden en syn drôfenis
en freze en lilkaardich lot.
Want wier dit is reden foar in feest:
do en ik, ús wegen skiede hjoed.
Lit mar sitte dat de moanne ús net achterfolgje sil
en de dage dat do en ik inoar net treffe.
Soepboer sitearret hjir it begjin fan de lêste oersetting fan Anna Achmatova yn Bloedprikke, in fers út 1959. Dan giet se fierder mei har besprek:
Joseph Brodsky (1940-1996) kaam as jong dichter wol op besite by Achmatova. Doe’t er yn 1967 útset waard nei de VS naam er as dichter syn taal mei. De Vries hat fan him de skitterende searje gedichten Lullaby of Cape Cod oerset. Dy geane oer persoanlik isolemint, it benearjende fan de grutmachten, de Sovjetuny en de VS, en hoe lyts as in minske dan is.
Abe de Vries hat mei Bloedprikke in prachtige bondel skreaun. Syn taalrykdom fan eigen gedichten en oersettings jout oan de bondel in unike stim. Syn fragen nei wat tiid is en wat de kearn is fan dingen smyt in protte moais op. De kar om twa Russyske dichters oer te setten lit de hjoeddeiske hektyk stil falle en mei oare eagen besjen. Der bliuwt neat oars oer: lês dy bondel.
Geef een reactie