Oprop fotografearjen skilderijen Groenhof suksesfol

geplaatst in: Geen categorie | 1

In grut sukses, dat kin men de oprop om skilderijen fan Marten Groenhof (1925-1978) fotografearje te litten wol neame. Mar leafst 150 wurken fan de Heidenskipster boer en skilder Groenhof binne freed 28 en sneon 29 augustus op ‘e foto set. Hoewol ‘t it sneontemiddei rêstiger waard, wie it freedtemiddei en sneontemoarn yn it doarpshûs fan It Heidenskip in kommen en gean fan minsken mei skilderijen fan Groenhof ûnder de earm.

Foaral freedtemiddei wie it in drokte fan belang. Mei help fan keunstskilder en restaurateur Bouke Hobma ynventarisearren Hille Faber en Jan Pieter Dijkstra fan Utjouwerij DeRyp de ynbrochte wurken, wêrnei’t fotograaf Jan Tysma fan Aldemardum der in foto fan makke. Utjouwerij DeRyp wol yn novimber in boek útjaan mei sa’n fjirtich foto’s fan wurk fan Marten Groenhof. Jan Pieter Dijkstra hat de ynlieding, mei in biografy fan Groenhof, al klear.

Marten Groenhof skildere benammen lânskippen, faak mei pleatsen yn It Heidenskip. Syn eigen pleats bygelyks, nei syn dea noch jierren fuortset troch syn frou, mar ek safolle oare pleatsen. Ek it tsjerkje en de buorren fan It Heidenskip skildere er ferskate kearen en dy skilderijen tsjinnen mear as ienris as houliksgeskink. Dêrneist makke er in soad mar- en seegesichten mei skûtsjes en oare sylskippen yn aksje. It skûtsje fan de Súdwesthoeke skildere er sels wol trije kear.

Yn de regionale parse hie Utjouwerij DeRyp de oprop dien om mei wurk fan Marten Groenhof nei de saneamde Toochdagen yn It Heidenskip te kommen. Fan te foaren tocht de útjouwer dochs wol in pear tsientallen wurken fan Groenhof op it spoar te kommen, mar dat der safolle skilderijen op ‘e foto set wurden koene, wie boppe ferwachting. En noch altyd krijt de útjouwer mailtsjes mei foto’s binnen fan minsken dy’t net op de ‘toochdagen ’ oanwêzich wêze koene. It wurdt noch in hiele toer om in seleksje te meitsjen út dit grut tal skilderijen.

It Friesch Dagblad hie sneon 29 augustus in aardich artikeltsje oer de ‘Toochdag’ fan freed. Ek GrootSneek pleatste in stikje mei in moaie foto.

  1. Harmen Eyzenga

    Beste mevrouw/meneer,
    Ik heb net het mooie artikel gelezen in de Leeuwarder Courant van 02-01-2021 over Marten Groenhof.
    Ook ik ben in het bezit van een aquarel van Groenhof.
    Groenhof heeft destijds een prachtige muurschildering gemaakt in het toen nieuwe bankgebouw van de RABO bank in Heerenveen.
    Als jonge man heb ik heel veel vol bewondering gekeken hoe het op de muur werd aangebracht.
    De eenvoud van Groenhof en de simpele benadering van zijn kunst heb ik heel erg bewonderd. Hij kwam elke dag met openbaar vervoer, had een aktetasje bij zich met daarin een overall en thermosfles met drinken en een broodbakje en ging dan aan het werk.
    Toen uiteindelijk het kunstwerk klaar was heb ik het origineel dat hij altijd mee nam in een koker van Groenhof gekregen.
    Ik ben er nog altijd trots op en het hangt sinds die tijd bij ons in huis.
    Jammer genoeg is de muurschildering samen met de RABO bank afgebroken en dus ook hiermee verdwenen.
    Maar ik ben de trotse bezitter van het origineel !!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *