Leeuwarder Courant fan 24 juny 2022 oer ‘De 13 fan Obbe Sjutsje’

geplaatst in: Geen categorie | 0

Yn de wike nei’t ús útjefte De 13 fan Obbe Sjutsje útferkocht rekke, kaam der in grut stik fan Sietse de Vries yn de Leeuwarder Courant.

Se wiene kreas fan uterlik, de measten koene goed leare en ek op it iis hearden se ta de bêsten. Mar der wie wat mei de trettjin bern fan Obbe en Sjutsje Postma fan de Sânfurderryp. Broeder Dominicus Roelofs fan de Sint Jozefstichting yn Apeldoorn, dêr’t fjouwer Postma’s in grut part fan har libben trochbrochten, neamde se ‘de familie Smart’.

De ien sei fan harsels dat se it krigen hie ‘ûnder it striken yn it âlde hûs’, de oar soe ‘him oer de kop leard’ ha. Wat mear bern opnommen waarden, wat dúdlik waard dat it net fan it striken of it learen kaam, mar dat der in genetyske doem oer de trettjin broers en susters lei. Se makken diel út fan in ‘zeer belaste familie’.

Fan de fjirtjin bern dy’t Obbe Postma en Sjutsje Ydema op ’e wrâld setten – ien fan har stoar jong – is der mar ien troud. Seis soannen waarden, doe’t se in jier as tweintich wiene, opnommen yn in tehûs en soene dêr de rest fan har libben bliuwe. Trije oaren moast en sa no en dan foar koartere of langere tiid ‘fuort’. Fan de oare fjouwer is Harm de iennichste dy’t troud is en bern krigen hat. It wie him noch net tafallen en fyn in frou, want elkenien yn ’e omkriten fan Blauhús wist: de Postma’s, dêr is wat mei.

Ien fan de beide dochters fan Harm, Mechtilde Postma, hat yn ’e mande mei skriuwer Goaitsen van der Vliet in boek makke oer har famylje: De 13 fan Obbe Sjutsje . It is in benearjend, mar ek yndrukwekkend portret wurden fan in famylje dêr’t it needlot kear op kear tasloech.

Yn it ferfolch fan it artikel jout De Vries in gearfetting fan it boek en fertelt er koart wat der mei de 13 bern fan Obbe en Sjutsje Postma bard is. Hy einiget mei de ferûnderstellingen fan de skriuwers wêr’t de skizofreny fan safolle fan de 13 bern wei komt.

It artikel fan Sietse de Vries is in zijn geheel online bij de Leeuwarder Courant te lezen.

Reacties zijn gesloten.