Presintaasje mei konsert giet net troch

geplaatst in: Geen categorie | 0

Bêste minsken,

Ta ús spyt moatte wy jim meidiele dat de foarnommen boekpresintaasje fan Ik ha myn kobist fêstbûn oan in appelbeam/Ik bond mijn koe vast aan een appelboom fan Abe de Vries mei it konsert fan fioelist Tim de Vries op 17 july  oansteande yn Warkum net trochgean kin.

De sitewaasje mei de no wer hiel hurd tanimmende fersprieding fan it koroana-firus hat makke dat wy dat drege beslút nimme moatte. De kâns dat Nederlân fan ’e wike neffens ynternasjonale noarmen in ‘koade read’ lân wurdt, is foar Tim te grut om syn optreden trochgean te litten. As er werom nei Eastenryk fleane moat op it stuit dat Nederlân ‘koade read’ is, moat er yn Wenen tsien dagen yn karantêne. Yn it belang fan syn oplieding wol er dat fansels tefoarren komme. Dat begripe wy. Hy reizget dêrom moarn (moandei 12 july) al werom.

Dêrneist wurde de risiko’s fan in presintaasje yn dizze omstannichheden ek foar it publyk hieltyd grutter. Wy hawwe gjin oare kar meitsje kinnen as om de boekpresintaasje en it konsert net trochgean te litten, hoe dreech ús – en Tim – dat beslút ek falt. Wy tankje jimme foar de belangstelling en wy hoopje dat wy op in oar stuit Tim dochs in kear nei Warkum helje kinne.

Hille Faber (Utjouwerij DeRyp) en Abe de Vries

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *